Mesen
Mesen | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Belgje | |
gewest | Flaanderen | |
provinsje | West-Flaanderen | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.045 (2022)[1] | |
Oerflak | 3,6 km² | |
Befolkingsticht. | 290 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 50° 45' N 2° 53' E | |
Lokaasje Mesen yn it arrondissemint Iper yn 'e provinsje West-Flaanderen | ||
Offisjele webside | ||
mesen.be |
Mesen (Frânsk: Messines) is in stêd en gemeente yn 'e Westhoeke fan de Belgyske provinsje West-Flaanderen. By wet krige Mesen yn 1985 op 'e nij de status fan stêd, dy't it yn 'e Napoleontyske tiid ferlern hie. De stêd telt lykwols skraach 1.000 ynwenners en is dêrmei de lytste stêd fan it lân. Mesen is in Flaamske fasiliteitengemeente, itjinge betsjut dat de gemeente ek yn in oare taal as de offisjele tsjinsten oanbiede moatte as ynwenners dêrom freegje. Om dy reden hoegde de lytse gemeente ek net by weryndielings te fusearjen mei oare gemeenten.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mesen ûntjoech him fan in Romeinske villa nei in midsiuwske stêd, wêrby de hannel tusken it bekken fan de Leie en dat fan 'e Izer in wichtige rol spile. Foar platte skippen wie de Douvebeek ek te befarren, wernei't it guod oer lân fan Mesen fierder nei Iper ferfierd waard. Ek de wei fan Cassel nei Kortrijk gie by Mesen lâns en dêr ûnstie in grevekastiel. Alle jierren liet de greve dêr in jiermerk organisearje.
Yn 1057 stifte Adela fan Mesen (1009-1079), in dochter fan kening Robert II fan Frankrijk en fan Constance Taillefer d'Arles, in nonnekleaster yn Mesen. It kleaster krige yn 1060 de status fan abdij. Hja wie de widdo fan Richard III fan Normandje (1008-1027) en yn 1028 boaske hja de greve Boudewyn V fan Flaanderen (1013-1067). Neffens in bysûnder statút hie de abdis ek it bestjoer oer de stêd en moast hja streekrjocht ferantwurding ôflizze oan de kening fan Frankryk ynstee fan oan de greve fan Flaanderen. De Frânske leelje yn it wapen en de flagge fan de stêd ferwize dêr ek hjoed-de-dei nei. Nei it ferstjerren fan Adela fan Mesen op 8 jannewaris 1079 waard hja yn 'e krypte fan de abdijtsjerke begroeven.
Mei de jiermerk groeide Mesen yn 'e 11e en 12e iuw mei in pear oare stêden út ta in wichtich sintrum foar de lekkenyndustry. Ek de learyndustry spile in rol fan betsjutting. Fan de jiermerken yn de krite wie dy fan Mesen de lêste yn 't jier ear't de winter útein sette en dy fan it tichtebylizzende Iper de earste. Dêrom wie de stêd ek in plak dêr't de hannelers winterdeis bleaune. Yn 1164 waard in twadde tsjerke yn Mesen boud, de oan Sint-Nikolaas wijde parochytsjerke, dy't ek patroanhillige fan de hannelslju wie. Foar de grutte stedsbrân yn 'e 15e iuw telde Mesen likernôch 2.000 hurden; omrekkene soe dat delkomme op likernôch 6.000-8.000 ynwenners.
Mesen krige wâlen mei grêften, dy't yn 'e twadde helte fan de 13e iuw útwreide waarden. Troch fersâning fan de Douvebeek en politike ûnrêst kaam der in ein oan de bloei fan de stêd. De Ingelsen stieken yn 1383 yn de Hûndertjierrige Kriich Mesen yn 'e brân en der bleau net in soad fan oer. In werbou folge, Mesen krige in psychiatrysk sikehûs, in fleishûs en in stedhûs (1469), mar yn 1477 folge op 'e nij in ramp doe't de Frânsen it stedsje foar in grut part ferneatigen. Dêroerhinne kaam yn 1541 in brân yn de abdij en yn 1552 noch in stedsbrân. Yn dy tiid waard Mesen in belangryk kalvinistysk sintrum, mar doe't de katoliken de stêd werom feroveren flechten in soad wevers nei Ingelân en sette it ferfal wer yn. Mesen ûntjoech him wol ta in beafeartsplak en alle jierren wiene der prosesjes dy't bekend waarden ûnder de namme Grote Keer en ek hjoed-de-dei noch holden wurde.
De Frânsk-Spaanske oarloggen feroarsaken in fierdere delgong. Yn 1685 waard de Sint-Niklaastsjerke ôfbrutsen en de abdijtsjerke wie no wer de iennige tsjerke fan Mesen. Nei't Mesen mei de Frede fan Nijmegen by Frankryk kaam folge in restauraasje fan de abdij. Under it bewâld fan Maria Theresia waard de abdij sletten, mooglik om't hja spul hie mei de abdis. De abdijtsjerke waard in parochytsjerke en wijd oan Nikolaas fan Myra, de patroanhillige fan de yn 1685 ôfbrutsen parochytsjerke, wylst yn de abdijgebouwen in skoalle foar wezen en militêren ûnderbrocht waard.
Yn de Frânske tiid waard Mesen in selsstannige gemeente, mar yn 'e rin fan de 19e iuw bleau it plak relatyf ûnbelangryk.
Op 1 novimber 1914 besetten Dútsers nei swiere bombardeminten Mesen. Ien fan dy Dútske soldaten wie Adolf Hitler, dy't de ruïnes fan de abdijtsjerke noch skildere hat. Yn 1916 waarden de Dútse posysjes ûndermine en yn juny 1917 opblaasd, wêrby yn in pear tellen hast 10.000 Dútske soldaten it libben lieten. Doe briek de Twadde Slach by Mesen út (14-17 juny 1917) en folge de oermastering fan de stêd troch Nij-Seelânske troepen. Fan april oant 28 septimber 1918 foel Mesen nei in offensyf wer yn Dútske, mar de befrijing fan Mesen folge yn novimber fan dat jier. Tsjin 1922 wiene de measte ynwenners werom en waard de stêd werboud.
Gemeente
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeente Mesen hat mar ien kearn en dat is de stêd sels. Dy kearn leit oan de noardgrins fan de gemeente en in part fan de bebouwing ferspraat wat fierder op it grûngebiet fan Wijtschate yn de gemeente Heuvellân .
De súdlike grins fan Mesen wurdt troch de Douvebeek foarme.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Sint-Nikolaastsjerke hat in skiednis dy't op it jier 1057 werom giet. Yn 'e Earste Wrâldkriich waard de doe al tige ferboude tsjerke ferneatige en de weropbou folge yn 1928. De tsjerke is de oarspronklike abdijtsjerke, dy't Adela fan Mesen stifte en oarspronklik oan Us-Leaffrou wijd wie. Nei it ôfskaffen fan de abdij waard de tsjerke in parochytsjerke en feroare de patroanhillige yn Sint-Nikolaas. De eardere abdijgebouwen waarden nei de ferneatiging yn 'e Earste Wrâldkriich net mear werboud. It yn de abdijgebouwen ûnderbrochte gesticht ferhûze doe nei Lede. Under it koer fan de tsjerke is noch in romaanske krypte út de 11e iuw, dêr't Adela fan Mesen begroeven waard.
Yn 'e Earste Wrâldkriich is der in soad fochten yn en om Mesen en der binne noch in soad oantinkens oan dy tiid. Mesen hat in karriljon dy't om it kertier muzyk spilet fan de lannen dy't oan de kriich meidiene. Dêrnjonken binne der ferskillende militêre begraafplakken:
- Op it Messines Ridge British Cemetery mei it Messines Ridge (New Zealand) Memorial rêste mear dan 1.500 deaden. It is it plak dêr't Adolf Hitler by de Slach om Iper ferwûne rekke oan syn foarholle troch't in kugel him skampe. Hitler waard fersoarge op de Bethlehem Farm yn 'e Rijselstraat. Hitler skildere ek in ferneatige tsjerke fan Mesen, wêrfan in kopy te sjen is yn it museum fan Mesen (it orizjineel hinget yn in Russysk museum). H
- Bethleem Farm East Cemetery
- Bethleem Farm West Cemetery
- It Ierske Fredespark is it lêste kriichsmonumint dat yn de Westhoeke stifte waard. It is tagelyk ien fan de seldsume monuminten dy't de bydrage fan de Ieren oan de Earste Wrâldkriich betinkt.
Yn Mesen stiet ek it monumint All Together Now ta ontinken fan it krystbestân yn de Twadde Wrâldkriich. Yn 1914 ferlieten Britske en Dútske soldaten dêr de rinfuorgen om meiïnoar Kryst te fieren. It wie eefkes dien mei de oarloch en de soldaten fuotballen sels meiïnoar.
-
Messines Ridge British Cemetery
-
Bethleem Farm East Cemetery
-
Bethleem Farm West Cemetery
-
Ierske Fredespark
-
All Together Now
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl:Mesen
|
West-Flaanderen | |
---|---|
Alveringem - Anzegem - Ardooie - Avelgem - Beernem - Blankenberge - Bredene - Brugge (haadstêd) - Damme - De Haan - De Panne - Deerlijk - Dentergem - Diksmuide - Gistel - Harelbeke - Heuvelland - Hooglede - Houthulst - Ichtegem - Iper - Ingelmunster - Izegem - Jabbeke - Knokke-Heist - Koekelare - Koksijde - Kortemark - Kortrijk - Kuurne - Langemark-Poelkapelle - Ledegem - Lendelede - Lichtervelde - Lo-Reninge - Menen - Mesen - Meulebeke - Middelkerke - Moorslede - Nieuwpoort - Oostende - Oostkamp - Oostrozebeke - Oudenburg - Pittem - Poperinge - Roeselare - Ruiselede - Spiere-Helkijn - Staden - Tielt - Torhout - Veurne - Vleteren - Waregem - Wervik - Wevelgem - Wielsbeke - Wingene - Zedelgem - Zonnebeke - Zuienkerke - Zwevegem | |
· · |