Grêf fan Marije
It Grêf fan Marije is in hillichdom yn de delte fan Kidron by Jeruzalim, dêr't neffens de tradysje de dissipelen Marije, de mem fan Jezus, begroeven hawwe. It grêf leit oan de foet fan de Oliveberch, fuort by de Tsjerke fan alle Naasjes.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op it plak waard yn de 4e of 5e iuw oer it grêf fan Marije in lytse tsjerke boud. Neffens de oerlevering wie hja dêr te rêste lein nei't se op de Sionberch ferstoarn wie, op it plak dêr't tsjintwurdich de Dormitio-basilyk stiet. Yn de 7e iuw waard de tsjerke troch de Perzen fernield, mar neitiid wer opboud. De wrede kalyf Al-Hakim makke de tsjerke tagelyk mei hast alle oare kristlike hillichdommen lykas de Grêftsjerke mei de grûn gelyk yn 1009.
De krúsfarders bouden yn de 12e iuw in iergoatyske tsjerke en setten der in benediktynske kleaster del. Kleaster en tsjerke waarden nei de ferovering fan Jeruzalim troch Saladin yn 1187 ferneatige. De foargevel fan de tsjerke waard lykwols sparre en de krypte bleau yntakt om't ek moslims Marije (Maryam) ferearje.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Efter de gevel rint in steile trep fan 47 trêden nei ûnderen, dêr't Marije in pear dagen oant har opname yn de himel lein hawwe soe. Ek lizze dêr de grêven fan Marije's âlden Anna en Joachim en it grêf fan har man Joazef.
Njonken de yngong fan de tsjerke leit de tagong fan de katolike "Grot fan it Ferried". Op dat plak soene de romeinen Jezus finzen nommen hawwe.
It behear fan de tsjerke is tabetroud oan de gryksk-otterdokske en de Armeensk-apostoalyske tsjerke. It is ek de syrysk-otterdokske, de koptysk-otterdokske en de etiopysk-otterdokske tsjerken tastien om it hillichdom te brûken.
Alle jierren fynt in pear dagen foar it feest Marije Himelfeart (neffens de Juliaanske kalinder) in prosesje fan de stêd nei it grêf plak.
Efeze
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In oare tradysje wol ha dat Marije yn Efeze yn it hjoeddeiske Turkije stoarn is en dat har grêf dêr leit. Neffens Jehannes 19:27 droech Jezus oan it krús de soarch foar Syn mem oan Jehannes oer. Doe't Jehannes fanwegen de kristenferfolging flechte nei Efeze soed er grif ek de mem fan Jezus meinommen ha. Dêr soe hja oant har dea by Jehannes wenne ha. De ruïnes fan it hûs fan Marije yn Efeze waarden op 18 oktober 1881 troch de Frânske preester Julien Gouyet út Parys lokalisearre oan de hân fan in beskriuwing fan de Dútske non Anna Catharina Emmerich, dy't yn in fizioen it hûs sjoen hie dêr't Marije ferstoarn wie.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Marije's grêf fan Wikimedia Commons. |
- (dú) Heiligenlexikon