Battleship (film)
Battleship | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Peter Berg | |
produsint | Peter Berg Brian Goldner Scott Stuber Sarah Aubrey Duncan Henderson Bennett Schneir | |
senario | Jon Hoeber Erich Hoeber | |
basearre op | Battleship fan Hasbro | |
kamerarezjy | Tobias A. Schliessler | |
muzyk | Steve Jablonsky | |
filmstudio | Hasbro Studios Bluegrass Films Film 44 | |
distribúsje | Universal Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Taylor Kitsch Rihanna Brooklyn Decker | |
byrollen | Alexander Skarsgård Tadanobu Asano Gregory D. Gadson Liam Neeson | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 3 april 2012 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | science fiction-oarlochsfilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 131 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $209-220 miljoen | |
opbringst | $303 miljoen |
Battleship is in Amerikaanske science fiction-oarlochsfilm út 2012 ûnder rezjy fan Peter Berg, mei yn 'e haadrollen Taylor Kitsch, Rihanna en Brooklyn Decker. De titel betsjut "Slachskip". It ferhaal giet oer in marine-oefening yn 'e Stille Oseaan, dy't ûnderbrutsen wurdt troch in ynvaazje fan bûtenierdske wêzens. De film wie basearre op it Hasbro-spultsje Seeslach (Ingelsk: Battleship), en krige fan 'e filmkritisy mingde oant negative resinsjes. Ek yn 'e bioskopen foel de opbringst ôf.
Plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2005 ûntdekke astronomen yn it planetestelsel Gliese 667, dat likernôch 23 ljochtjier fan 'e Ierde ôf stiet, in ekstrasolêre planeet, dy't se Planeet G neame. It tinken is dat it de neiste planeet ta de Ierde is mei omstannichheden dy't frijwol identyk binne oan dy op 'e Ierde. Yn 2006 foltôget de Amerikaanske romtefeartorganisaasje NASA op it Hawaïaanske eilân Oahu de bou fan in radiostjoerder dy't fiif kear krêftiger is as lykfol hokker dy't oant dy tiid ta bestiet, en set útein mei it Beakenprojekt, in programma om kontakt te lizzen mei de eventuële bewenners fan Planeet G.
Underwilens wurdt liddichgonger Alex Hopper arrestearre as er besiket yndruk te meitsjen op 'e tsjeppe Samantha "Sam" Shane. Hja is de dochter fan admiraal Terrance Shane, dy't it befel fiert oer de Amerikaanske Pasifyske Float (mei as basis it Marinestasjon Pearl Harbor, yn Hawaï). Syn âldere broer, marine-ofsier Stone Hopper, dy't al langere tiid frustrearre is oer Alex syn gebrek oan motivaasje om wat fan syn libben te meitsjen, wurdt troch dit nije ynsidint ta razernij dreaun. Hy beslút syn broer te twingen om tsjinst te nimmen by de Amerikaanske Marine, sadat him ris wat dissipline bybrocht wurde sil.
Seis jier letter, yn 2012, is Alex Hopper in luitenant-op-see 2e klasse dy't as ofsier tsjinnet oan board fan 'e torpedoboatjager USS John Paul Jones. Mar in foks ferliest wol syn hier mar net syn streken, dat Alex is noch altyd in driftkikkert dy't de kantsjes der ôfrint. Hoewol't er in relaasje mei Sam hat, rint er troch syn hâlden en dragen gefaar om ûnearfol ûntslein te wurden út 'e Amerikaanske Marine. Syn broer Stone is yn 'e tuskenlizzende jierren opklommen ta de rang fan kaptein-luitenant-op-see en fiert no it befel oer de torpedoboatjager USS Sampson.
As op 'e Stille Oseaan by de Hawaï-eilannen de RIMPAC-oefening plakfynt, in grutte marineoefening dêr't behalven de Feriene Steaten ek ferskate bûnsgenoaten oan meidogge, binne ek de Sampson en de John Paul Jones fan 'e partij. Wylst de oefening oan 'e gong is, arrivearje by de Ierde fiif bûtenierdske romteskippen yn antwurd op it radiosinjaal dat de NASA fan Hawaï ôf de romte yn stjoerd hat. It bûtenierdske kommunikaasjeskip komt yn botsing mei in satellyt en stoart del yn Hongkong, wêrby't gâns skea oanrjochte wurdt en in grut tal minsken omkomme. De oare fjouwer romteskippen, in memmeskip en trije oarlochskippen, lânje yn 'e Stille Oseaan, deunby de kust fan 'e Hawaï-eilannen.
Trije skippen dy't meidogge oan 'e RIMPAC-oefening, de Sampson, de John Paul Jones en de torpedoboatjager JFS Myōkō fan 'e Japanske Maritime Selsferdigeningsmacht, wurde troch admiraal Shane nei it plak fan 'e lâning ta stjoerd om te ûndersykjen wat der oan 'e hân is. As se dêr oankomme, ûntdekke se in ûnbidich grutte driuwende struktuer. Alex en twa oare bemanningsleden fan 'e John Paul Jones, sersjant-majoar Walter "Beast" Lynch en sersjant Cora Raikes, wurde útstjoerd yn in swierbewapene rubberboat om 'e struktuer fan deunby te ûndersykjen. As Alex de struktuer oanrekket, kriget er in elektryske stjit dy't him meters fier fuortsmyt. Op datseldichste stuit begjint de struktuer (dy't eins it bûtenierdske memmeskip is) in reuseftich krêftfjild út te smiten, dat in koepel oer de Hawaï-eilannen foarmet dêr't neat trochhinne brekke kin. Dêrtroch rekket de RIMPAC-float bûtensletten.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
De trije bûtenierske oarlochsskippen dûke letterlik op út it wetter en nimme in ferdigeningsposysje oan foar it memmeskip oer. De sitewaasje eskalearret dêrnei gau. Stone lit de misthoarn fan 'e Sampson toetsje, mar ien fan 'e bûtenierdske oarlochsskippen beäntwurdet dat mei in soanyske stjit dy't sa krêftich is dat er skea oan 'e Sampson tabringt. Dêrop jout Stone de John Paul Jones in warskôgingsskot ôffjurje, wat de bûtenierdske oarlochsskippen derta bringt om rjochte werom te sjitten. Yn it folgjende treffen wurde sawol de Sampson as de Myōkō ferneatige en ta sinken brocht, wylst de John Paul Jones slim skansearre rekket. Stone en alle opfarrenden fan 'e Sampson komme om.
De kaptein fan 'e John Paul Jones en al syn direkte ûnderhearrigen sneuvelje ek, mei as gefolch dat Alex, sadree't hy, Lynch en Raikes op it skip weromkeard binne, it befel oernimme moat, om't er no de heechste ofsier is. Sels kin er dat amper leauwe. Hy ferkeart noch yn skok oer de dea fan syn broer, en syn earste ympuls is om 'e bûtenierdske skippen oan te fallen mei alles dat er hat. Lynch wit him dat lykwols te ûntpraten. Ynstee set de John Paul Jones útein mei it opfiskjen út see fan 'e oerlibbenen fan 'e Myōkō, ûnder wa kaptein-op-see Nagata, mei wa't Alex foarôfgeande oan 'e oefening slaanderij krigen hie. Underwilens lansearret it bûtenierdske memmeskip ûnbemanne drones yn 'e rjochting fan Hawaï, dy't alles op harren paad oan flarden skuorre. De hiele militêre en boargerlike ynfrastruktuer fan it Hawaïaanske haadeilân Oahu wurdt sa ferneatige.
Op Oahu begeliedt Sam, dy't fysioterapeute is, op datselde stuit luitenant-kolonel b.tsj. Mick Canales, in oarlochsfeteraan by wa't beide skonken amputearre binne, by in kuiertocht troch de bergen om him te trainen yn it gebrûk fan syn beide skonkprotezes. Se komme inkele plysjes tsjin dy't harren hjitte om 'e berch del te gean. As dyselden dêrnei fierder by de berch op geane, rinne se yn in mûklaach fan 'e bûtenierdsken en wurde se deade. Mick, dy't witte wol wat der oan 'e hân is, negearret it befel om 'e berch del te gean, en Sam folget him. Se moetsje de wittenskipper Cal Zapata, dy't harren fertelt dat de radiostjoerder fan 'e NASA op 'e berch stiet. Hy wie ien fan 'e lju dy't it apparaat betsjinnen, mar de bûtenierdsken hawwe it yn besit nommen en alle oanwêzigen deade. Zapata hat it faaie libben der inkeld ôfrêden troch sa hurd as er koe út te naaien. Mick en Sam beseffe dat de bûtenierdsken de NASA-stjoerder oan it oanpassen binne om 'e kommunikaasje mei harren thúsplaneet te werstellen dy't ferlern gien is doe't it kommunikaasjeskip delstoarte.
Oan board fan 'e John Paul Jones wit de marine in heal bewusteleas bûtenierdsk wêzen finzen te nimmen, dat ôfkomstich is fan it kommunikaasjeskip. As er skrikt fan in fel ljocht dat yn syn each skynd wurdt, grypt it wêzen Alex syn gesicht fêst en ûntstiet der eefkes in telepatyske bân tusken harren beiden. Alex ûntdekt dêrtroch dat de bûtenierdske wêzens earder mei súkses oare bewenne planeten oanfallen en ferovere hawwe. Koarte tiid letter arrivearje oare bûtenierdske wêzens om harren finzennommen kammeraat te befrijen. Ien fan harren bliuwt efter om 'e John Paul Jones ta sinken te bringen, mar Alex deadet it troch it yn 'e fjoerliny te lokjen fan in boardkanon. Neitiid wiist ûndersyk fan 'e helm fan it wêzen út dat de bûtenierdsken tige gefoelich binne foar sinneljocht, nei't men oannimme mei om't se fan in planeet mei folle minder ljocht komme.
Op 'e berch twinge Sam en Mick Zapata dy nachts om syn spektrumanalysator ûnder de noas fan 'e bûtenierdsken wei te gaudievjen. Dêrmei kinne se kontakt opnimme mei de John Paul Jones, mei't normale manearen fan kommunikaasje troch it bûtenierdske krêftfjild lamlein binne. Sam en Mick warskôgje Alex dat de bûtenierdsken oer fjouwer oeren by steat wêze sille om in sinjaal nei harren thúsplaneet te stjoeren.
Oan board fan 'e John Paul Jones risselwearret Alex om werom te slaan. No't syn radar troch de ynfloed fan it krêftfjild net wurket, riedt Nagata oan om ynstee de boeien fan it tsûnamywarskôgingssysteem fan 'e NOAA te brûken om te bepalen wêr't de fijân him befynt. Troch foar dy strategy te kiezen, slagget it de bemanning fan 'e John Paul Jones om twa fan 'e bûtenierdske oarlochsskippen mei raketten te ferneatigjen. It fluch maneuvrearjende trêde skip ûntkomt har lykwols. Mar by moarnsdage slagget it harren om it trêde oarlochsskip yn it easten opsjen te litten, wêrnei't Alex en Nagata mei slûpskuttergewearen de finsters fan 'e brêge stikken sjitte. De bemanning fan it bûtenierdske skip rekket ferbline troch it sinneljocht, wêrnei't de John Paul Jones it ferneatigje kin. Drones fan it memmeskip ferneatigje dêrop lykwols de John Paul Jones, dy't deun foar de kust fan Oahu ta sinken brocht wurdt. In grut diel fan 'e bemanning wit sadwaande swimmend lân te berikken.
Alex, Nagata en de oare oerlibbenen fan 'e John Paul Jones en de Myōkō keare werom nei de lagune fan Pearl Harbor, dêr't se it oergrutte en ôftanke slachskip de USS Missouri opfoarderje, dat noch yn 'e Twadde Wrâldoarloch ynset is en al mear as tweintich jier foar in museumskip trochgiet. Se reäktivearje it ûnbidige oarlochsskip mei de help fan 'e feteranen op jierren dy't it ûnderhâlde en der rûnliedings fersoargje foar museumbesikers. Dêrnei farre se út nei it bûtenierdske memmeskip. Yn it dêropfolgjende treffen rjochtsje de reuseftige kanonnen fan 'e Missouri swiere skea oan op it memmeskip, wylst Alex mei in slûchslimme set wit foar te kommen dat de Missouri ta sinken brocht wurde kin troch de bûtenierdske wapens. Troch de skea oan it memmeskip falt it krêftfjild oer de Hawaï-eilannen fuort. Bûten it krêftfjild jout admiraal Shane daliks de RIMPAC-float befel om nei Hawaï op te stomen, wylst fan 'e fleandekskippen gefjochtsfleantugen opstiigje.
Underwilens besykje Sam, Mick en Zapata de bûtenierdsken op 'e berch in stôk yn 'e speaken te stekken troch harren krewearjen om 'e radiostjoerder oan 'e praat te krijen, te sabotearjen. Dêrby wurde se op in hier nei deade, mar Mick Canales rêdt Sam troch yn in man-tsjin-mangefjocht de striid mei in bûtenierdsk wêzen oan te gean. Op see reäktivearje de bûtenierdsken harren memmeskip en stjoere mear fan 'e ferneatigjende drones út om 'e Missouri oan stikken te riten. Alex en syn bemanning, dy't kampe mei in beheinde foarrie munysje foar de grutte kanonnen fan harren skip, hawwe op dat stuit noch mar ien skot oer. Alex beslút om dat net op it memmeskip ôf te sjitten, mar der ynstee de radiostjoerder op 'e berch mei te ferwoastgjen. Sadwaande is foar de bûtenierdsken de kâns om kontakt te lizzen mei harren thúsplaneet foargoed fersjoen. Wylst de drones de Missouri benei komme en alle opfarrenden foar de dea opskreaun lykje te wêzen, fleane der ynienen Australyske F/A-18's fan 'e RIMPAC-float oer, dy't mei harren raketten sawol de drones as it memmeskip sels ferneatigje.
Neitiid wurdt der in seremoanje organisearre, wêrby't admiraal Shane ûnderskiedings útdield oan it militêr personiel dat yn it bysûnder bydroegen hat oan 'e oerwinning op 'e bûtenierdsken, ûnder wa Alex, Mick Canales en, postúm, Stone. Nei ôfrin fan 'e seremoanje freget Alex de admiraal om tastimming om mei Sam te trouwen. Shane beart earst dat er dy tastimming net jaan wol, mar nûget Alex dan út om tegearre te lunchen, sadat se de saak beprate kinne (in ferwizing nei hoe't Alex en Sam inoar moete hawwe).
Yn in sêne dy't nei de ôftiteling folget, ûntdekke trije teenagers en in putsjeman yn Skotlân in delstoarte bûtenierdske rêdingsboat. As se it ding iepenmeitsje, rikt in bûtenierdske hân nei bûten ta en naaie se deabang út.
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
luitenant-op-see 2e klasse Alex Hopper | Taylor Kitsch |
sersjant Cora Raikes | Rihanna |
Samantha Shane | Brooklyn Decker |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
kaptein-luitenant-op-see Stone Hopper | Alexander Skarsgård |
kaptein-op-see Nagata | Tadanobu Asano |
luitenant-kolonel b.tsj. Mick Canales | Gregory D. Gadson |
admiraal Terrance Shane | Liam Neeson |
Cal Zapata | Hamish Linklater |
sersjant-majoar Walter "Beast" Lynch | John Tui |
matroas Jimmy Ord | Jesse Plemons |
minister fan Definsje fan 'e Feriene Steaten | Peter MacNicol |
dr. Nogrady | Adam Godley |
masinist Hiroki | Joji Yoshida |
Produksje en distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Battleship waard regissearre troch Peter Berg nei in senario dat skreaun wie troch Jon Hoeber en Erich Hoeber op basis fan it bekende spultsje Seeslach (Ingelsk: Battleship) fan Hasbro. As produsinten wiene by it projekt belutsen Berg sels, Brian Goldner, Scott Stuber, Sarah Aubrey, Duncan Henderson en Bennett Schneir foar de filmstudio's Hasbro Studios, Bluegrass Films en Film 44. Der wie foar Battleship in budget beskikber fan $209 oant 220 miljoen. De kamerarezjy waard fierd troch Tobias A. Schliessler, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Steve Jablonsky.
De opnamen foar de film soene yn 2010 úteinsette by Gold Coast, yn Queenslân, mar dêr seagen de produsinten úteinlik fan ôf, om't it Australyske regear net genôch belestingfoardielen bea foar in film mei sa'n heech budget. Sadwaande waard Battleship foar it meastepart filme yn Hawaï, by de eilannen Maui en Oahu. Inkele sênes waarden opnommen yn Sherman Oaks, yn Los Angeles (binnendoarsênes) en yn Playa del Rey (Kalifornje) (in autoriidsêne mei in sjitpartij). Ek waard der filme oan board fan it slachskip de USS Missouri en yn Baton Rouge (Louisiana).
Distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De distribúsje fan Battleship waard fersoarge troch Universal Pictures. De film soe oarspronklik yn 2011 útbrocht wurde, mar dat waard opskood nei 2012. De premiêre fûn op 3 april yn 'e Japanske haadstêd Tokio plak, wêrnei't Battleship op 18 maaie yn 'e Amerikaanske bioskopen iepene. It soundtrackalbum waard op 8 maaie 2012 útbrocht, en op 20 augustus fan dat jier kaam de film út op dvd en blu-ray.
Untfangst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Battleship krige fan 'e filmkritisy oer it algemien mingde oant negative resinsjes. In protte resinsinten hiene yn it foarste plak krityk oer it feit dat der in film makke wie op basis fan in boerdspul, hoewol't Nick de Semlyen yn it Britske tydskrift Empire syn bewûndering útspriek foar de bochten wêryn't de makkers fan 'e film harrensels wrongen om in logyske sêne te krijen dêr't it spultsje 'yn it echt' yn werjûn wurdt. Hy koe de film lykwols mei ien wurd opsomme: "Mis." Yn 'e Los Angeles Times spriek Kenneth Turan fral syn teloarstelling út oer de werjefte fan 'e bûtenierdske wêzens, dy't neffens him yn harren bombidige beskermjende pakken like ûnhandich omknoffelen as de film sels.
Peter Travers fan Rolling Stone joech Battleship ien fan fjouwer stjerren, en skreau: "[De film] is ien en al leven en skuorrend metaal; hy sinkt nei de boaiem fan Michael Bay syn Armageddon en graaft dan troch nei it útstjerren fan 'e harsens op it nivo fan 'e Transformers-trilogy. Yn it Amerikaanske blêd Time hie Steven James Snyder lykwols wol aardichheid oan Battleship, al wie it mar om't er der net folle fan ferwachte hie. Hy omskreau de film as "in ûnwierskynlike miks fan Independence Day, Pearl Harbor, Jurassic Park en The Hunt for Red October."
Yn Entertainment Weekly joech Lisa Schwarzmann Battleship in 81/2 op in skaal fan 1 oant 10. Se skreau: "Foar eltse regel fan ferskriklike dialooch dy't oerboard smiten wurde moatten hie, is der in aardige lytse sêne wêryn't minsken in drege beslissing nimme moatte. Foar elts stik generike science fiction-special effects is der in wolkom brokje humor." Yn The Washington Post krige de film trije fan fjouwer stjerren en waard er omskreaun as "in enerzjyjaande stjit sinematyske adrenaline." En de foaroansteande filmkritikus Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times parte Battleship twa en in heale fan fjouwer stjerren ta. Hy priizge de klimaks fan 'e film mei de wurden: "In echte, deugdlike trêde akte, ynstee fan dat men gewoan genoegen nimt mei fjoerballen en eksploazjes sûnder ophâlden […]. Ik wol it net foar jimme bedjerre. Litte we it der mar op hâlde dat de Grutste Generaasje noch altyd it spul hat dêr't ferlet fan is."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Battleship in ûndergemiddeld goedkarringspersintaazje fan 34%, basearre op 209 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Hy mei dan miskien enerzjyk eskapisme biede foar minder heecheaskjende bioskoopbesikers, mar Battleship is te lûdroftich, te min skreaun en te formulemjittich om syn kostpriis te rjochtfeardigjen – en in stik minder ûnderhâldend as syn boarnemateriaal." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle de film in goedkarringspersintaazje fan 41%, basearre op 39 resinsjes.
Resultaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Opbringst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Battleship brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $65,4 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $237,6 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $303 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $209 oant 220 miljoen betsjut dat in winst fan teminsten $83 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Battleship kaam sadwaande mar kwealk út 'e kosten en waard fral troch syn lege opbringst yn Noard-Amearika beskôge as ien fan 'e grutste flops fan 'e simmer fan 2012.
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Battleship waard nominearre foar in Saturn Award foar bêste special effects en in Annie Award foar bêste animearre effekten yn in live action-film. Rihanna wûn foar har rol yn 'e film de Teen Choice Award foar trochbraak fan in aktrise, mar ek de Golden Raspberry Award foar minste byrol fan in aktrise. Battleship waard nominearre foar noch seis Golden Raspberry Awards, foar minste film, minste regisseur, minste byrol fan in akteur (Liam Neeson), minste byrol fan in aktrise (Brooklyn Decker), minste senario en minste cast.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
- Amerikaanske science fiction-film
- Amerikaanske oarlochsfilm
- Science fiction-oarlochsfilm
- Ingelsktalige film
- Film fan Universal Pictures
- Film fan Peter Berg
- Film út 2012
- Film oer in bûtenierdske ynvaazje fan de Ierde
- Film oer de marine
- Film oer de Amerikaanske Marine
- Film oer amputaasje
- Film oer in skip
- Film oer oarlochfiering op see
- Film basearre op in spultsje