Springe nei ynhâld

Jack Mitchell (fotograaf)

Ut Wikipedy
Jack Mitchell (fotograaf)
keunstner
Jack Mitchell, selsportret
Jack Mitchell, selsportret
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jack Mitchell
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 13 septimber 1925
berteplak Floarida
stoarn 7 novimber 2013
stjerplak New Smyrna Beach
wurkpaad
wurksum as Fotograaf

Jack Mitchell (Key West, Floarida, 13 septimber 1925 - New Smyrna Beach, Floarida, 7 novimber 2013)[1] wie in Amerikaansk fotograaf, dy't ferneamd waard fan syn fotoos fan Amerikaanske dûnsers, keunstners, akteurs, muzikanten en skriuwers.

Mitchell syn wurk ferskynde yn grutte kranten en op de cover fan grutte tydskriften, dêr't mear as 160 covers fan Dance Magazine by wiene. Arts Magazine neamde him de earste fotograaf dy't kreative yndividuen behannele as personaazjes bûten harren wurk om. Smithsonian neamde him de mjitstêf wêrmei't oare dûnsfotografen harren eigen wurk beoardielen.

Dit artikel is in stobbe oer keunstner.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • [https//www.jackmitchellphotographer.com] Hiemside fan Mitcell

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Iconic photographer Jack Mitchell dies at 88