Basilyk fan Us-Leaffrouwe fan 'e Ingels (Assisi)
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
|
De Basilyk fan Us-Leaffrouwe fan 'e Ingels (Italjaansk: Basilica di Santa Maria degli Angeli) is in monumintale tsjerke fan 'e lette renêssânse oan 'e foet fan 'e heuvel fan 'e Italjaanske stêd Assisi yn 'e frazione Santa Maria degli Angeli. De basilyk waard tusken 1569 en 1679 troch de arsjitekten Galeazzo Alessi en Giacomo Barozzi da Vignola oer in lytse kapel mei de namme Portiuncula boud. Dy kapel is it hillichste plak foar de Fransiskanen. De bidlersoarder fan 'e Fransiskanen as minderbruoren begûn yn dy kapel en dêr krige de noch jonge Fransiskus fan Assisi it dúdlike gefoel fan syn ropping en naam er ôfstân fan wrâldske saken om yn earmoede ûnder de earmen te libjen.
Yn it jier 2000 waard de basilyk mei oare Fransiskaanske monuminten fan Assisi ynskreaun yn it wrâlderfgoed fan UNESCO.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de dea fan Fransiskus yn 1226 bouden de muontsen ferskate lytse geboukes om de Portiuncula hinne. Yn 1230 waarden noch in pear tafoege, ynklusyf in refektoarium. Yn 'e rin fan 'e tiid waarden lytse kollonades en foarsjennings foar de muontsen tafoege. Guon fûneminten fan dy struktueren waarden tusken 1967 en 1969 by opgravings ûnder de flier fan 'e hjoeddeistige basilyk ûntdutsen.
It grutte tal pylgers dat nei Assisi teach om de "Genede fan Assisi", de saneamde Portiuncula-ôflaat, te krijen soarge dat de kapel al gau te lyts waard foar alle pylgers. De needsaak ûntstie foar in folle gruttere tsjerke, dêr't de lytsere kapel yn stean bliuwe koe. Paus Pius V liet de omlizzende gebouwen útsein de Transito-kapel ôfbrekke: it plak dêr't Sint Fransikus stoarn wie. Mei de bou fan 'e basilyk waard op 25 maart 1569 útein set.
Dat tsjerkegebou, yn dy tiid ien fan 'e grutste tsjerken fan 'e wrâld, waard ûntwurpen yn in krêftige maniëristyske styl. De arsjitekten wiene Galeazzo Alessi en Giacomo Barozzi da Vignola. Fanwegen it jild eine de bou mar stadich. De opfallende koepel, rêstend op in achthoekige tamboer waard yn 1667 foltôge. De tsjerke wie yn 1679 hielendal klear. In klokketoer waard yn 1684 tafoege. It wie ynearsten it doel om twa gelikense tuorren te bouwen, mar it bleau by ien.
Troch de swiere ierdskodding op 15 maart 1832 stoarte it tsjerkeskip, in diel fan it sydskip en it koer yn. De koepel bleau oerein, mar hie in grutte skuor. Ek de apsis en sydkapellen bleaune yntakt. De restauraasje begûn yn 1836 ûnder lieding fan 'e arsjitekt Luigi Poletti en waard yn 1840 ôfsletten. Poletti hie de gevel in nij, neoklassisistysk uterlik jûn, mar tusken 1924 en 1930 krige de foargevel ûnder ferantwurdlikens fan Cesare Bazzani (Rome, 5 maart 1873 - Rome, 30 maart 1939) syn oarspronklike maniëristyske oansjen werom. It fergulde brûnzen stânbyld fan Us Leaffrou fan 'e Ingels) waard makke troch de byldhouwer G. Colasanti en yn 1930 boppe op 'e gevel set.
Op 11 april 1909 krige de tsjerke fan paus Pius X de earetitel "patriarchale basilyk en pauselike kapel".
Omskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De basilyk hat in rjochthoekich grûnplan, ferdield tusken in tsjerkeskip en twa sydskippen mei tsien sydkapellen, in transept en in lang koer mei in healrûne apsis. De tsjerke is 126 meter lang, 65 meter breed en de koepel 75 meter heech. Under de koepel stiet de Portiuncula. Yn 'e apsis steane de heechweardich houten koerbanken fan de muontsen út 1689, de pauslike kateter mei bas-reliëfs fan E. Manfrini en it pauslike alter.
It ynterieur is ienfâldich mar elegant; de dekoraasjes binne fierder útsein yn 'e sydkapellen beheind. It skip en de sydskippen binne wer opboud yn neoklassisistyske styl troch Luigi Poletti.
De Portiuncula
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Portiuncula of Porzioncula is in lyts tsjerkje yn 'e basilyk en it hillichste plak foar Fransiskanen. It is it plak dêr't de Fransiskaanske mienskip ûnstie. Nei syn tocht nei Rome hie Fransiskus in mystike ûnderfining yn 'e ferfallen kapel fan San Damiano. It krús dat dêr hong joech Fransiskus opdracht om it hûs fan Kristus wer yn oarder te bringen. Fransiskus naam dy opdracht letterlik en gyng der fan út dat it by dy opdracht om de brekfallige kapel gyng, dêr't er hinne gien wie om te bidden. En sa renovearre Fransiskus de kapel. Hy ferkocht syn hynder en klean en libbe dêrnei in skoftke as biddelmuonts. Nei't er werom kaam nei Assisi sette er útein mei de renovaasje fan ferskillende oare brekfallige tsjerken yn Assisi. Ien dêrfan wie de 9e iuwske Portiuncula, dy't krekt bûten de stêd stie. Fuort by de kapel boude Fransiskus foar himsels in lytse sel. Al gau wie Fransiskus net mear allinnich en ûntstie der in mienskip fan muontsen. Yn 1211 krige Fransiskus de kapel fan 'e benediktynske abt fan Monte Subasio. Sa ûntstie in samling fan liemen hutten om de kapel hinne, it earste Fransiskaanske kleaster dat troch in hage omfieme wie. Al gau nei de dea Fransiskus waard de kapel fan likernôch 5,5 by 3,2 meter te lyts foar it tal pylgers.
De gevel fan 'e kapel is beskildere troch de Dútske Nazarener Johann Friedrich Overbeck (1829). In âlder fresko út 1492 fan Nicolò di Liberatore gyng yn 'e 16e iuw by de bou fan 'e basilyk ferlern en it fresko út 1639 fan Girolamo Martelli waard foar it wurk fan Johann Friedrich Overbeck oerpleistere. It hjoeddeiske fresko stelt Kristus en Marije mei in grut tal ingels foar, dy't oan Fransiskus ferskynden om him de "Genede fan Assisi" te oerlangjen. Fransiskus hie him neffens de oerlevering tige drok makke oer de sielen fan ferstoarne minsken yn it fagefjoer. Dêrom frege Fransiskus yn gebed de Heare om de ynstelling fan in bysûndere ôflaat, sa't ek beroufolle sielen noch rêden wurde koene.
Op de rjochter sydmuorre binne twa fresko's oanbrocht fan in ûnbekende skilder út Umbrje. It ynterieur hat fresko's út de 14e en 15e iuw. De beskildering yn 'e apsis is makke troch Ilario da Viterbo (1393). It fresko boppe de yngong fan 'e krusiging is skildere troch Pietro Perugino.
Transito-kapel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Transito-kapel stiet oan 'e rjochter kant fan it koer yn de apsis. De Transito-kapel stiet op it plak dêr't de siken fan it primitive kleaster fersoarge waarden en markearret it plak dêr't Fransiskus de lêste pear oeren fan syn ierdske libben trochbrocht en dêr op 'e grûn op 3 oktober 1226 ferstoar. De rjochthoekige kapel is binnen fiifhoekich en fersierd mei fresko's fan Fransiskus' gesellen.
De sydkapellen binne fersierd mei wurken fan grutte keunstners út ferskate tiden, lykas Antonio Circignani (de beskildering fan 'e Sint-Annekapel yn 1602-1603), Francesco Appiani, (Antoniuskapel en Petruskapel, 1756–1760) en Ventura Salimbeni (1602).
Krypte
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De krypte datearret út 1965-1970. By de opgravings waarden de fûneminten fan 'e oarspronklike bebouwing om de Portiuncula bleatlein. It alter stiet op in byldhoude beamstobbe fan Francesco Prosperi. Efter it alter stiet it emailearre, terrakotta tabernakel fan Andrea della Robbia. De tige keunstsinnige basreliëfs stelle û.o. Fransiskus mei stigmata foar, de kroaning fan Marije en Hiëronymus dy't boete docht. Under binne reliëfs te sjen fan 'e Ferkundiging, de Berte en de Oanbidding fan 'e Kenings.
Il Roseto
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Roazetún of Il Roseto is it diel fan it hillichdom dat oerbleaun is fan it âlde bosk dêr't de muontsen wennen. It is it plak dêr't Fransiskus prate mei de toarteldowen. Al wit hoe lang hawwe de fûgels harren nêst yn 'e hannen fan it stânbyld fan Sint-Fransiskus yn 'e tún. It brûnzen monumint fan Vincenzo Rosignoli datearret fan 1916.
Neffens de 13e iuwske tradysje rôle Sint-Fransiskus ris op in jûn neaken troch de toarnbeien om him sa te fersetten tsjin twifel en ferlieding. De toarnstrûken dy't syn lichem rekken feroaren yn roazen sûnder toarnen.
Yn 'e Roazetún leit ek de tagong ta de Roazekapel (Capella del Roseto), de sel dêr't Fransiskus bidde en slepte. It is ek it plak dêr't Fransiskus in moeting hie mei Antonius fan Padua. Nei it ferstjerren fan Fransiskus waard op it plak fan 'e sel in kapel boud, dy't yn 'e 15e iuw troch Bernardinus fan Siena útwreide waard. Tusken 1506 en 1516 brochten ferskillende skilders in rige fresko's oan fan it iere begjin fan 'e Fransiskaanske mienskip, de earste Fransiskaanske hilligen, it wûnder fan 'e roazen en de skinking fan de ôflaat.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (it) Side bisdom
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Basilica di Santa Maria degli Angeli (Assisi)
|