Springe nei ynhâld

Kaspar Schwenckfeld

Ut Wikipedy
Kaspar Schwenckfeld

Kaspar Schwenckfeld von Ossig, ek Caspar von Schwenckfeld, Kaspar von Schwenckfeld (* 1490 yn Ossig ûnder Lüben, hartochdom Liegnitz; - 10 desimber 1561 yn de Frije Keizerstêd Ulm) wie in Dútsk herfoarmer, spiritualistysk teolooch en religieusk skriuwer.

Hy wie ien fan de earste promotors fan de protestantske reformaasje yn Silezië. Schwenckfeld kaam fia Thomas Müntzer en Andreas Karlstadt ta de begjinsels fan'e Reformaasje. Hy ûntwikkele lykwols syn eigen prinsipes en krige rûzje mei Maarten Luther oer de eucharistyske kontroverse (1524). Hy hie syn eigen opfettings oer de sakraminten, ûntwikkele yn nau oparbeidzjen mei syn humanistyske kollega Valentin Crautwald (1465-1545). Syn folgelingen waarden in nije sekte, dy't yn Dútslân ferbean waard, mar syn ideeën beynfloedzje it anabaptisme, it piëtisme op it Europeeske fêstelân en it puritanisme yn Ingelân.

In soad fan syn folgelingen waarden yn Europa ferfolge en moasten har bekeare of flechtsje. Dêrom binne der Schwenckfelder tsjerkegemeenten yn lannen as de Feriene Steaten (dy't doe de trettjin koloanjes fan Grut-Brittannië wiene).

Keppelingen om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]