Fiadukt
In fiadukt is in brêge dy’t twa punten fan deselde hichte mei elkoar ferbynt. Fiadukten wurde benammen tapast by krusings fan spoarlinen en diken foar snelferkear.
It wurd fiaduk is in nijmoadrige ôflieding fan de Latynske wurden via (wei) en ducere (-ductum; liede). De earste fiadukten waarden faak op deselde wize yn elkoar setten as de Romeinske akwadukten, de oerspanning bestiet dan út in stik as wat bôgen mei likernôch deselde hichte.
De Millau Brêge is in kabelbrêge dy’t de delte oer de rivier de Tarn deunby Millau yn Súd-Frankryk oer giet. De brêge waard úttocht troch de yngenieur Michel Virlogeux, yn gearwurking mei de arsjitekt Norman Robert Foster. It is heechste brêge fan de wrâld, wêrfan ien pylder 343 meter heech is, krekt wat langer as de Eiffeltoer en mar 38 meter leger as it Empire State Building. It waard iepene op 14 desimber 2004 troch de Frânske presidint fan dy tiid, Jacques Chirac, en gie twa dagen letter foar it ferkear iepen.
Beheinde hichte
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In grut neidiel fan fiadukten is de beheinde hichte. In hichte fan minimaal fjouwer meter jildt foar it weiferkear as genôch, op autosnelwegen wurde fiadukten meastentiids boud op in hichte fan 5,60 meter. By legere fiadukten wurde ferbodsboerden hinne setten en wurde mear maatregels nomd om tsjin te gean dat in ûnderdelkommend fiertúch it fiadukt of himsels skansearret.