Media yn Turkije
Yn Turkije binne der sa'n 300 tillefyzjestjoerders - wêrfan't inkelde tsientallen nasjonaal útstjoere - en mear as 1.000 radiostjoerders dy't de steatsradio TRT bekonkurrearje.
Foar sjoernalisten binne tema's as Koerden, definsje en de politike islam gefoelige ûnderwerpen dy't liede kinne ta arrestaasje en ferfolging. Minskerjochtegroepen sizze dat sjoernalisten wol slein en opsletten binne troch de plysje. It is normaal wannear't in radio of tillefyzjestasjon in skoftke net mear útstjoere mei at se net dogge wat it regear seit. Omdat Turkije by de Jeropeeske Uny wol, lit it regear de sjoernalisten mear gewurde as foarhinne. Mar neffens in rapport fan de belangenorganisaasje Reporters Without Borders út Parys waarden sjoernalisten yn 2006 juridysk beheind. It is ferbean om de Turkske nasjonale identiteit te misledigjen. Dêrfoar binne sjoernalisten en publisisten ferfolge. Koerdysktalige stjoerders meie sûnt juny 2004 wer útstjoere as ûnderdiel fan de herfoarmings om oan de Jeropeeske Uny kritearia foar nasjonale minderheden te foldwaan. Der binne ek Koerdyske TV-stjoerders dy't fan bûten Turkije oer de satellyt útstjoere.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Salih Sarıkaya Turkish journalists who have lost their jobs for basically trying to perform their profession
- Marc Pierini en Markus Mayr, jannewaris 2013, Press Freedom in Turkey, Carnegie Endowment for International Peace
- Dilek Kurban, Ceren Sözeri, juny 2012, Caught in the Wheels of Power: The Political, Legal and Economic Constraints on Independent Media and Freedom of the Press in Turkey, Turkish Economic and Social Studies Foundation. ISBN 978-605-5332-18-1
- Piotr Zalewski, Foreign Affairs, 14 juny 2013, The Turkish Media’s Darkest Hour: How Erdogan Got the Protest Coverage He Wanted
- Akser, Murat; Baybars-Hawks, Banu (2012), "Media and Democracy in Turkey: Toward a Model of Neoliberal Media Autocracy", Middle East Journal of Culture and Communication, diel 5, nr. 3, 2012, s. 302–321(20)