John Landis
John Landis (Chicago, 3 augustus 1950) is in Amerikaansk filmregisseur, senarioskriuwer, akteur en filmprodusint.
Landis is spesjalisearre yn komedy's en horrorfilms. Sa as The Kentucky Fried Movie (1977), National Lampoon's Animal House (1978), The Blues Brothers (1980), An American Werewolf yn London (1981), Trading Places (1983), Three Amigos (1986), Coming to America (1988) en Beverly Hills Cop III (1994), en foar de regy fan Michael Jackson's fideoklips Thriller (1983) en Black or White (1991).
Hy waard berne op 3 augustus 1950 yn Chicago, mar syn âlden ferhuzen al nei Los Angeles doe 't er fjouwer moanne âld wie. Syn karriêre yn de filmyndustry begûn mei in baan yn de postkeamer fan 20th Century Fox. Yn 1969 krige er fêste foet yn de filmwrâld mei syn oanstelling as assistint-regisseur by de opnamen fan de film Kelly's Heroes mei Clint Eastwood en Telly Savalas. De opnamen fûnen plak yn Joegoslaavje en nei ôfrin bleau Landis yn Europa hingjen. Hy wurke foar ferskate filmproduksjes, lykas Once Upon a Time yn the West en A Town Called Bastard. Foar de ferskate films wurke er as assistint regisseur, stuntman, dialoochcoach, akteur en produksjeassistint. Uteinlik bedarre er yn Londen, dêr 't er nei eigen sizzen oannaam waard om mei te wurkjen oan it senario fan de film The Spy Who Loved Me.
Dit artikel is in stobbe oer regisseur.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Burke and Hare (2010)
- Fear Itself: In Sickness and in Health (2008)
- Masters of Horror: Family (2006)
- Masters of Horror: Deer Woman (2005)
- Real Men (2005)
- Susan's Plan (1998)
- Blues Brothers 2000 (1998)
- The Stupids (1996)
- Beverly Hills Cop III (1994)
- Innocent Blood (1992)
- Black or White (1991) fideoklip fan Michael Jackson
- Oscar (1991)
- Psycho IV: The Beginning (1990) (TF-film) as akteur
- Coming to America (1988)
- ¡Three Amigos! (1986)
- Spies Like Us (1985)
- Into the Night (1985)
- Thriller (1983) fideoklip fan Michael Jackson
- Twilight Zone: The Movie (1983) 1 diel
- Trading Places (1983) mei Eddie Murphy
- An American Werewolf in London (1981)
- The Blues Brothers (1980)
- Animal House (1978) ek bekend as National Lampoon's Animal House
- The Kentucky Fried Movie (1977)
- Schlock (1973)