Springe nei ynhâld

Caracas

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Karakas)
Caracas
Santiago de León de Caracas
Bestjoer
Lân Fenezuëla
Distrikt Haadsteedlik Distrikt Miranda
Gemeente Libertador
Boargemaster Antonio Ledezma (ABP)
Sifers
Ynwennertal 1.815.679 (2009)
Befolkingsticht. 1431,5/ km²
Stêdekloft 1930 km²
5.196.514 ynwenners
Hichte 900 m
Oar
Stifting 25 july 1567
Tiidsône VST (UTC-04:30)
Koördinaten
Offisjele webside
www.alcaldiamayor.gob.ve
Lizzing CaraCas yn Fenezuëla

Caracas is de haadstêd en grutste stêd fan Fenezuëla yn Súd-Amearika. De stêd leit yn noarden fan it lân yn in delling fan de Cordillera de la Costa Central, tichtby de Karibyske See, mar dêrfan skieden troch in steil, heech berchtme, de Cerro Ávila; nei it suden ta lizze mear hichten en bergen. Caracas heart net by ien fan de steaten fan Fenezuëla, mar foarmet it Haadsteedlik Distrikt.

De stêd waard stifte yn 1567 as Santiago de León de Caracas troch de Spaanske ûntdekkingsreizger Diego de Losada.

Yn Caracas waarden twa persoanen berne dy't tige wichtich west hawwe yn de skiednis fan Súd-Amearika. Francisco de Miranda waard dêr yn 1750 berne en Simón Bolívar yn 1783.

Caracas waard op 26 maart 1812 ferwoastge troch in ierdskodding. De Spanjerds leinen dat út as in straf fan God foar de rebûlje tsjin de Spaanske oerhearsking.

Earste helte 20e iuw waard ierdoalje yn Fenezuëla ûntdutsen. Dat joech de ekonomy fan de stêd in enoarme ynpuls.

De metro fan Caracas kin sûnt 1983 brûkt wurde.

Maiquetia International Airport is it fleanfjild fan Caracas

Berne yn Caracas

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]