Ellen Thesleff
Ellen Thesleff (Helsinky, 5 oktober 1869 – dêre, 12 jannewaris 1954) wie in Finsk skilderesse en houtfiker en in foaroansteand fertsjintwurdiger fan de 'Gouden Tiid' (Kultakausi) yn de Finske keunst (1870-1920).
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Thesleff krige har earste ûnderrjocht fan har heit, dy't amateurskilder wie. Fan 1887 oant 1889 studearre hja oan de Tekenskoalle fan it Finsk Keunstgenoatskip (Suomen Taideyhdistyksen piirustuskoulu) en dêrnei by Gunnar Berndtson. Fan 1891-1892 en 1893-1894 krige hja les oan de Académie Colarossi yn Parys. Yn 1900 wûn hja dêre in brûnzen medalje op de Exposition Universelle.
Yn it earstoan skildere Thesleff yn in symbolistyske styl en brûkte hja sobere kleuren. Dat saneamde 'swarte kolorisme' feruile se begjin 20e iuw foar in útlitten kleurige styl; dêrmei waard sy ien fan de earste ekspresjonisten fan Finlân. Yn 1916 ferklearre hja: 'Gjin teorieën, gjin foarm, allinne kleur'.
In soad fan har wurk ûntstie yn Italië, dêr't hja sûnt 1906 in grut part fan har lebben tahâlde, simmers yn Florâns en winterdeis yn Forte dei Marmi. Sy rekke dêr yn de kunde mei de teäterfernijer Gordon Craig, dy't har stipelearre om mei houtfykjen oan de gong te gean.
Yn 1912 die Thesleff mei oan de earste útstalling fan de keunstenersgroep Septem, dy't him oars doe noch net ûnder dy namme oppenearre. Yn 1914 wie hja al wer by de groep wei. Thesleff wie ynternasjonaal oriïntearre en die mei oan útstallings yn Moskou (1916), Sint-Petersburch (1917), Göteborg (1923), Stokholm (1929), Oslo (1932) en Milaan (1937).
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Leena Ahtola-Moorhouse (red.) (1998), Ellen Thesleff. Helsinky, Suomen taiteen museo Ateneum, Tampereen Taidemuseo.