Springe nei ynhâld

Bacharach

Ut Wikipedy
Bacharach
Emblemen
Bestjoer
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Mainz-Bingen
ferbânsgemeente Rhein-Nahe
Stedsyndieling 5 Stadtteile
Sifers
Ynwennertal 1.837 (31.12.20229)
Oerflak 23,33 km²
Befolkingsticht. 79 ynw./km²
Hichte 70 meter boppe seenivo
Oar
Postkoade 55422
Koördinaten 50° 3'N 7° 46'E
Offisjele webside
www.bacharach.de
Kaart
Bacharach (Rynlân-Palts)
Bacharach

Bacharach (ek bekend ûnder de namme Bacharach am Rhein) is in stêd oan 'e Ryn en leit oan 'e Bundesstraße 9 yn 'e lânkring Mainz-Bingen yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. De oarspronklike namme Baccaracus wiist op in Keltyske oarsprong. Boppe Bacharach leit de boarch Stahleck (hjoeddedei in jeugdherberch). Om Bacharach hinne is in protte wynbou.

Bacharach makket part út fan it UNESCO-wrâlderfgoed Boppe Middenryndelte en hat in skildereftich sintrum, dat alle jierren troch in soad toeristen besocht wurdt.

Ta de gemeente Bacharach wurde ek de plakken Henschhausen, Medenscheid, Neurath en Steeg rekkene.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Yn it sintrum binne oeral fakwurkhûzen te sjen.
  • Om 1344 hinne waard der útein set mei de bou fan 'e stedsmuorre. Grutte dielen dêrfan bleaune bestean, lykas ek njoggen fan 'e sechtjin ferdigeningstuorren. Oan 'e kant fan 'e Ryn giet in grut part fan Bacharach skûl efter de stedsmuorre mei trije tuorren.
  • De boarch Stahleck.
  • De protestantske, romaanske Pitertsjerke (Sankt Peter Kirche)
  • De katolike, barokke Sint-Nikolaastsjerke (Sankt Nikolauskirche), dy't op in poarte boud waard.
  • De ruïne fan 'e goatyske Wernerkapel (Wernerkapelle), in eardere beafeartstsjerke, dêr't allinnich de muorren fan stean bleaune.

Yn 2013 wie 47,4% van de ynwenners protestantsk en 30,7% katolyk.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Bacharach fan Wikimedia Commons.