Likenis fan de Ferlerne Soan
De Likenis fan de Ferlerne Soan is yn it Nije Testamint in parabel fan Jezus. It ferhaal stiet yn it evangeelje fan Lukas (15:11-32).
De likenis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De likenis giet oer in heit en twa soannen. De jongste soan wol de wrâld yn en freget it erfdiel fan syn heit op. It besit dat him oerdroegen wurdt, fermakket er ta jild en dan giet er op reis. Hy nimt it der goed fan en fergriemt de sinten oan froulju en feesten, mar it jild rekket op en as it lân dan ek noch troch in hongersneed rekke wurdt, moat er bargen hoedzje om troch de tiid te kommen. Hy soe mar wat graach wat ha wolle fan wat er de bargen te iten jout, mar dat wurdt him net tastien. Op it lêst giet er beroufol werom nei hûs en freget syn heit oft er lykas syn feinten foar him wurkje mei; hy fertsjinnet ommers net mear om in soan neamd te wurden. Mar syn heit is optein dat er werom is en lit him yn moaie klean stekke. Dêrby lit de heit ek noch ris it bêste keal slachtsje en in grut feest tariede. De âldste soan wurket noch op it lân, mar as er tichterby hûs komt en it trelit heardt, freget er ien fan de feinten wat der oan de hân is. Ferheard heart er dat syn broer werom is en dat der dêrom in grut feest organisearre wurdt. Lilk rint er nei syn heit en freget dy hoefolle jierren hy al net trou al it wurk dien hat dat him opdroegen is, sûnder dat er ea sels mar in bokje hân hat om ris in feestmiel mei syn kammeraden te hâlden. Wylst syn broer wyldsinnich al it jild der troch jage hat, wurdt der no foar him it bêste keal slachte. Syn heit besiket him del te bêdzjen en seit dat al it besit dat er besit ek fan him is. Mar syn jongste soan wie dea mar no wer libben; hy wie ferlern mar is werom fûn.
Kontekst en útlis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Ferlerne Soan is de lêste fan trije likenissen op in rige yn it evangeelje fan Lukas oer ferlies en ferlossing. Oan de Ferlerne Soan geane de likenissen fan it Ferlerne Skiep en de Ferlerne Drachme foarôf. Jezus fertelt dy likenissen nei't Fariseeërs en learaars Jezus ferwite mei sûnders ôf te jaan. De tradisjonele útlis is dat de ferlerne soan stiet foar de minsken dy't it ferkearde paad kieze. It wie al in skandaal dat hy it erfdiel opeaske, dêrnei smiet er it jild oer de balke en moast er doe't er ta reapsein wie ek noch ris ûnreine bisten fersoargje. Hy toande lykwols oprjocht berou doe't er wer thús kaam. De hâlding fan de heit dy't sûnder ferwiten syn soan ferwolkommet wjerspegelet de leafde en genede fan God. De Fariseeërs wurde fertsjintwurdige troch de âldste soan, dy't nea fan it rjochte paad ôfwykte en dêrom ek mar min begripe kin wêrom't de heit sa'n soad opset by it weromkommen fan syn jongste soan.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ferlerne Soan fan Wikimedia Commons. |