Springe nei ynhâld

Dielsteat

Ut Wikipedy
De dielsteaten fan de Dútslân.
De Feriene Steaten.
De njoggen lannen (Länder) fan Eastenryk.

In dielsteat is in steat dy’t tegearre mei oare steaten in uny foarmet. Sa’n uny kin in federaasje as in konfederaasje wêze. In unitêre steat hat gjin dielsteaten.

Dielsteaten hawwe in eigen parlemint en regear, se hawwe it foech oer beskate ûnderwerpen, dy’t meastentiids yn in grûnwet fan de uny fêstlein binne. Faak hat de dielsteat ek in eigen grûnwet, bygelyks yn de Feriene Steaten en yn Switserlân.

Der binne ferskillende beneamingen:

  • steat (eksimpel: State of Ohio yn de Feriene Steaten)
  • provinsje (eksimpel: Province of Manitoba yn Kanada)
  • lân (Dútsk: Land) (eksimpel: Land Hessen yn Dútslân)
  • commonwealth (eksimpel: Commonwealth of Kentucky yn de Feriene Steaten)
  • kanton (eksimpel: it Kanton Aargau yn Switserlân)
  • republyk (eksimpel: Republyk Mari El yn Ruslân)

Lannen mei dielsteaten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De neikommende lannen hawwe in ûnderferdieling yn dielsteaten (al is de namme yn guon lannen oars):

Guon fan de lannen binne allinnich ûnderferdield yn dielsteaten, mar hawwe dêrneist ek stikken lân mei in oare status.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]