Springe nei ynhâld

Kamp-Bornhofen

Ut Wikipedy
Kamp-Bornhofen
Emblemen
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Rhein-Lahn-Kreis
Sifers
Ynwennertal 1579 (2021)
Oerflak 11,41 km²
Befolkingsticht. 138 ynw./km²
Hichte 69 m.
Oar
Postkoade 56341
Koördinaten 50° 13' N 7° 37' E
Offisjele webside
www.kamp-bornhofen.de
Kaart
Kamp-Bornhofen (Rynlân-Palts)
Kamp-Bornhofen

Kamp-Bornhofen is in saneamde Ortsgemeinde yn de Midden-Ryndelte yn it Rhein-Lahn-Kreis yn Rynlân-Palts. It plak makket diel út fan it gemeenteferbân Loreley. Kamp-Bornhofen is in fan oerheidswegen erkend toeristeplak en ferneamd om de twa kastielen Sterrenberg en Liebenstein en it kleaster Bornhofen.

Bornhofen dûkt foar it earst yn 949 yn de dokuminten op. Yn de 11e iuw joech keizer Konrad II it Hof zu Kamp oan de hearen fan it sticht Limburg an der Lahn. Sûnt 1224 stiet hjir it beafeartskleaster Bornhofen. Yn de ûnrêstige tiid fan de Frânske revolúsje besetten Frânske troepen it plak. It Kongres fan Wenen ornearre dat it plak nei de Frânske besetting by Prusen foege waard. It wurd "Camp" yn de plaknamme waard pas yn 1936 ferfongen troch "Kamp".

Kamp-Bornhofen heart sûnt 1947 by de doedestiids nije dielsteat Rynlân-Palts. Fan 1972 oant 2012 hearde de gemeente by it gemeenteferbân Braubach.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • De twa kastelen Liebenstein en Sterrenberg, ek bekend ûnder de namme "Die feindliche Brüder, lizze fuortendaliks boppe Bornhofen. It noardlike kastiel, de Sterrenberg, giet werom op de 11e iuw. Liebenstein waard letter tusken 1284 en 1290 boud en wie nei alle gedachten ynearsten in foarwurk fan it kastiel Sterrenberg. In sêge fertelt dat hjir twa bruorren om de leafde fan in frou fochten. Heinrich Heine hat mei syn gedicht "Zwei Brüder" dizze sêge yn in literêr monumint omsetten.
  • It kleaster wurdt bewenne troch Fransiskaanske muontsen. De Marijetsjerke út 1400-1435 wurdt alle jierren troch likernôch 200.000 beafeartsgongers besocht. Tradisjoneel giet de beafeart mei in prosesje per skip oer de Ryn. Yn de tsjerke is in 15e-iuwsk byld van Marije en in yn 1765 stifte heechalter te sjen. De Fransiskaanske muontsen libje hjir sûnt 1890.
  • De neoromaanske Nikolaastsjerke waard yn de jierren 1902–1904 boud, mar hat foar in part in âldere ynrjochting.
  • Oan de Rheinuferstraße 8, 12, 13 en 14 binne de resten te sjen fan in earder kleasterkompleks en de âldere Nikolaastsjerke (de toer is fan 1870, de oanbou 15e-iuwsk) te sjen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: Kamp-Bornhofen