Springe nei ynhâld

Grutte Tsjerke (Follenhove)

Ut Wikipedy
Grutte of Sint-Nikolaastsjerke
Lokaasje
provinsje Oerisel
gemeente Stienwikerlân
plak Follenhove
adres Kerkplein 4
koördinaten 52° 40'N 5° 56' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Nikolaas fan Myra
Arsjitektuer
boujier 1450-1485
boustyl Gotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 10555 (tsjerke) [1]
10554 (toer) [2]
Webside
Side herfoarme gemeente
Kaart
Grutte Tsjerke (Oerisel)
Grutte Tsjerke

De Grutte- of Nikolaastsjerke is ien fan 'e twa midsiuwske tsjerken fan Follenhove yn 'e provinsje Oerisel. De tsjerke is in twaskippige halletsjerke en waard tsjin it ein fan 'e 15e iuw foltôge. Oan 'e eastlike kant stiet de wat jongere klokketoer, frijsteand fan 'e tsjerke, mar fêstboud oan it eardere stedhûs.

De tsjerke wurdt brûkt troch de herfoarme PKN-gemeente fan Follenhove.

Skiednis en beskriuwing

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke stiet op it plak fan in âldere sealtsjerke, dy't letter sydskippen krige. De hjoeddeiske tsjerke hat twa skippen fan 'e selde grutte, foar in parochytsjerke in nochal frjemde opset.

De likernôch 45 meter lang en 10 meter brede skippen wurde yn 'e tsjerke fan inoar skieden troch slanke pylders, dy't in tonfoarmich houten netferwulft drage. It âldste diel fan 'e tsjerke wurdt foarme troch de eastlike koer fan it noardlike skip, dat út 'e 14e iuw stamt. Tusken de twa skippen stiet oan 'e eastlike kant in achtkante treptoer en in útbou foar de sakristy, dy't in stiennen ferwulft aht.

Oargel

De westlike kant en de súdlike kant fan it noardlike skip hawwe in portaal.

Nei de herfoarming fan 1580 waarden de alters ôfbrutsen en de stiennen brûkt as grêfsarken. It alterblêd waard by de restauraasje fan de tsjerke yn 1968-1977 brûkt foar it meitsjen fan in Nachtmielstafel. De sarken lizze tsjintwurdich op it hege koer, mar komme foar in diel út de rest fan de tsjerke. Yn 'e Frânske tiid binne de measte sarken fernield, mar ien sark bleau yntakt en stiet tsjintwurdich oan 'e suder muorre fan it lege koer. Neffens de oerlevering soe de sark net fernield wêze om't de sark noch op 'e tiid omkeard waard.

Yn de klokketoer hingje noch twa klokken dy't yn 1511 getten binne troch Geart fan Wou.

It haadoargel yn it noarder skip waard oarspronklik yn 1687 as twamanualich ynstrumint troch Apollonius Bosch boud. It ynstrumint waard yn 1720 reparearre en feroare troch Frans Casper Schnitger. J. van Loo foege yn 1860 in frij pedaal ta en by dy gelegenheid waarden ek de oargellûken ferwidere. By de lêste restauraasje yn 'e jierren 1970 troch de bruorren Van Vulpen waard útgien fan 'e steat út 1720. It oargel hat 25 registers ferdield oer haadwurk, rêchwurk en pedaal.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Skiednis op de side fan Herfoarme Follenhove.