Springe nei ynhâld

Money Train

Ut Wikipedy
Money Train
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Joseph Ruben
produsint Neil Canton
Jon Peters
senario Doug Richardson
David Loughery
kamerarezjy John Lindley
muzyk Mark Mancina
filmstudio Peters Entertainment
distribúsje Columbia Pictures
spilers
haadrollen Wesley Snipes
Woody Harrelson
byrollen Jennifer Lopez
Robert Blake
Chris Cooper
Scott Sowers
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 22 novimber 1995
foarm langspylfilm
sjenre plysje-, misdie- en
   aksjekomeedzjefilm
taal Ingelsk
spyltiid 110 minuten
budget en resultaten
budget $68 miljoen
opbringst $77,2 miljoen

Money Train is in Amerikaanske plysje-, misdie- en aksjekomeedzjefilm út 1995 ûnder rezjy fan Joseph Ruben, mei yn 'e haadrollen Wesley Snipes, Woody Harrelson en Jennifer Lopez. De titel betsjut "Jildtrein". It ferhaal giet oer twa pleechbruorren dy't by de metroplysje yn New York wurkje en in plan betinke om 'e metro te oerfallen dy't it jild fan 'e ferkochte kaartsjes út alle metrostasjons ophellet. De film krige oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy en flopte yn 'e bioskopen.

De swarte John en blanke Charlie Robinson binne twa pleechbruorren dy't as plysjes wurkje by de New York City Transit Police, in tsjinst dy't oer it metrostelsel giet, de New York City Subway. Mei de kryst efterfolgje se in dief troch de metrotunnels. Metrotreinen op dat trajekt wurde stilset, mar Donald Patterson, it haad fan 'e metroplysje, lit de deistige jildtrein mei de opbringst fan 'e kaartsjeferkeap foar de metro gewoan trochride. Dêrmei bringt er de beide bruorren en de dief yn libbensgefaar, en by it earstfolgjende metrostasjon wurdt de dief, in teenager, troch de bewekkers fan 'e jildtrein deasketten. Dat lokket slaanderij út tusken de bruorren en de bewekkers. Neitiid moatte John en Charlie by de uterst ûnsympatike en rasistyske Patterson op kantoar komme foar in skrobbearring, om't se de jildtrein fertrage hawwe.

Letter dy deis freget Charlie John om jild, sadat er (fan syn eigen jild) foar him in krystkado keapje kin. Charlie, dy't in gokferslaving hat, ferspilet it jild lykwols by in potsje poker mei hege ynset. Neitiid wurdt er troch in pear swiere jonges yn opdracht fan 'e woekerder Brown, by wa't er in skuld fan $15.000 útstean hat, ûnderstboppest oer de râne fan it dak fan in flatgebou holden. Op syn wanhopige tillefoantsje komt John del, en as dy te hearren kriget hoe djip oft syn broer yn 'e skulden sit, seit er ta ôfgriis fan Charlie tsjin Brown dat se him mar falle litte moatte. As Brown driget dat echt dwaan te sillen, bynt John lykwols yn en ûnthjit er dat er de skulden fan syn broer foldwaan sil.

Underwilens hawwe John en Charlie in nije kollega krigen, de oantreklike Latina Grace Santiago, op wa't se allebeide fereale reitsje. Op har earste wurkdei slacht 'the Torch' ("de Toarts") wer ta, in searjemoardner dy't minsken libben ferbaarnt. Hy besproeit in lokettiste mei benzine en stekt dan har hokje oan. John en Charlie witte it frommeske te rêden, mar Grace, dy't efter 'the Torch' oan giet, wurdt troch him delslein en de moardner wit te ûntkommen.

As in protte fan 'e gebrûklike bewekkers fan 'e jildtrein omreden fan 'e feestdagen frij hawwe, wurde John, Charlie en Grace oanwiisd om 'e restearjende bewekkers te fersterkjen en ride se mei op 'e jildtrein. De rit einiget op 'e nij yn slaanderij tusken de bruorren en de bewekkers, dêr't Grace diskear ek yn behelle rekket (oan 'e kant fan 'e bruorren). Op 'e nij moatte de bruorren by Patterson op it matsje komme, dy't harren diskear net inkeld beskrobbet om't se de trein wer fertrage hawwe, mar harren der ek fan beskuldiget dat se $12.000 efteroerdrukt hawwe. Midden ûnder it heechoprinnende petear flústeret in assistint Patterson lykwols yn it ear dat it missende jild wer teplak is en dat in lokettist in folsleine bekentenis ôflein hat. Patterson smyt dêrop de bruorren sûnder wurd fan ûntskuldiging út syn kantoar.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Charlie kriget it neitiid yn 'e holle om syn skulden ôf te lossen troch echt de jildtrein te berôvjen. Hy hat ûnder de rit in roaster yn 'e flier opmurken en ek in ûnderhâldsljedder sjoen dy't út ien fan 'e tunnels op it trajekt fan 'e jildtrein nei Central Park liedt. Hy seit tsjin John dat it bêste momint om sa'n berôving út te fieren âldjiersjûn is, om't der dan minder befeiliging is en mear opbringst fan kaartsjeferkeap, dy't dy deis om 'e $4 miljoen hinne bedraacht. John wol lykwols neat fan 'e plannen fan syn broer witte.

Underwilens hawwe de bruorren ôfpraat dat Charlie Grace 'hawwe mei' en dat John him weromlûkt. It docht lykwols bliken dat Grace mear belangstelling hat foar John as foar Charlie. Om't er him skuldich fielt dat er efter Charlie syn rêch om mei Grace omgiet, jout John syn broer yn ien kear de $15.000 om Brown ôf te beteljen. Mar as Charlie de metro nimt ûnderweis nei Brown, wurdt er bûsehifke troch in âld wyfke en ferliest sa it kefert mei al it jild. Wylst Charlie troch Brown syn trewanten hielendal yninoar slein wurdt, bedriuwe John en Grace by him thús foar it earst de leafde. Letter dy nacht komt Charlie by John thús, dêr't er himsels deryn lit. As er John en Grace op bêd sjocht, is dat de perfekte ein foar it soarte dei dat er hat. Hy makket John gjin ferwiten, mar it docht him wol fertriet, en hy jout him deprimearre ôf.

De oare deis set de metroplysje in undercoveroperaasje op, wêrby't Grace har foardocht as in lokettiste yn 'e hope dat 'the Torch' har oanfalle sil. Charlie komt te let en dronken op it wurk, wat liedt ta wurden mei John. Underwilens ferskynt 'the Torch', dy't Grace werom ken fan harren eardere moeting, en sa lucht kriget fan 'e fâle. Hy wol har lykwols al deameitsje, dat hy bejout him nei in perron oarekant de metroline, dêr't er in wachtsjende passazjier foar in passearjend metrostel smyt. Wylst alle plysjes dêrop ta komme, giet 'the Torch' nei Grace har hokje en besproeit har mei benzine. Charlie, dy't as iennichste oerbleaun is om Grace yn 'e rekken te hâlden, beseft suver te let wat der bart. As er it op it lêste momint dochs trochkriget, iepenet er yn it wylde wei it fjoer op 'the Torch', dy't útnaait. John, weromkearend fan it plak dêr't de passazjier ûnder de metro kommen is, set de efterfolging yn en sit de moardner nei troch de metrotunnels. As it úteinlik ta slaanderij tusken harren komt, wit John 'the Torch' sels yn 'e brân te stekken, wêrnei't de moardner skept wurdt troch in foarbyrazende metro.

Nei ôfrin fan it hiele fiasko kriget Charlie fan Patterson ûntslach om't er mei syn ûnferantwurdlik hâlden en dragen ûnskuldige minsken yn gefaar brocht hat. As John syn broer besiket te ferdigenjen, kriget hy ek dien. Neitiid reitsje de bruorren deilis, mei't se inoar de skuld jouwe fan wat der bard is. John seit dat er neat mear mei Charlie te krijen hawwe wol en rint fuort. Letter wurdt Charlie yn it húske fan syn stamkroech op 'e nij ûnder hannen nommen troch Brown-en-dy, en diskear driget Brown John te fermoardzjen as Charlie syn skulden net ôfbetellet. De kafeebaas hat lykwols heart wat der sein is, en giet dermei nei John ta, dy't Brown opsiket yn 'e stripklub dy't er eksploitearret en him en syn mannen in flink wan bruien jout.

As op âldjiersjûn dúdlik wurdt dat Charlie fan doel is troch te setten mei de berôving fan 'e jildtrein, wol John de hannen alhiel fan syn broer ôflûke. Grace praat lykwols op him yn troch te sizzen dat er mar ien broer hat en dat famyljeleden inoar helpe moatte. Underwilens kringt Charlie de jildtrein binnen troch it roaster yn 'e flier as de bewekkers allegear op it perron fan in metrostasjon binne. Hy kin sa maklik mei de trein fuortride, mar as er by de ûnderhâldsljedder nei Central Park komt, falt syn plantsje yn it wetter as fuortby de iepening in trijetal plysjes te pearde steane te praten. Der sit neat oars op as om wer werom nei de jildtrein ta, en as er dêr komt, wurdt er opwachte troch John.

De beide bruorren besykje mei de jildtrein te ûntsnappen, en om foar te kommen dat Patterson fan op ôfstân de remmen ynskeakelet, litte se de remfloeistof fuortrinne. Dêrtroch kinne se lykwols sels de trein ek net mear ôfremje. Se rame mei maksimumfaasje troch in stielen barrikade hinne. Kowalski, de haadferkearslieder fan 'e metro, ropt de jildtrein út ta in op 'e rin giene trein en begjint metro's om te lieden sadat se net op itselde spoar komme, mar Patterson jout opdracht om 'e 1220 Coney Island-metro nei it spoar foar de jildtrein te lieden, mei't er der wis fan is dat de dieven wol remje sille as se in passazjierstrein foar harren sjogge. De jildtrein sûnder remmen riidt op 'e 1220 yn, remmet ôf troch de klap, mar kriget dan wer mear faasje en raamt de passazjierstrein op 'e nij. As it sa trochgiet, sille beide metro's ûntspoare, mar de passazjierstrein kin net hurder en de jildtrein hat gjin remmen. Boppedat is troch de earste klap de faasjehendel fêst kommen te sitten.

Om 'e libbens fan 'e passazjiers fan 'e 1220 te rêden, beslute de bruorren om 'e jildtrein yn 'e efterút te smiten, wat him mei dizze faasje sûnder mis oer de kop slaan litte sil. Charlie stekt in metalen stange troch it foarrút en posisjonearret dy sa, dat er tsjin 'e hendel fan 'e efterút oandrukt wurde sil as de jildtrein de 1220 wer rekket. De beide bruorren klimme dêrnei op it dak fan 'e jildtrein en springe op it lêste momint oer nei de 1220. As de jildtrein troch de stange yn 'e efterút set wurdt, slacht er yndie oer de kop en rôlet dan sydlings hûnderten meters fier troch de tunnels, wêrby't er grutte skea oanrjochtet. Patterson, dy't op it folgjende stasjon stiet te wachtsjen, sjocht it ta syn ôfgriis foar syn eagen barren.

Alle oandacht fan 'e plysje giet út nei de jildtrein, wylst de passazjiers fan 'e 1220 halje-trawalje út harren metro evakuëarre wurde. Yn 'e gaos minge de bruorren harren mank de passazjiers. Ear't se lykwols ûntkomme kinne, kriget Patterson harren yn it each. John en Charlie beare dat se op it nijs fan 'e kaping fan 'e jildtrein ôfkommen binne, om Patterson eefkes wat sâlt yn 'e wûne te wriuwen. Patterson leaut dat fuortendaliks om't hy soks sels ek dwaan soe, mar as er harren op 'e nij mislediget, ferjit er dat er net mear de baas fan 'e bruorren is en dat der neat is dat harren tsjinkeart om him in terwinkel te jaan, wat se ek dogge. De ferbaldere Patterson ropt dat er John en Charlie arrestearje litte sil, mar Grace, dy't op dat stuit op it toaniel ferskynt, arrestearret ynstee Patterson sels, foar it moedwillich yn libbensgefaar bringen fan 'e passazjiers fan 'e 1220.

De bruorren kuierje it metrostasjon út en komme op Times Square, dêr't op dat stuit krekt it ôftellen foar it nije jier begjint. As se inoar om persiis tolve oere oankrûpe, beseft John dat Charlie swier wurden wêze moat, of dat er wat ûnder syn jas ferberget. Hy lûkt de rits omleech en sjocht ta syn ûntsteltenis dat Charlie in jildsek mei mear as $536.000 meitôget. Wylst de bruorren begjinne te redendielen oer de fraach oft Charlie it jild hâlde sil, ja of nee, set de ôftiteling fan 'e film yn.

Wesley Snipes.
Woody Harrelson.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
John Robinson Wesley Snipes
Charlie Robinson Woody Harrelson


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Grace Santiago Jennifer Lopez
Donald Patterson Robert Blake
'the Torch' Chris Cooper
Brown Scott Sowers
Riley Joe Grifasi
Kowalski Skipp Sudduth
Dooley Enrico Colantoni

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Money Train waard regissearre troch Joseph Ruben nei in senario fan Doug Richardson en David Loughery, dat basearre wie op in idee fan Richardson. As produsinten wiene Neil Canton en Jon Peters by it projekt belutsen, foar de filmstudio Peters Entertainment. Der wie foar de film in budget fan $68 miljoen beskikber. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan John Lindley, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Mark Mancina.

Foar de opnamen waard in R21-metrostel oanpast, dat trochgie foar de jildtrein. Yn 'e film wurdt dy foarstelt as in ymposant sulverkleurich metrostel mei oranje knipperljochten en doarren dy't tarist binne mei traaljes. De echte jildtrein fan 'e New Yorkske Metropolitan Transportation Authority liek op in gewoane ûnderhâldstrein, mei giele en swarte diagonale streken. De lêste fan sokke treinen ried yn 2006, mei't it kontante jild dat eltse dei ynkassearre waard, op dramatyske wize belune troch de yntroduksje fan 'e MetroCard en automatisearre kaartsjeferkeap wêrby't betelle wurde koe mei in creditcard.

Foar Money Train waard in R21-metrostel oanpast. Nei de opnamen waard it skonken oan it New York Transit Museum.

De distribúsje fan Money Train waard fersoarge troch Columbia Pictures. De film gie op 22 novimber 1995 yn premiêre.

Money Train krige oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy. Yn it tydskrift Variety skreau Brian Lowry dat de film "mar trochstuitere mei in weardeleas senario en in wikseljend tempo." Hal Hinson fan The Washington Post neamde it "in swakke matefilm dy't smoarfol klisjees sit", en Ken Tucker fan Entertainment Weekly spriek fan "in grutte lûdroftige pinehollefilm". Yn 'e Los Angeles Times omskreau Kenneth Turan Money Train as "in akseptabele, sij it net folle-easkjende ûndernimming". Stephen Holden fan The New York Times skreau: "de film is in slingerjende, piipjende joyride dy't fûnken ôfsmyt as wie it fjoerwurk."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Money Train in leech goedkarringspersintaazje fan 22%, basearre op 32 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] is lûdroftich, ynkoherint en doelleas, en hoewol't Snipes en Harrelson deryn weriene wurde, toant it oan dat ek stjerduo's fier fan ymmún binne foar de wet fan ferminderjende mearopbringsten."

Money Train brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $35,4 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $41,8 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op in teloarstellende $77,2 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $68 miljoen betsjut dat in winst fan $9,2 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Nei alle gedachten kaam Money Train sadwaande net út 'e kosten.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.