Hnevank
Hnevank Հնեվանք | ||
Lokaasje | ||
lân | Armeenje | |
provinsje | Lori | |
plak | by Koertan | |
koördinaten | 40°57'N 44°352'E | |
Kleastergegevens | ||
oprjochting | 7e iuw | |
Ynformaasje bou | ||
boujier | 12e iuw | |
Kaart | ||
Hnevank (Armeensk: Հնեվանք Hnevank, "Ald Kleaster"") is oarspronklik in kleaster fan 'e Armeensk-Apostoalyske Tsjerke yn 'e noardlike Armeenske provinsje Lori. De skiednis fan it kleaster giet werom op 'e 7e iuw, mar it is tsjintwurdich foar in grut diel in ruïne.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1244 liet prins Smbat út it skaai fan 'e Orbeljans it kleaster op grutte skaal ferbouwe. In Georgysk ynskrift yn 'e tamboer fan 'e haadtsjerke betinkt dat feit. Tusken 1186 en 1208 fûn de bou fan in gavit plak.
De Orbeljans wiene besibbe oan 'e Liparitiden. Hja hearden ta de meast ynfloedrike feodale hearskers fan Georgje, oant se yn 'e 12e iuw ferballe waarden en harren yn Armeenje nei wenjen setten. Smbat sels wie de foarfaar fan 'e Armeenske foarsten fan 'e dynastsy fan Sjûnik.
It Armeenske regear liet it kleaster in jiermannich lyn wer opknappe en by dy restauraasje waard ek de slim skeinde tsjerke wer rekonstruearre.
Lokaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It kleaster leit op in heuvel yn 'e omkriten fan it doarp Koertan yn in kleau fan 'e rivier Gargar, dy't in eintsje fierderop yn 'e Dzoraget útmûnet. De haadstêd Jerevan leit 164 kilometer fierder.
Njonken de haadtsjerke bestiet it kompleks ferspraat oer it kleasterhiem noch út twa oare tsjerken, in gavit en ferskillende wen- en bedriuwsferbliuwen. De gebouwen binne ryklik fersierd mei reliëfs. Súdwestlik fan 'e tsjerke stiet in frijsteande klokketoer. De haadtsjerke waard oarspronklik yn 'e 7e iuw as krúskoepeltsjerke boud. Fan bûten is de tsjerke rjochthoekich, wylst it oerflak binnen krúsfoarmich is.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|