Jaroslavl
Jaroslavl | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Ruslân |
Oblast | Jaroslavl |
Federaal distrikt | Sintraal |
Sifers | |
Ynwennertal | 599.169 (2013) |
Oerflak | 205,37 km² (ynkl. wetter) |
Befolkingstichtens | 2913 / km² |
Hichte | 100 m |
Oar | |
Stifting | 1010 1073 (stêd) |
Tiidsône | UTC+3 |
Webside | side stêd Jaroslavl |
Jaroslavl (Russysk: Ярославль) is in stêd yn midden Jeropeesk Ruslân oan de rivier de Wolga, op sa'n 250 kilometer noardeastlik fan Moskou. It plak is it bestjoerlik sintrum fan de oblast Jaroslavl. It histoarysk sintrum fan de stêd, by it byinoar kommen fan de Wolga en de Kotorosl, stiet op de Wrâlderfgoedlist fan UNESCO. De stêd is part fan de Gouden Ring fan Ruslân, in groep fan toeristyske, histoaryske stêden om Moskou hinn en is ien fan de âldste stêden fan it lân.
De hjoeddeiske stêd leit op 7 kilometer benoardeasten de eardere Wytsingedelsetting Timerjovo út de 8e of 9e iuw. Foar de komst van de Slaven wennen op it plak fan Jaroslavl sprekkers fan Finûgryske talen.
De stêd hat in binnenhaven (oan de Wolga), is in ferkearsknooppunt (spoar, wegen, skipfeart) en wichtich yndustrieel sintrum, mei ûnder oaren ierdoaljeraffinaazje, de bou fan motors, masines en hys- en takelapparatuer; rubber-, tekstyl-, hout-, grafyske en fiedingsmiddelenyndustry. De universiteit bestiet sûnt 1970; der binne ferkate hegeskoallen en wittenskiplike ûndersyksynstituten. Fierders hat de stêd musea foar arsjitektuer, byldzjende keunsten en skiednis; planetarium. It Volkovteäter, yn 1750 stichte troch Volkov en Poljoesjkin, is it âldste teäter fan Ruslân.
Ynwennertal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
|
|
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Bouwurken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Jaroslave steane in Untsliepeniskatedraal en in Aartsingel Michaeltsjerke, neffens de oerlevering beide út 1215.
Partnerstêden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In kar