Fryske ruter
In Fryske ruter (ek wol Spaanske ruter) (Frânsk: cheval de frise) is in sûnt de midsiuwen brûkte, te fersetten militêr hindernis.
De ruter bestiet út in as fan lange balken fan hout of stiel dêr't pinnen, of spearen útstekke of dêr't stikeltried omhinne wuolle is. Faak rêste de balken op twa pear krúsfoarmige dwersbalkan oan de úteinen.
It ferdigeningsmiddel soe syn namme krigen hawwe yn de Tachtichjierrige Oarloch, doe't er troch de Spanjerts tapast waard om bestoarming troch ruters fan de stêd Grins foar te kommen. De ferwizing nei de Friezen soe de krijen hawwe mei it feit dat dy sels net folle kavalery hiene en oanwiisd wiene op ark dat fijannige ruters behinderje koe. De term waard letter ek brûkt foar elts obstakel mei skerpe punten, sa as muorren mei glêsdiggels derop mitsele.
De ruter wie oarspronklik bedoeld om kavalery de trochgong te behinderjen, mar no wurdt er ek tapast om ynfantery en licht reau op te kearen, dan meast as dykôfsetting. In fariant is it seispuntige anti-tank obstakel besteande út trije oan elkoar laske reels, al as net fêstset yn ierde of beton. Foar de Atlantic Wall waarden miljoenen fan dy behinderings oanlein.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Španělský jezdec fan Wikimedia Commons. |