Harns (stêd)
Harns | ||
Riedshûs | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Harns | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1 jannewaris 2023 | |
Oerflak | 19,54 km², wêrfan: - lân: 18,77 km² - wetter: 0,79 km² | |
Befolkingsticht. | 794 ynw./km² | |
Oar | ||
Ferkearsieren | A31 N31 N390 N393 Steatsline B | |
Postkoade | 8861-8862 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 10' N 5° 25' E | |
Offisjele webside | ||
Webstee Harns | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Himrik fan Harns (grien) yn 'e gemeente Harns |
- Dizze side giet oer de stêd Harns. Foar de gemeente, sjoch: Harns (gemeente).
Harns is it haadplak fan de gemeente Harns. It is de belangrykste havenstêd fan de provinsje. Yn 'e haven fan Harns lizze, neist de Harnzer skippen, ek dy fan de grutte Urker fiskersfloat. Harns is ien fan 'e Fryske Alve stêden. It Harnzersk is in eigen dialekt.
Harns hat 15.095 (1 jannewaris 2023)[1] ynwenners. Dêrmei is it it fyfde plak fan Fryslân.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Harns krige yn 1234 stedsrjochten en is dêrmei as stêd âlder as bygelyks Ljouwert, Dokkum, Frjentsjer of Amsterdam. In diel fan de ferdigeningswurken is noch altyd te sjen yn it sintrum fan de stêd. Ek de oarspronklike grêftegurdles binne noch foar it grutste part bewarre bleaun, krekt as de pakhuzen en de yn Hollânske styl boude huzen mei harren gevels. De gevelstiennen jouwe oan in hûs in eigen merkteken wat in oerbliuwsel is út de tiid dat hûsnûmers noch net brûkt waarden. Se sitte soms op in opfallend plak. In protte gevelstiennen binne restaurearre en litte de skiednis fan it hûs sjen (bygelyks hokker berop oft yn it hûs útoefene waard). De pakhuzen wurde net mear brûkt foar it doel dêr't se foar boud binne.
Yn 'e stêd binne noch ferskate steechjes dy't de ferbining foarmje tusken de grêften. Op de smelle strjitdielen waard eartiids in soad guod ferhannele dat oer wetter oanfierd wie. Yn in pear steechjes is dy strjitfunksje noch werom te kennen.
It toerisme nimt alle jierren noch ta: net allinnich Nederlanners komme nei de stêd, mar ek Dútsers, Belgen en Ingelsen witte it paad nei Harns te finen. De Harnzer fiskerijdagen foarmje ein augustus in bekend feest.
Yn Harns sit de Waadseeferiening, in organisaasje dy't opkomt foar de natuerlike belangen fan de Waadsee.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it jier 777 stifte Gustavus Forteman de earste Kristentsjerke yn Fryslân, yn Almenum.
Omtrint 1157 stifte Eilwardus Ludinga it kleaster Lúntsjerk yn it doarp Almenum. De muontsen groeven grêften om de hannelsfeart better mooglik te meitsjen. Ludingatsjerke waard dêrtroch ien fan de rykste kleasters yn Fryslân. De buert west fan Almenum, Harns, waard dêrtroch sà wichtich dat dy yn 1234 stedsrjochten krige. Noardwestlik fan Harns lei doe noch de stêd Gryn mei poarten, grêften en sels in hegeskoalle. Yn 1287 waard Gryn by needwaar foar it grutste part ferswolge troch de see. No is Gryn noch mar in sânplaat yn de Waadsee. De namme Harns komt nei gedachten fan de state Harlinga. Yn 1311 kaam "Harns" foar yn Ingelske havenregisters. Yn 1579 ûndertekenen ôfgesanten fan de stêd de Uny fan Utert en op 22 desimber 1634 krige Harns syn oktroai fan de Steaten fan Fryslân foar Grienlânsk- en Strjitte Daevids-fiskerij (walfiskfeart).
Twa iuwen lang bestiet Harns, lizzend op in bochtige herne fan de kust, yn it skaad fan de universiteitsstêd Frjentsjer. Mar troch de ferbining mei de see naam de wolfeart stadichoan ta. Earder lei de stêd westliker as hjoed, mar de see sloech geregeld lân fuort. Yn 1543 en 1565 waard der útwreide yn noardlike rjochting, sadat de Noarderhaven de Binnenhaven waard, dy't er no noch is. Op de middei fan 17 maaie 1568 waarden ta fernuvering fan de Harnzers 1800 Waalske soldaten oan lân set, dy't letter yn de Slach by Heiligerlee ferslein waarden. De hate Spaanske kolonel Caspar de Robles - troch Alva dêr as steedhâlder oansteld - ûnthjitte yn 1574 ferheging fan de diken. Yn 1579 folge in útwreiding nei it easten, mei troch de tafloed fan Flaamske menisten dy't it roomske suden ûntflechten. Troch dy útwreiding dy't yn trije moanne foltôge waard, lei de tsjerke fan Almenum no binnen de stedsfesten. De hannelsfeart nei de lannen om Noardsee en Eastsee naam ta en yn 1598 waard de stêd wer útwreide, no yn súdlike rjochting.
Yn 1644 kaam de Fryske Admiraliteit fan Dokkum nei Harns. De Suderhaven krige it karakter fan marinehaven. De ferneamde Tsjerk Hiddes de Vries wurdt hjir letter luitenant-admiraal. De kriichsfeart bleau lykwols fan minder belang as de hannelsfeart. Withoefolle skippers ûnderholden beurtfearten nei de Waadeilannen, nei alle hoeken fan de provinsje en nei de Suderseehavens, dêr't Amsterdam de belangrykste fan wie. De stêd hie in soad yndustry. Der wienen skipmakkerijen, bierbrouwerijen, sâlt- en sjippesiederijen, stien- en pottebakkerijen, kalkûnen, nôt- en seachmûnen.
Mar lykas soks al earder gie mei de Hânzestêden oan de doetiidske Sudersee, waard Harns yn de folgjende iuwen foarbystribbe troch Amsterdam en Rotterdam. Dochs bleau Harns as kustfeart- en fiskershaven mei in soad foarsjennings en it yn 1951 nij groeven Van Harinxmakanaal fan grut ekonomysk belang foar Fryslân.
Benammen yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw hie Harns in bloeiende Joadske mienskip, dy't him út Harns wei ek fersprate nei Skylge ta. Yn 'e earste desennia fan 'e tweintichste iuw teagen lykwols in protte Joaden út Harns wei om har yn 'e stêden fan Hollân te fêstigjen. De oerbleaune Joaden fan Harns fûnen frijwol allegear de dea yn 'e Holokaust, ûnder de Twadde Wrâldoarloch.
Yn 2014 wie Harns by de Tall Ships' Races 2014 it startpunt fan 'e ferneamde Tall Ships' Races, wêrby't wedstrydsyld wurdt mei grutte sylskippen. Yn 2018 wie de stêd yn it ramt fan it projekt Ljouwert/Fryslân Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018 it einpunt fan 'e Tall Ships' Races 2018.
Wapen en flagge
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De âldste werjefte fan it stedswapen fan Harns is fûn op in stêdssegel út 1426. It wapen wie in eigendomsteken en symboal dat oan dokuminten fan de stêd in offisjeel karakter ferliende. De hâlder fan in wapen wie in rjochtspersoan. Oerienkomsten waarden 'besegele' troch in ôfdruk fan it wapen yn reade waaks op dokuminten of as slútsegel op perkaminten rôlen en sluven. Tsjinners en amtners fan de stêd droegen it wapen op amtsklean, helm of pet. Ek hjoed noch drage de boades yn it stedshûs en it havenpersoniel it wapen op harren unifoarm. Ek op eigendommen fan de stêd, lykas reau en brêgen, wurdt it wapen ôfbylde.
De gouden leeljes symbolisearje Mariaferearing en omdat men har heger achte as Sint-Michael, de beskermhillige fan de stêd, stean har gouden leeljes op in promininter plak yn it wapen as de reade krusen fan Sint-Michael. Faak wurdt Sint-Michael as drakedeader - bestrider fan ûnheil - njonken it wapen ôfbylde.
It rjocht om it wapen te brûken waard yn 1818 fernijd en befêstige troch de Hege Rie fan Adel:
Gebrûk meitsjende fan de macht oan deselde ferliend, by beslút fan de 20e febrewaris 1816, befêstiget by dizze de stêd Harns, yn gefolgen it troch har diene fersyk, yn it besit fan it neifolgjende Wapen: Yn fjouwer parten dield. It earste en fjirde diel fan keel, beladen mei trije gouden leeljes pleatst twa en ien. It twadde en tredde diel fan sulver beladen mei fjouwer krusen fan keel. It skyld dekt mei in kroan.
Keel is yn de wapenkunde de term foar read. Yn tsjinstelling ta de betsjutting fan leelje en krús, beide symboalen dy't frommens ferbyldzje, is de betsjutting dêrfan net krekt fêstlein. Meastal waarden kontrastearjende kleuren keazen om in wapen of flagge werkenberder te meitsjen. Al besteane der populêre ferklearrings foar de betsjutting fan kleuren - sa soe read de kleur fan de hertstocht wêze - doch is dêr net mei sein dat it read yn it Harnzer wapen ek dy betsjutting hat. De útfiering fan it wapen is troch de Hege Rie fan Adel fêststeld. De kroan hat trije blêden en twaris trije pearels. Sint-Michael moat ôfbylde wurde as: 'In wjukt Frouljusbyld...'
De Harnzer flagge is, krekt as it stedswapen, iuwenâld. Der is gjin krekt jier oan te wizen wêryn't de stêd de flagge tawiisd krige of dy sels ûntwurpen hat. Nei alle gedachten hat de flagge stadichoan syn hjoeddeiske foarm krigen.
Yn 1695 stiet yn de "Nieuw Hollandsche Scheepsbouw" fan Carel Allard, in ôfbylding fan de flagge fan Harns. Yn 1708 beskriuwt de Dokkumer Gerrit Hesman in flagge besteande út trije banen dy't hiel oars fan kleur binne: read, wyt en giel sûnder blauwe seam of wapen. Yn 1719 beskriuwt in David Mortier út Amsterdam de Harnzer flagge: De giele middelbaan mei yn de midden it wapen, beslacht 6/8ste fan de breedte en de blauwe banen ûnder en boppe elk 1/8ste.
Oranjebesites
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ferskate kearen is Harns besocht troch de steedhâlderlike en letter keninklike famylje. It earste besyk wie fan Willem fan Oranje.
Keninklike besiken oan Harns | ||
---|---|---|
Jier | Persoan | opmerkingen |
1581 | Willem fan Oranje | Hy skinkt de stêd 3000 Karolusgûnen foar ferbettering fan de havenwurken |
1734 | Prins Willem IV | earste besyk |
1745 | Prins Willem IV | twadde besyk |
1773 | Prins Willem V | earste besyk |
1791 | Prins Willem V | twadde besyk |
1837 | Kening Willem I | |
1873 | Kening Willem III | |
1877 | Prins Hendrik fan Oranje-Nassau | Prins Hendrik iepenet as plakferfanger fan Kening Willem II de Nije Willemshaven |
1905 | Keninginne Wilhelmina Prinses Emma en Prins Hendrik fan Mecklenburg-Schwerin |
|
1982 | Keninginne Beatrix | Keninginnedei |
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Radio Stêd Harns is de lokale omrop, as nijsblêd ferskynt de Harnzer Krante.
Taal en dialekt
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens "De Fryske Taalatlas 2015" hat 26% fan 'e Harnzers it Frysk as memmetaal. Dat is it leechste perzintaazje fan Fryslân. It Harnzersk dialekt is stadichoan oan it ferdwinen. De meast gongbere taal is Nederlânsk. Sûnt 2019 is yn 'e gemeente Harns de taalnota "Frysk is wolkom en Harlingers oek nou" fan tapassing. De gemeente hat in passyf, folgjend taalbelied en oars as yn 'e rest fan it Fryske taalgebied hat de gemeente as iennige de nammen fan fearten en kanalen net ferfryske.
It Frysk wurdt op 'e Harnzer skoallen op in beheind nivo ûnderwiisd. Koartlyn (wannear?) hat de Harnzer Regionale Skoallemienskip Simon Vestdijk in ûntheffing oanfrege foar it ferplichte stellen fan it Frysk op de middelbere skoallen yn it Fryske taalgebiet. It hat oan de bern en âlden in enkête foarlein weryn't nei de taalsituaasje thús frege waard en oft men beswier hie tsjin it ferplichte ûnderwizen fan it Frysk.
Yn 'e doarpen Mullum en Winaam en de buorskip Foarryp wurdt mear Frysk brûkt. Oer it algemien kin fêststeld wurde dat it der net bêst mei it Frysk yn Harns foar stiet.
Tsjerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Evangelyske gemeente Harns
- Baptistengemeente Bethel
- Jehovah's tsjûgen
- Kristlik-grifformearde tsjerke frijmakke Harns
- De Wikipedy hat ek in side De Haven (Harns).
- De Wikipedy hat ek in side Grutte Tsjerke (Harns).
- De Wikipedy hat ek in side Sint-Michaeltsjerke (Harns).
Underwiis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Basisskoallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Yntegraal Bernesintrum Prins Johan Friso (prot.-kristlik)
- Yntegraal Bernesintrum Het Baken (prot.-kristlik)
- Yntegraal Bernesintrum Het Noorderlicht (iepenbier)
- Yntegraal Bernesintrum Sint-Michael (roomsk-katolyk)
- Yntegraal Bernesintrum 't Wad (iepenbier)
Fuortset ûnderwiis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnenssoarch
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It âlde Streeksikehûs Oranjeoard yn Harns moast yn 1995 fúzjearje mei it Medysk Sintrum Ljouwert (MCL). Neitiid waard it in njonkenfêstiging fan MCL, mei as namme MCL Harns. Sûnt 2007 wurde der gjin operaasjes mear útfierd, en kin men der inkeld noch telâne foar (dei)behannelings yn 'e polyklinyk. Yn 'e mande mei û.m. it yn itselde gebou fêstige Soarchsintrum De Batting foarmet MCL Harns it saneamde Soarchplein Harns.
Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Muzykferienings[bewurkje seksje | boarne bewurkje] |
Oars[bewurkje seksje | boarne bewurkje] |
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1840 | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1973 | 2004 | 2015 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 8.364 | 11.274 | 11.753 | 12.313 | 12.618 | 13.852 | ±15.000 | 14.744 |
Jier | 2020 | |||||||
Ynwenners | 14.739 |
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
|
|
Bekende ynwenners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Tsjerk Hiddes de Vries (1622-1666), Frysk admiraal en seeheld (wen- en begraafplak)
- Auke Stellingwerf (1635-1665), Frysk admiraal en seeheld út de 17e iuw (wen- en begraafplak)
- Piet Paulusma (1956-2022), waarman.
Stedsyndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Wiken en buerten yn Harns.
|
|
Toerisme en it besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Harns is ryk oan monuminten en hat fan 'e alve stêden mei goed 600 ryksmonuminten en 140 gemeentemonuminten de measte monuminten per ynwenner.[2]
Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bekende keunstwurken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side List fan bylden yn Harns.
- Stiennen Man
- Walfiskfontein
Gevelstiennen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Noarderhaven 31 - tinkstien dy't oanjout hoe heech oft it seewetter kaam by oerstreamingen yn 1776 en 1825.
- Noarderhaven 74 - idem.
- Oarstrjitte 5 - hûs fan in timmerman ôfbylde mei in koer ark.
- Kleine Bredepleats 12 - ôfbylding fan fermoedlik in herberch. Ek hat de gevel stiennen mei wapenskylden mei it jiertal 1667 en de inisjalen fan it troud pear Bernardus Dreijer en Alida van der Geest, dy't ein 18e iuw yn it pân wennen.
- Hofstrjitte 34 - earste stien.
- Simon Stijlstrjitte 2 - earste stien fan de eardere Lutherske tsjerke.
- Tsjerkepaad 30 - tinkstien út 1763 fan de Nederlânsk-herfoarme diakonij.
Natuer en rekreaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- It Hegewiersterfjild (Natoergebiet by Harns)
- Harnzer Strân
Eveneminten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
|
Bysûndere Oernachtingsplakken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Lilla Marras, Rêdingsboat yn Harns (oernachtingsboat)
- Fjoertoer fan Harns (ienkeamerhotel)
- Havenkraan fan Harns (oernachtingsplak yn eardere havenkraan)
Ynfrastruktuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Likernôch 8 kilometer súd fan Harns begjint de Ofslútdyk dy't sûnt 1932 in streekrjochte rûte foarmet tusken Fryslân en Noard-Hollân. Troch Harns rint de N31, dy't fan Mullum ôf de A31 rjochting Ljouwert wurdt. Oant 2017 wie dy dyk in twabaansdyk op in ferhege talúd dy't dwers troch de stêd rûn. Yn 2014 waard mei it projekt úteinset en lis de de dyk dûbelbaansk en ferdjippe oan. Op 11 desimber 2017 waard er offisjeel iepene. It oare wurk deromhinne waard yn it folgjende heal jier foltôge.
Harns is it begjinpunt fan de Steatsline B dy't oer Ljouwert en Grins nei it Eastfryske Lier ta rint, dêr't spoarferbining rjochting Bremen/Hamburch, it Ruhrgebiet en Emden mooglik is.
Havens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wat skipfeartferkear oanbelanget wurde ferskate frachtrûtes út de haven wei ûnderholden, lykas nei Skandinaavje. Ek is der skipfeart mooglik oer it Van Harinxmakanaal mei de Tsjerk Hiddessluzen nei Ljouwert ta.De measte koasters dy't nei Harns komme, komme om sâlt te laden by it sâltfabryk.
De havens fan Harns binne mei de "(nije) Yndustryhaven" útwreide. Harns wol mear romte foar toerisme en yndustry en dêrfoar hat de gemeente plannen ûntwikkele, dy't fêstlein binne yn 'e havenfyzje 2022-2032.[3].
- Noarderhaven
- Suderhaven
- Plankepaad
- It Dok
- Willemshaven
- Flechthaven
- Yndustryhaven
- Fiskershaven
- Haven Eastpoarte
Feartsjinsten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Feartsjinsten út Harns wei nei Flylân en Skylge wurde útfierd troch rederij Doeksen.
- Harns-Skylge, 1 oere en 45 minuten; flugge tsjinst 50 minuten*
- Harns-Flylân, 1 oere en 30 minuten; flugge tsjinst 50 minuten*
- *as de flugge tsjinst net streekrjocht giet duorret de oertocht 30 minuten langer.
Iepenbier Ferfier
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Harns hat goed bus- en treinferbinings. It spoar hat in ferbining mei Ljouwert. Der binne twa treinstasjons yn Harns: Stasjon Harns Haven en Stasjon Harns.
Harnzer Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alle strjitten fan Harns.
Gemeente
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In soad Harnzers hawwe net in soad op mei it Fryske efterlân. In ferklearring is dat Harns lange tiid ôfhinklik wie fan de hannel en him dêrom mei op Hollân oriïntearre. Earder hienen in soad Harnzers it gefoel dat de provinsje net folle foar harren die, Frjentsjer krige in universiteit en Ljouwert hie as haadstêd in soad privileezjes. It feit dat gemeentlike weryndielingen yn Fryslân net folle foar Harns as gemeente opsmiet hat ek wat kwea bloed set. Net te ferjitten dat Harns ea, ferlike mei de rest fan Fryslân, in grutte hannelsstêd wie. De Fryske Nasjonale Partij hat ek noch nea meidien oan de gemeenteriedsferkiezingen yn de stêd.
Njonken de stêd hearre sûnt ek de doarpen Winaam en Mullum by de gemeente Harns. Winaam waard yn 1984 by de gemeente Harns foege, wylst Mullum al sûnt 1971 by de gemeente heart. Om de stêd is wat ikkerbou; dat yn tsjinstelling ta de yn Fryslân wenstige feehâlderij.
Ferskaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Sinteklaas kaam hjir op 16 novimber 1996 oan mei de Pakjesboat 12 by de lanlike sinteklaasyntocht. Aart Staartjes die dêr ferslach fan.
- Troch de stêd rint de Europeeske kuierrûte E9, pleatslik ek North Sea Trail of Frysk kustpaad neamd. De E9 rint by de kust fan Portugal del nei de Baltyske steaten.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Kantongerjocht
-
Riedhûstoer
-
Sint-Michaeltsjerke
-
Twa ophelbrêgen
-
Binnenplak eardere âldereinhûs
-
Stasjon Harns
-
Slûswachtershúske Grutte Slûs
-
Sekkendragerspiip
-
De Gouden ingel Leanen 28
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Alve Stêden fan de provinsje Fryslân |
---|
Boalsert · Dokkum · Drylts · Frjentsjer · Harns · Hylpen · Ljouwert · Sleat · Snits · Starum · Warkum |
wizigje |
Harns | ||
---|---|---|
Stêd: Harns | ||
Doarpen en útbuorrens: Mullum • Winaam | ||
Buorskippen en wiken: Almenum • De Blynse • Easterpark • Foarryp • Ieslumbuorren • Keningsbuert • Ludum • Roptasyl (foar in part) • Ungaboer | ||
· · |