Springe nei ynhâld

Hjirneimels

Ut Wikipedy

It hjirneimels is in de foarstelling fan in plak of besteanssfear fan in libben nei de dea. Dêrby giet it faak om in ivich libben yn dat plak of dy besteanssfear, hoewol't dêr by in leauwe yn reynkarnaasje mar koarte skoften tusken de ûnderskate libbens fan in siel trochbrocht wurde. It hjirneimels kin in útsprutsen goed plak wêze, lykas de himel, in útsprutsen min plak, lykas de hel, of eat tusken de beide ekstremen yn. In oare algemiene oantsjutting foar it hjirneimels, dy't faak brûkt wurdt foar de ideeën fan saneamd 'primitive' kultueren oangeande it libben nei de dea, is de 'ivige jachtfjilden'. It roomsk-katolisisme hat fierders noch it faaiefjoer, in tydlike foarm fan it hjirneimels, dêr't de sûnders fan harren sûnden reinige wurde (en derfoar bestraft wurde), ear't se talitten wurde kinne ta de himel.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.