Indiana
Steat Indiana State of Indiana | |
---|---|
flagge | wapen |
The Crossroads of America (Ingelsk, "It Krúspunt fan Amearika") | |
lokaasje yn de Feriene Steaten | |
algemien | |
ôfkoarting | IN |
lân | Feriene Steaten |
status (jier) | steat (1816) |
haadstêd | Indianapolis |
grutste stêd | Indianapolis |
offisjele taal | Ingelsk |
sifers | |
ynwennertal | 6.596.855 (2014) |
befolkingstichtens | 70,2 / km² |
oerflak | 94.321 km² (1,5% wetter) |
bykommende ynformaasje | |
bynamme | de Hoosier State |
tiidsône | UTC –5 (of –6) |
simmertiid | UTC –4 (of –5) |
webside | www.in.gov |
- Dizze side giet oer de Amerikaanske steat Indiana. Foar oare betsjuttings, sjoch: Indiana (betsjuttingsside).
Indiana (Ingelske útspr.: [ɪndi'jæ:nǝ], likernôch "in-dy-jê-nuh"), offisjeel de Steat Indiana (Ingelsk: State of Indiana), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Indiana, byneamd de Hoosier State, leit yn it noardeasten fan it lân, yn 'e krite fan 'e Grutte Marren, en heart ta de regio fan it Amerikaanske Midwesten. De haadstêd is Indianapolis, en dat is mei-iens ek de grutste stêd. Neffens in skatting út 2014 hie de steat doe krapoan 6,6 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 16e steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Indiana mei goed 94.000 km² de 38e steat. Indiana stiet bekend om syn yn ferfal rekke stielyndustry en om 'e Indianapolis 500, in ferneamde autorace.
Etymology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme fan Indiana betsjut safolle as "Lân fan 'e Yndianen" of "Yndiaansk Lân", wat iroanysk is om't ûnder de kolonisaasje fan it gebiet yn it lêst fan 'e achttjinde iuw en it earste trêdepart fan 'e njoggentjinde iuw frijwol alle Yndianen fan it grûngebiet fan 'e steat ferdreaun waarden. De offisjele bynamme fan Indiana is de Hoosier State. It wurd hoosier, dat in soarte fan skelnamme foar de ynwenners fan Indiana is, sa't der ek in protte skelnammen besteane foar de ynwenners fan doarpen yn Fryslân, is in wurd fan twifelige etymology. Ornaris giet men der lykwols fanút dat it út 'e Amerikaansk-Ingelske streektaal fan Firginia, de Karolina's en Tennessee kommen is en safolle betsjut as 'domme plattelânsbewenner' of 'immen dy't op in tige ôfhandich plak wennet'.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Indiana hat in oerflak fan 94.321 km², wêrfan't 1,5% út wetter bestiet. It leit foar it meastepart yn 'e Eastlike Tiidsône (UTC –5, simmertiid –4), mar tolve countys yn 'e súdwestlike krite om Evansville hinne en yn it noardwestlike gebiet om Gary hinne meitsje diel út fan 'e Sintrale Tiidsône (UTC –6, simmertiid –5). Indiana grinzget yn it westen oan 'e Amerikaanske steat Illinois, yn it suden oan Kentucky, yn it easten oan Ohio en yn it noarden oan Michigan. Yn it noardwesten hat Indiana in 75 km lange kustline oan 'e Michiganmar, dat ien fan 'e fiif Grutte Marren is. De steat mjit 400 km fan noard nei súd, en op it breedste punt 233 km fan east nei west.
Yn trochsneed leit Indiana likernôch 230 m boppe seenivo. It heechste punt yn 'e steat is Hoosier Hill, wêrfan't de top op 383 m leit. It leechste punt is it plak dêr't de rivier de Wabash útmûnet yn 'e Ohio. Dêrmei is Indiana in frij flak gebiet, dat diel útmakket fan 'e Binnenlânske Flakte fan Noard-Amearika. De grutste rivier yn 'e steat is de Ohio, dy't de súdgrins mei Kentucky foarmet. De langste rivier fan 'e steat is lykwols de Wabash, mei in lingte fan 764 km. Oare wichtige rivieren binne de Maumee, de St. Joseph, de Whitewater, de Wite Rivier, en de Blauwe Rivier. De grutste natuerlike mar yn Indiana is de Wawasee-mar, wylst it grutste oerflaktewetter in opslachmar is, de Monroe-mar. De Tippecanoe-mar is mei 37 m de djipste mar fan Indiana. Der binne yn Indiana gjin Yndianereservaten.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Prehistoarje en koloniaal tiidrek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ierste minsklike bewenners fan Indiana wiene Paleo-Yndianen, dy't har omtrint 8000 f.Kr. yn it gebiet nei wenjen setten, doe't oan 'e ein fan 'e lêste iistiid de gletsjers har nei it noarden weromloeken. Neitiid waard Indiana behearske troch efterinoar de Argayske kultuer (±4500 f.Kr. – ±1500 f.Kr.), de Wâldlânkultuer (±1500 f.Kr. – ±1000 n.Kr.) en de Mississippiaanske kultuer (±1000 – ±1500). Tsjin 'e tiid dat de Frânsman René-Robert Cavelier, hear fan La Salle, yn 1679 as earste Jeropeeske ûntdekkingsreizger Indiana oandie, waard dat gebiet bewenne troch ferskate Algonkwynske folken, wêrûnder de Majêmy (Miami), de Sjâny (Shawnee) en de Illinois. Yn 'e achttjinde iuw setten har boppedat ferskate folken yn Indiana nei wenjen dy't troch de kolonisaasje fan har oarspronklike wengebiet dêrhinne ferdreaun wiene, lykas de Delawêr (Delaware).
La Salle waard folge troch oare Frânske ûntdekkingsreizgers, en fuort dêrefteroan arrivearren de earste Frânske pelskeaplju, dy't de Yndianen foarseagen fan tekkens, juwiellen, ark, sterke drank en fjoerwapens yn ruil foar lukrative beverpelzen. Yn 1702 stifte Louis Juchereau de Saint-Denis yn 'e neite fan it tsjintwurdige Vincennes de earste hannelspost yn Indiana. Jean Baptiste Bissot, hear fan Vincennes, boude yn 1715 Fort Miami, by wat no Fort Wayne is. Fan 'e 1730-er jierren ôf begûnen Frânsk-Kanadezen út it noarden wei en Britske kolonisten út it easten wei har yn gruttere oantallen yn Indiana te fêstigjen. De beide groepen rekken al rillegau deilis, mei as gefolch dat har yn 1750-er jierren ferskate wapene konfontaasjes foardiene. De Yndianen holden it mei de Frânsk-Kanadezen, en fochten ûnder de Frânske en Yndiaanske Oarloch, it Noardamerikaanske front fan 'e Sânjierrige Oarloch (1756-1763) oan 'e Frânske kant. Nettsjinsteande dat wiene it de Frânsen dy't úteinlik belies jaan moasten en by de Frede fan Parys al harren koloanjes yn Noard-Amearika oan 'e Britten ôfstiene.
De Yndianen leine har lykwols net del by dy gong fan saken, en ûnder de Oarloch fan Pontiac (1763-1766) makken se Fort Miami en ferskate oare Britske forten yn Indiana mei de grûn lyk. In Britsk keninklik dekreet út 1763 makke alle lân bewesten de Appalachen ta Yndiaansk territoarium en ferklearre de kolonisaasje fan dat gebiet yllegaal. Under de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch (1774-1783) fûn it meastepart fan 'e gefjochten oan 'e easkust plak, mar de Amerikaanske generaal George Rogers Clark teach mei in leger it binnenlân yn en fersloech de Britten by ferskate fjildslaggen op wat no it grûngebiet fan Indiana is. Yn febrewaris 1779 naam er dêrby Vincennes en Fort Sackville yn. Teffens wist er de befoarriedingslinen troch te snijen fan 'e Britske troepen dy't de opstannige Amerikanen oan 'e eastkust út it westen wei oanfoelen. Oan 'e ein fan 'e oarloch moast Grut-Brittanje by de Frede fan Parys alle lân besuden de Grutte Marren, Indiana ynbegrepen, oan 'e Feriene Steaten ôfstean.
Under Amerikaansk bestjoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1787 waard Indiana ûnderdiel fan it Amerikaanske Noardwestlike Territoarium. Yn 1800 waard Ohio dêr los fan makke, en waard de rest fan it gebiet omneamd ta it Territoarium Indiana. De haadstêd dêrfan waard fêstige te Vincennes en de earste gûverneur waard de lettere Amerikaanske presidint William Henry Harrison. Neitiid krige Indiana syn hjoeddeistige grinzen nei't yn 1805 it Territoarium Michigan derfan ôfskaat wie en it Territoarium Illinois yn 1809 foarme wie. Te begjinnen mei de Amerikaanske oerwinning op 'e Yndianen yn 'e Slach by Fallen Timbers, yn 1794, en it dêropfolgjende Ferdrach fan Greenville, fan 1795, waard de Yndianen stapke foar stapke hiel Indiana ûntnadere. Yn 1818 droegen de Majêmy hast de helte fan 'e hjoeddeistige steat oan 'e Amerikanen oer by de St. Mary's-oankeap. It lêste stik lân, yn noardeastlik Indiana, kaam yn 1826 by it Ferdrach fan Mississinwas yn Amerikaanske hannen.
Hoewol't de Yndianen har út alle macht tsjin 'e ûntnadering fan harren lân troch de blanken fersetten, koene se it tij fan 'e kolonisaasje net keare. Yn 1810 foarmen it Sjâny-opperhaad Tecumseh en syn broer, de medisynman Tenskwatawa, in grutte koälysje fan Yndiaanske stammen en folken dy't bekend kaam te stean as de Konfederaasje fan Tecumseh. Dat ferbûn behelle yn 1811 in oerwinning op 'e Amerikanen yn 'e Slach by Tippecanoe, en focht ûnder de Oarloch fan 1812 oan 'e side fan 'e Britten tsjin 'e Feriene Steaten. Doe't Tecumseh yn 1813 sneuvele yn 'e Slach oan de Thames, foel it bûnsgenoatskip lykwols útinoar en ferwettere it feriene ferset tsjin 'e Amerikaanske kolonisaasje. Neitiid waarden alle Yndianen yn 'e rin fan 'e 1820-er en 1830-er jierren út Indiana wei deportearre nei it lân bewesten de Mississippy, dêr't se úteinlik yn it Yndiaanske Territoarium (it lettere Oklahoma) bedarren, dêr't harren neikommelingen hjoed de dei noch libje.
Om't Vincennes nei de Amerikaanske nederlaach yn 'e Slach by Tippecanoe yn 'e gefareliny lei, waard yn maaie 1813 de haadstêd fan Indiana ferpleatst nei Corydon, yn it suden fan it territoarium. Twa jier letter waard in petysje fan 'e Territoriale Assimblee oan it Amerikaanske Kongres goedkard om fan Indiana in folweardige steat te meitsjen. Sadwaande koe Indiana op 11 desimber 1816 as de njoggentjinde steat lid wurde fan 'e Amerikaanske Uny. Yn 1825 waard de steatshaadstêd foar de twadde kear ferpleatst, no nei it sintraal leine Indianapolis. De kolonisaasje fan noardlik Indiana fûn oarspronklik plak troch lju út 'e steat New York en út Nij-Ingelân. Yn 'e midden fan Indiana fêstigen har benammen lju út it oanbuorjende Ohio en út Firginia en Noard-Karolina, wylst har yn it suden fral kolonisten út Tennessee en Kentucky nei wenjen setten. Dat smiet trije ferskillende kultueren op, dy't har wisten te hanthavenjen nettsjinsteande lettere ymmigraasje út Jeropa, en dy't sadwaande hjoed de dei noch altyd dúdlik ûnderskaat wurde kinne.
Under de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) focht Indiana oan 'e kant fan it Noarden tsjin it Amerikaanske Suden, dat him doedestiden ûnder de namme fan 'e Konfederearre Steaten fan Amearika besocht ôf te skieden. Indiana wie dêrby de earste Noardlike steat dy't de mobilisaasje útrôp. It stjoerde 126 rezjiminten ynfantery, 13 rezjiminten kavalery en 26 batterijen artillery nei it front ta, wat op in totaal oantal fan 208.367 soldaten en ofsieren útkaam. Dêrfan kamen 24.416 man yn 'e oarloch te sneuveljen, wylst mear as 50.000 ferwûne rekken. De iennichste fjildslach út 'e Boargeroarloch dy't op it grûngebiet fan Indiana útfochten waard, wie de Slach by Corydon, dy't op 9 july 1863 plakhie as ûnderdiel fan 'e Oanfal fan Morgan. Nei ôfrin fan 'e oarloch bleau Indiana noch lang in fierhinne agraryske steat, wêryn't de iennichste yndustry fan belang foarme waard troch slachthuzen, drankstokerijen en bedriuwen dy't har taleine op 'e makkelei fan treinwagons en rydtugen.
Tweintichste iuw
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e iere tweintichste iuw ûntjoech Indiana him ta in yndustrysteat mei sterke bannen mei de autoyndustry. Haynes-Apperson, de earste Amerikaanske kommersjeel súksesfolle automobylprodusint, wie oant 1925 fêstige yn Kokomo. Under de 1930-er jierren hie Indiana, krektlyk as de rest fan 'e wrâld, slim te lijen fan 'e Grutte Depresje. Yn dy tiid naam gûverneur Paul V. McNutt it foartou by de ynstelling fan in troch de steat bekostige systeem fan sosjale sekerheid. Dyselde makke teffens in ein oan 'e Drûchlizzing en fierde de earst ynkomstebelesting fan Indiana yn. Oan 'e oare kant rôp er ek ferskate kearen de steat fan belis út om it near lizze te kinnen op stakings.
De útbraak fan 'e Twadde Wrâldoarloch wie de rêding foar de ekonomy fan Indiana, mei't troch de oarlochsynset in ûnbeheinde fraach nei stiel en oare guod ûntstie dat yn Indiana makke waard. Yn totaal produsearre Indiana 4,5% fan alle wapens dy't yn 'e oarloch troch de Amerikanen brûkt waarden. Sa'n 10% fan 'e manlike befolking fan 'e steat tsjinne by de Amerikaanske Striidkrêften. Nei de ein fan 'e oarloch foelen produksjenivo's werom nei de sitewaasje sa't dy foarôfgeande oan 'e Krisisjierren bestien hie. De yndustrialisaasje fan 'e Indiana sette lykwols troch, en gie mank mei in hege mjitte fan urbanisaasje.
Oant de 1970-er jierren gie it dat it slydjage mei de stiel- en auto-yndustry. De Oaljekrisis fan 1973 makke lykwols dat it mei sokke swiere yndustry yn it neigean rekke, mei as gefolch tanimmende wurkleasheid. Dêrmei kaam Indiana ta de saneamde Roastgurdle (Rust Belt) te hearren, in gebiet yn it noarden fan 'e Feriene Steaten dêr't fabriken sleaten en begûnen fuort te roastkjen. Sûnt de 1980-er jierren, doe't de ekonomy fan Indiana wer wat by de wâl op begûn te klauwen, is it de steat ekonomysk mear foar de wyn gien as de measte buorsteaten.
Bestjoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Indiana bestiet bestjoerlik út 92 countys. De steatshaadstêd, Indianapolis, leit yn Marion County, yn 'e midden fan 'e steat. Krekt as alle Amerikaanske steaten wurdt Indiana bestjoerd troch in steatsregear mei oan it haad de gûverneur. De wetjaande macht is yn 'e hannen fan de Algemiene Assimblee fan Indiana, dy't bestiet út 'e Steatssenaat mei 50 sitten en it Steatshûs fan Offurdigen mei 100 sitten. Yn 'e Amerikaanske Senaat wurdt Indiana, lykas alle Amerikaanske steaten, fertsjintwurdige troch 2 senators. Yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen hat Indiana 9 sitten.
It politike lânskip fan Indiana wurdt behearske troch de beide grutte Amerikaanske politike partijen, de Demokratyske Partij en de Republikeinske Partij. Alle oare partijen spylje mar in marginale rol. Indiana is sûnt jier en dei in Republikeinsk bolwurk, dêr't de Demokraten oer it algemien net folle klearspylje. Sûnt 1900 hat Indiana by Amerikaanske presidintsferkiezings mar fiif kear yn mearderheid foar in Demokraat stimd. De lêste kear dat dat barde, wie yn 2008, doe't Barack Obama mei in ferskil fan 50% tsjin 49% wûn fan John McCain. Yn 2012 wûn Mitt Romney Indiana lykwols wer werom foar de Republikeinen.
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It bruto steatsprodukt fan Indiana bedroech yn 2010 $275,7 miljard. It grutste part dêrfan is noch altiten ôfkomstich út 'e yndustry. Noardwestlik Indiana, de krite om Gary hinne, is it grutste stielprodusearjende gebiet yn 'e Feriene Steaten. Oare yndustriële produkten út Indiana binne farmaseutika, medyske apparatuer, auto's, elektroanika, transportnedichheden, gemyske produkten, rubber, benzine en fabryksmasines. Nettsjinsteande dy ôfhinklikheid fan 'e yndustry hat Indiana minder te lijen hân fan 'e delgong fan 'e swiere yndustry as de measte buorsteaten. Dochs wurdt ek Indiana ta de saneamde Roastgurdle (Rust Belt) rekkene, in stripe yn 'e noardeastlike Feriene Steaten dêr't benammen de stiel- en autoyndustry sûnt de 1970-er jierren slim yn it neigean rekke is.
Op it mêd fan 'e lânbou leit Indiana yn sawol de Nôtgurdle (Grain Belt) as de Maïsgurdle (Corn Belt). Behalven nôt en maïs wurde der ek in protte meloenen, soajabeane, tomaten, druven en tabak ferboud. Fierders is ek de feehâlderijsektor fan belang, benammen foar de produksje fan suvel en aaien. Mei't Indiana oarspronklik fierhinne oerdutsen wie troch leafwâld, binne der noch in soad restbosken, dy't yn it suden fan 'e steat in grutte meubelmakkerijsektor ûnderstypje. It toerisme is yn Indiana net botte ûntwikkele, útsein oangeande de Indianapolis 500. Dat is in autorace dy't elts jier yn 'e steatshaadstêd Indianapolis holden wurdt.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens in offisjele rûzing troch it Amerikaanske Folkstellingsburo (op grûn fan gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010) hie Indiana yn 2014 6.596.855 ynwenners, wat in groei fan 1,74% is yn ferhâlding ta de stân fan saken yn 2010. De befolkingstichtens wie yn 2014 70,2 minsken de km². De grutste stêd fan 'e steat is de haadstêd Indianapolis, mei 835.000 ynwenners yn 2012. Oare gruttere stêden binne: Fort Wayne (255.000), Evansville (120.000), South Bend (101.000), Bloomington (84.000), Fishers (82.000), Carmel (82.000), Hammond (80.000), Gary (79.000) en Muncie (70.000).
Etnisiteit
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 wie de etnyske opbou fan 'e befolking fan Indiana doe sa: 81,3% blanken; 9,4% swarten; 6,2% Latino's; 1,7% Aziaten; 0,4% Yndianen; 0,1% Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs; 1,0% oaren of fan mingd etnysk komôf.
Blanke ynwenners fan Indiana binne fierhinne fan Noardwest- en Middenjeropeeske orizjine, mei as grutste oarsprongsgroepen Dútsers (22,7% fan 'e totale steatsbefolking), Angelsaksyske Amerikanen (12,0%), Ieren (10,8%), Ingelsen (8,9%) en Poalen (3,0%).
Indiana hat yn prinsipe gjin federaal erkende Yndianestammen, hoewol't de Pokagon Troep fan Potawatomy Yndianen út súdlik Michigan resint by South Bend, yn noardlik Indiana, in depindâns iepene hat. Fierders binne der yn Indiana ek gjin stammen mei inkeld erkenning op steatsnivo.
Taal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De offisjele taal fan Indiana is it Ingelsk, dat sûnt 1984 as sadanich by wet fêstlein is. It Ingelsk is ek de memmetaal fan it grutste part fan 'e befolking. De twadde taal fan Indiana, rekkene neffens oantal memmetaalsprekkers, is it Spaansk.
Godstsjinst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op it mêd fan godstsjinst bestie yn 2008 80% fan 'e befolking fan Indiana út kristenen, wêrûnder 61,5% protestanten, 18% roomsen en 0,5% eastersk-otterdoksen. De grutste protestantske denominaasje wie yn 2010 de Feriene Metodistyske Tsjerke, mei goed 355.000 leden. Ateïsten en agnosten foarmen yn 2008 16% fan 'e befolking. Oare godstsjinsten wiene it joadendom (1%) en it boedisme, it hindoeïsme en de islaam (allegear 0,5%). Alle oare religyen mei-inoar makken nochris 1% fan 'e befolking út.
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Indiana hat in fochtich lânklimaat, mei hjitte, wiete simmers en kâlde winters. It uterste suden hat in subtropysk klimaat en kriget in stik mear delslach as de rest fan 'e steat. Simmerdeis lizze de temperatueren oerdeis yn it noarden fan Indiana om 'e 29 °C hinne en yn it suden om 'e 32 °C hinne. By 't winter is it yn it noarden oerdeis likernôch –1 °C en yn it suden 4 °C. Rekôrtemperatueren wiene 47 °C, op 14 july 1936 yn Collegeville, en –38 °C op 19 jannewaris 1994 te New Whiteland. Delslachhoemannichten rinne útinoar fan 890 mm yn it noarden, oant 1100 mm yn it suden. Oan 'e kust fan 'e Michiganmar falt oer de hiele winter ferdield sa'n 200 sm snie, wylst it suden fan Indiana net mear as de helte dêrfan kriget.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.
|
steaten | ||
---|---|---|
Alabama • Alaska • Arizona • Arkansas • Delaware • Fermont • Firginia • Floarida • Georgia • Hawaï • Idaho • Illinois • Indiana • Iowa • Kalifornje • Kansas • Kentucky • Kolorado • Konettikut • Louisiana • Maine • Marylân • Massachusetts • Michigan • Minnesota • Mississippy • Missoery • Montana • Nebraska • Nevada • Nij-Hampshire • New York • Nij-Jersey • Nij-Meksiko • Noard-Dakota • Noard-Karolina • Ohio • Oklahoma • Oregon • Pennsylvania • Rhode Island • Súd-Dakota • Súd-Karolina • Teksas • Tennessee • Utah • Washington • West-Firginia • Wyoming • Wiskonsin | ||
ûnynkorporearre territoaria | ||
Amerikaanske Famme-eilannen • Amerikaansk-Samoä • Gûam • Noardlike Marianen • Porto Riko | ||
federaal distrikt | ||
Distrikt Kolumbia | ||
· · |