Springe nei ynhâld

Hitler-Jongerein

Ut Wikipedy
Flagge fan de Hitler-Jongerein
Hitlerjongerein op wei nei in Reichsparteitag yn Neurenberch

De Hitler-Jongerein (Dútsk: Hitler-Jugend, HJ) wie de jongerein ôfdieling fan de Dútske Nazi Partij (NSDAP) en waard yn 1922 oprjochte. Fan 1933 oant 1945 wie de HJ de iennichst tastiene jongereinbeweging mei oant 8,7 miljoen leden (98 prosint fan de Dútske jongerein). De wiere Hitlerjugend wie ornearre foar jonges fan 14 oant 18 jier; de seksje Deutsches Jungvolk wie foar jonges fan 10 oant 14; de Bund Deutscher Mädel wie foar famkes.

It doel fan de Hitler-Jongerein wie jonges fan 10 oant 18 jier klear te meitsjen foar de militêre tsjinst nei de ideology fan de Nazi’s. Sa as Hitler sei:

“Wa't de jongerein hat, hat de takomst. Myn lessen sille hurd wêze. It swakke sil der útslein wurde. In agressyf aktive hâlding, dominearjende, hurde jongerein – dêr bin ik op út.”Adolf Hitler.