Critics' Choice Movie Award
Critics' Choice Movie Award | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk Kanadeesk | |
útrikt foar | bêste prestaasjes op it mêd fan film | |
útrikt troch | Broadcast Film Critics Association | |
frekwinsje | 1× jiers | |
datum | jannewaris | |
plak | Santa Monica (Kalifornje) | |
ynsteld | 1995 | |
1e útrikking | 1996 (foar films út 1995) | |
offisjele webside | ||
www.criticschoice.com |
De Critics' Choice Movie Awards foarmje in Amerikaanske en Kanadeeske groep prizen op it mêd fan films dy't elts jier útrikt wurde. Oarspronklik en ornaris noch altyd wurde dizze prizen de Critics' Choice Awards ("Prizen nei Kar fan 'e Filmkritisy") neamd, mar om betizing foar te kommen mei de Critics' Choice Television Awards waard yn 2010 oan 'e namme formeel it wurd movie ("film") tafoege. De Critics' Choice Movie Awards wurde takend troch de Amerikaansk-Kanadeeske Broadcast Film Critics Association (BFCA), besteande út filmkritisy dy't op 'e tillefyzje en de radio publisearje.
De Critics' Choice Movie Awards waarden yn 1995 oprjochte en yn 1996 foar it earst útrikt foar films fan it foargeande jier. De nominaasjes wurde elts jier yn desimber bekendmakke, wêrnei't de útrikkingsseremoanje yn jannewaris folget. Dy seremoanje wurdt holden yn Santa Monica, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje (fan 2014 ôf yn 'e Barker Hangar), en wurdt sûnt 2001 live útstjoerd op 'e tillefyzje, by wikseljende tillefyzjenetwurken.
Kategoryen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- films
- bêste film (sûnt 1996)
- bêste aksjefilm (sûnt 2010)
- bêste famyljefilm (1998-2003)
- bêste komeedzjefilm (sûnt 2006)
- bêste science fiction- of horrorfilm (sûnt 2013)
- bêste lange animaasjefilm (sûnt 1999)
- bêste lange dokumintêre (sûnt 1996)
- bêste film yn in bûtenlânske taal (sûnt 1996)
- spilers
- bêste akteur (sûnt 1996)
- bêste aktrise (sûnt 1996)
- bêste akteur yn in aksjefilm (sûnt 2013-2017)
- bêste aktrise yn in aksjefilm (sûnt 2013-2017)
- bêste akteur yn in komeedzjefilm (sûnt 2013-2020)
- bêste aktrise yn in komeedzjefilm (sûnt 2013-2020)
- bêste byrol fan in akteur (sûnt 1996)
- bêste byrol fan in aktrise (sûnt 1996)
- bêste jonge akteur (sûnt 1997)
- bêste cast (sûnt 2002)
- makkers
- bêste regisseur (sûnt 1996)
- bêste senario (sûnt 1996)
- bêste kamerarezjy (sûnt 2010)
- bêste filmmontaazje (sûnt 2010)
- bêste lûd (sûnt 2010-2012)
- bêste fisuele effekten (sûnt 2010)
- bêste artdirection (sûnt 2010)
- bêste kostúmûntwerp (sûnt 2010)
- bêste fisazjy (sûnt 2010)
- bêste filmmuzyk (sûnt 2000)
- bêste liet (sûnt 1999)
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |