Karl Dönitz
Karl Dönitz (Grünau, 16 septimber 1891 - Aumühle, 24 desimber 1980) wie in Dútske admiraal en befelhawwer de Dútske marine (Kriegsmarine). Hy folge Adolf Hitler op as "Reichspräsident". Dêrtroch wie er de lêste lieder fan Nazi Dútslân (1 oant 23 maaie 1945) neidat Adolf Hitler himsels tekoart dien hie.
Iere libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 1 april 1910 begûn Dönitz as kadet yn de Kaiserliche Marine fan it Dútske Keizerryk. Op 1 april yn it neikommende jier begûn er oan de marineskoalle mei syn oplieding ta offisier. Op 1 oktober 1912 kaam er oan board fan de lytse kruser SMS Breslau as offisier. Yn dy tiid wie de SMS Breslau ien fan de modernste skippen fan de Dútske marine. De SMS Breslau foel tegearre mei de SMS Goeben ûnder Turksk kommando yn de Earste Balkankriich yn de Middellânske See. Op 27 septimber 1913 krige Dönitz de rang fan Leutnant zur See.
Earste Wrâldkriich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oan it begjin Earste Wrâldkriich slagge it lytse eskader om mei de SMS Breslau en SMS Goeben de Frânske en Britske marine te ûntwiken en nei Konstantinopel te kommen, dêr't de skippen ûnder befel de Turkske marine kamen. De SMS Breslau krige de namme Midilli en fjochte mei tsjin de Russen op de Swarte See. Fan it Osmaanske Ryk krige er yn 1914 de Turkske medaille mei swurden en de izeren heale moanne foar syn tsjinsten, njonken ferskate oare ûnderskiedings dy't er yn dat jier krige lykas it Izeren Krús twadde klasse en in jier letter it Izeren Krús earste klasse. Yn septimber 1915 ferliet er de SMS Breslau en krige fan syn boardkommandant in treflike beoardieling. Dêrnei kaam er by de U-boat ôfdieling fan de Dútske marine. Hy bleau oant de ein fan de kriich op de U-boaten oant syn U-boat troffen waard troch de Britske marine op 4 oktober 1918. Dönitz waard finzen nommen troch de Britten en op 12 july 1919 frijlitten.
Ynterbellum
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de kriich wie er - krekt as in soad oare Dútsers konservatyf en patriottistysk - frustrearre troch it weiwurden fan it Dútske Keizerryk en de foarming fan de Weimarrepublyk dy't neffens him de reden wie foar gaos en ûnrêst yn de nije republyk. Hy hie langstme nei rêst en oarde en neffens him soe dat âlde weromhelle wurde kinne troch in nije sterke lieder. Hy waard by eintsjebeslút lid fan de Nazi-partij (NSDAP) omdat er tocht dat Adolf Hitler de problemen fan Dútslân wol oplosse koe, mar ek omdat er benaud wie foar it kommunisme.
Twadde Wrâldkriich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1939 krige er it befel oer de dúkboaten fan de Dútske marine. Dönitz boude de ôfdieling fan de Dútske marine op en waard it effektyfste wapen fan de marine. Hy wie in goede strateech, dy't mei syn U-boten (dúkboaten) militêr súkses hie tsjin de alliearde float yn de Twadde Wrâldkriich. op 30 jannewaris 1943 waard hy as opfolger beneamd troch Erich Johann Albert Raeder (1876-1960), dy't oant dan ta befelhawwer wie fan de Dútske marine. Troch Dönitz waarden de dúkboaten aloan mear as strategysk wapen tsjin de alliearden brûkt, mar de alliearden feroaren harren strategy tsjin de U-boaten ek. Yn maaie 1943 wie it kearpunt fan it súkses fan de Dútske U-boaten, doe soene de U-boaten weromlutsen wurde fan de Atlantyske Oseaan. Syn beide soans stoaren oan board fan in dúkboat.
Foardat Hitler himsels op 30 april 1945 tekoart die, beneamde er Karl Dönitz yn syn polityk testamint as syn opfolger. Dönitz waard troch Hitler beneamd ta "Reichspräsident" (rykpresidint) en net as Führer, omdat der neffens Hitler mar ien Führer wêze koe yn de Dútske skiednis. Dönitz wie tige ferheard doe't er hearde dat hy Hitler opfolgje moast, omdat it yn 'e reden lei dat in oare pommerante Nazi (Heinrich Himmler bygelyks) de Führer opfolgje soe. Op 1 maaie 1945 naam it Dönitz-regear deunby Flensboarch de macht oer it Tredde Ryk oer. Dat regear waard ek wol it Flensboarchregear neamd. Dönitz begûn syn nije amt as presidint mei in taspraak foar de radio en fertelde dat er it Dútske folk rêde woe fan de bolsjewistyske fijân (de Sowjetuny) en dat betsjutte dat Dútslân noch gjin belies jaan soe.
Hy stjoerde it oanbod om te kaputilearjen nei de Britske fjildmaarskalk Montgomery, mar woe fierder fjochtsje tsjin de Russen. Lykwols wegere Churchill syn fersyk en foar de alliearden moast Dútslân sûnder betingst kaputilearje. De alliearden wienen ree om fierder te gean mei bombardeminten op Dútske stêden, dat Dönitz gie akkoard en op 7 maaie 1945 kapitulearre it Tredde Ryk. Op 9 maaie waard dat op 'e nij dien, no mei de Russen derby. Dönitz en syn regear (dêr't û.o. generaal Alfred Jodl en Reichsminister Albert Speer by sieten) waarden net fuort arrestearre.
Doe't Dönitz hearde wat foar ôfgryslike dingen der bard wienen yn de Dútske konsintraasjekampen, woe er fuort in ûndersyk nei dat barren ha. Safier soe it net mear komme, omdat leden fan it Dönitz-regear op 23 maaie doch noch arrestearre waarden.
Nei de Twadde Wrâldkriich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Proses fan Neurenberch
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Karl Dönitz wie ien fan de fertochten by it Proses fan Neurenberch dêr't hy skuldich ferklearre waard oan it bedriuwen fan misdaden tsjin de frede en it bedriuwen fan kriichsmisdriuwen. By it proses kaam it saneamde "Laconia-befel" fan 1942 op it aljemint. De dúkboatbemanningen waard hjitten dat se net langer mear oerlibjenden fan de ferneatige skippen rêde mochten nei in oanfal op in dúkboat dy't besocht dat wol te dwaan. Yn it oardiel fan it gerjocht waard it Laconia-befel net meinommen. It oardiel foar Dönitz wie tsien jier finzenis yn Berlyn, dêr't er op 1 oktober 1956 frijlitten waard.
Libben yn West-Dútslân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei syn straf sette er him nei wenjen yn Aumühle, deunby Hamburch. Syn frou Ingeborg stoar yn 1962; syn beide soans wienen yn de kriich al ferstoarn. Hy besocht om in oar byld te jaan fan de soldaten dy't neat mei de Nazi-polityk te krijen hienen. Yn 1968 publisearre Dönitz syn autobiografy Mein wechselvolles Leben, dêr't er himsels yn omskriuwt as in militêr dy't him distansearret fan it nasjonaal-sosjalisme. Doe't yn 1973 en 1974 bekend waard, dat de geheime koade fan de Enigma-kaai dy't op dúkboaten brûkt waard om te kommunisearjen, brutsen wie, liet Dönitz koart foar't er stoar witte dat er dat altyd al tocht hie. Op 24 desimber 1980 stoar Karl Dönitz en waard op it Waldfriedhof fan Aumühle-Wohltorf te hôf brocht. Karl Dönitz is 89 jier wurden.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Die Fahrten der "Breslau" im Schwarzen Meer (1917)
- Die Kreuzerfahrten der Goeben und Breslau (tegearre mei Theodor Krauss; 1933)
- Die U-Bootswaffe (1939)
- Feind im Fadenkreuz. U-Boot auf Jagd im Atlantik (fan Werner Hartmann en Gerhart Weise mei foarwurd fan Dönitz, 1942)
- Zehn Jahre und zwanzig Tage (1958)
- Angriff, ran, versenken. Die U-Boot-Schlacht im Atlantik (fan Karl Alman, mei foarwurd fan Dönitz, 1965)
- Mein wechselvolles Leben (1968)
- Deutsche Strategie zur See im Zweiten Weltkrieg. Die Antworten des Großadmirals auf 40 Fragen (1970)