Berent Prakken
Berent Prakken (Easterwâlde, 12 maart 1818 – dêre, 23 jannewaris 1871) wie sûnt 1850 wethâlder en riedslid fan de gemeente Eaststellingwerf, yn 1864 lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân.[1][2]
Wie opsjenner fan de Opsterlânske Kompanjonsfeart en feanen. Skreau Beschouwingen over de wenschelijkheid en uitvoerbaarheid van een kanaalverbinding tusschen Blokzijl en Groningen (Stienwyk 1867). Dat ûntwerp lokke de brosjuere út fan F.O. Sleeswijk en K.S. van Andringa, Beskôgingen oer it belang fan in Kanaalferbining Grins- De Gerdyk - It Hearrenfean - De Lemmer (1868). Hy brocht op eigen kosten yn dy tiid grutte ûntginningen ta stân yn de omkriten fan Appelskea, dêr't hy om de Hildenberch in pleats sette liet, in foarbyld dat yn 1869 neifolge waard troch J. Welles út Ljouwert.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|