Springe nei ynhâld

Igel

Ut Wikipedy
Igel
Pylder fan Igel
Pylder fan Igel
Emblemen
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
Sifers
Ynwennertal 2.076 (2021)
Oerflak 7,31 km²
Befolkingsticht. 284 ynw./km²
Hichte 164 m
Oar
Koördinaten 49° 42' N 6° 32' E
Offisjele webside
gemeinde-igel.de
Kaart
Igel (Rynlân-Palts)
Igel

Igel is in plak yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It plak leit súdwestlik fan Trier op de lofter igge fan 'e Mûzel.

Bestjoerlike yndieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Igel is in Ortsgemeinde fan it gemeenteferbân Trier-Land, dat ûnderdiel foarmet fan 'e lânkring Trier-Saarburg.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Sint-Dyonisiustsjerke
  • De Pylder fan Igel is in 23 meter heech Romeinsk grêfmonumint en ien fan 'e monuminten fan it UNESCO-wrâlderfgoed Romeinske monuminten, dom en Leaffrouwetsjerke yn Trier.
  • De âlde Sint-Dionysiustsjerke fan Igel is in barokke tsjerke út 1758-1759 mei in 12e-iuwske romaanske toer.
  • Oan 'e Trierer Straße 30 stiet in foarname hearepleats mei hoektuorkes, dy't op de 17e iuw werom giet.
  • It Grutenhäuschen west fan it doarp is in foar part rekonstruearre 3e-iuwske Romeinske grêftimpel.
  • Tusken Igel en Wasserliesch lizze de resten fan de Hindenburgbrêge. De brêge út 1912 waard tsjin it ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch troch de Wehrmacht opblaasd en net wer opboud.


Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Igel fan Wikimedia Commons.