Springe nei ynhâld

Jeremy Brett

Ut Wikipedy
Jeremy Brett
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Peter Jeremy William Huggins
nasjonaliteit flagge fan it Feriene Keninkryk Britsk
berne 3 novimber 1933
berteplak Berkswell Grange
stoarn 12 septimber 1995 (61 jier)
stjerplak Londen
jierren aktyf 1954-1995
offisjele webside
(in) Profyl IMDb

Jeremy Brett (Berkswell, 3 novimber 1933Londen, 12 septimber 1995), berne as Peter Jeremy William Huggins, wie in Ingelsk akteur. Hy waard foaral bekend fan syn rol as privee-detektive Sherlock Holmes yn fjouwer Britske telefyzjesearjes: The Adventures of Sherlock Holmes, The Return of Sherlock Holmes, The Casebook of Sherlock Holmes en The Memoirs of Sherlock Holmes. Teffens is er bekend fan syn rol as Freddie Eynsford-Hill yn de Warner Bros.-produksje út 1964 My Fair Lady.

Jonkheid en karriêre foar Sherlock Holmes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Brett waard berne yn in Berkswell Grange yn Berkswell, Warwickshire, Ingelân. Hy wie in soan fan luitenant-kolonel Henry William Huggins, in legerofsier, en Elizabeth Edith Cadbury Butler. Hy gie nei de public school Eton College. Hy koe goed sjonge en siet op it kolleeezjekoar. Hy woe ynearsten jockey wurde, mar wie te grut en te swier.

Op de Central School of Speech and Drama dy't yn dy tiid yn de Royal Albert Hall yn Londen siet, krige er syn oplieding ta akteur. Yn 1954 studearre er ôf, mar syn heit easke dat er syn namme feroare om de eare fan de famylje te rêden. Hy helle syn artystenamme fan it label fan syn earste pak, "Brett & Co." Syn offisjele debút wie yn it Library Theatre yn Manchester yn 1954 en yn 1956 syn Londenske debút by it Old Vic-selskip yn Troilus and Cressida. Yn 1959, Brett spile dat jier Hamlet, ferlear syn mem it libben by in autoûngamak earne yn de bergen yn Wales. Dat foarfal hie in enoarm effekt op Brett.

Letter waard Brett neamd as opfolger fan Sean Connery as James Bond yn de film On Her Majesty's Secret Service, mar de rol gie nei de Australyske akteur George Lazenby. Ek die er audysje foar de rol by de film Live and Let Die, mar ek doe krige er de rol net. Roger Moore waard de nije James Bond.

Hy krige dêrnei ferskate rollen yn toanielstikken en films, ûnder oare yn 1964 yn de film My Fair Lady. Dêryn spile er de rol fan Freddie Eynsford-Hill.

Jeremy Brett as Sherlock Holmes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't Brett de rol fan Sherlock Holmes oernaam, hie der al in lange aktearkarriêre efter de rêch. De Sherlock-Holmes-rige, dy't tusken 1983 en 1994 produsearre waard troch it Britske telefyzjebedriuw Granada, is nau grûnfêste op it wurk fan Arthur Conan Doyle.
Ear't de rol spile ferdjippe er him yngeand yn it romankarakter en yn de skriuwer. Jeremy Brett komt hiel ticht by it karakter yn de roman mei syn ynterpretaasje, mar sels wie er kritysk oer syn optreden as Holmes; yn 1989 sei er yn in fraachpetear dat syn ferskining as Holmes yn de films noch lang net like op de beskriuwing fan de detektive yn de boeken fan Conan Doyle. Dochs waard er tige priizge om syn fertolking fan Holmes. Yn de earste searje spile er mei David Burke as dr. Watson en yn de lettere rigen en films mei Edward Hardwicke.

Yn 1995 stoar Brett thús yn Clapham, Londen, oan de gefolgen fan hertfalen. Syn hertkleppen wiene oantaast troch akút reuma dat er as bern trochmakke hie. Hy waard kremearre en de famylje krige syn jiske.

Op 24 maaie 1958 troude Brett mei aktrise Anna Massey. Harren soan, David Huggins is cartoonist, yllustrator en romanskriuwer. Brett en Massey giene by elkoar wei yn novimber 1962 nei't sy hawwe woe dat er in relaasje mei in man hie. Fan 1969 oant 1976 hie Brett in ferhâlding mei akteur Gary Bond, dy't presys in moanne nei Brett ferstoar. Ein jierren 70 hie er in relaasje mei akteur Paul Shenar. Yn 1976 boaske Brett oan Joan Sullivan Wilson, dy't yn july 1985 oan kanker stoar.

Ein 1986 waard fêststeld dat er oanhelle wie mei manyske-depressy, bipolêre steurnis. Brett krige litium foarskreaun. Hy ferwachte dat de sykte nea oerbetterje soe en dat jin der mei leare te libjen moasten. Dat hy gie wer oan 't wurk om Holmes te spyljen. Starichoan feroare dêrnei syn úterlik. Ien fan de bywurkingen fan de litiumtabletten wie it fêsthâlden fan focht. Teffens makken de medisinen him sleau. Hy krige ek hertfalen mei fan gefolch dat er faak de siken net fine koe en dat er op de set somtiids soerstof tatsjinne krije moast.

De lêste tsien jier fan syn libben waard er ferskate kearen opnaam fanwegen syn psychyske tastân en hertfalen. Dat syn sûnens tebek rûn wie him oan te sjen yn de lêste ôfleveringen fan de Sherlock Holmes-rige. Hy bespruts syn sykte earlik yn it iepenbier en moedige minsken mei deselde symptomen oan om help te sykjen.

Jier Namme Rol Plak
1988 The Secret of Sherlock Holmes Sherlock Holmes Wyndham's Theatre
1985 Aren't We All? Hon. William Tatham Brooks Atkinson Theatre
1978 Dracula Greve Drakula Broadway theatre
1967 As You Like It Orlando Royal National Theatre
1964 The Deputy Father Riccardo Fontana, S.J. Brooks Atkinson Theatre
1961 Hamlet Hamlet Oxford Playhouse/Royal Strand Theatre
1956 Troilus and Cressida Troilus Winter Garden Theatre
1956 Romeo and Juliet Paris Winter Garden Theatre
1956 Macbeth Malcolm Winter Garden Theatre
1956 Kening Richard II Duke of Aumerle Winter Garden Theatre


Jier Namme Rol
1988 The Hound of the Baskervilles Sherlock Holmes
1987 The Sign of Four Sherlock Holmes
1985 Deceptions Bryan Foxworth
1985 Florence Nightingale William Nightingale
1984 Morte d'Arthur Kening Arthur
1983 Number 10 William Pitt de Jongere
1982 The Barretts of Wimpole Street Robert Browning
1981 The Good Soldier Edward Ashburnham
1981 Macbeth Macbeth
1981 Madame X Dr. Terrence Keith
1979 Rebecca Max DeWinter
1975 The Prodigal Daughter Father Daley
1974 Haunted: The Ferryman Sheridan Owen
1974 Jennie: Lady Randolph Churchill (2 episoaden) Greve Karel Kinsky
1973 The Merchant of Venice Bassanio
1969 An Ideal Husband Vicount Goring
1968 The Merry Widow
1966 Chopin and George Sand - The Creative Years Chopin
1962 Dinner with the Family
1962 The Ghost Sonata De studint

Sherlock Holmes telefyzjerigen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 1994 The Memoirs of Sherlock Holmes
The Cardboard Box
The Mazarin Stone
The Red Circle
The Golden Pince-Nez
The Dying Detective
The Three Gables
  • 1991—1993 The Case-Book of Sherlock Holmes
1993 The Eligible Bachelor
1993 The Last Vampyre
1992 The Master Blackmailer
1991 The Creeping Man
1991 The Illustrious Client
1991 The Problem of Thor Bridge
1991 The Boscombe Valley Mystery
1991 The Disappearance of Lady Frances Carfax
1991 The Problem of Thor Bridge
1991 Shoscombe Old Place
  • 1992 ITV Telethon [Sherlock Holmes]
  • 1987—1988 Masterpiece Mystery
The Return of Sherlock Holmes: The Sign of Four
The Return of Sherlock Holmes: The Priory School
  • 1988 The Return of Sherlock Holmes
The Devil's Foot
Silver Blaze
Wisteria Lodge
The Bruce Partington Plans
  • 1986 The Return of Sherlock Holmes
The Empty House
The Abbey Grange
The Musgrave Ritual
The Second Stain
The Man with the Twisted Lip
The Priory School
The Six Napoleons
  • 1985 The Adventures of Sherlock Holmes
The Copper Beeches
The Greek Interpreter
The Norwood Builder
The Resident Patient
The Red Headed League
The Final Problem
  • 1984 The Adventures of Sherlock Holmes
A Scandal in Bohemia
The Dancing Men
The Naval Treaty
The Solitary Cyclist
The Crooked Man
The Speckled Band
The Blue Carbuncle

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]