Springe nei ynhâld

Nije Wyn yn Alde Sekken

Ut Wikipedy
Drager fan in wynsek (Oaljeskilderij fan de Georgyske keunstskilder Niko Pirosmani)

De likenis fan de Nije Wyn yn Alde Sekken is yn it Nije Testamint in parabel fan Jezus. De likenis stiet yn de evangeeljes Mattéus (9:16-17), Markus (2:21-22) en Lukas (5:36-38).

De likenis is in part fan in diskusje as Jezus mei learlingen tegearre mei net sok fernaam folk by Mattéus oan tafel sit. Learlingen fan Jehannes freegje dan oan Jezus: Wêrom fêstje wy en de Fariseeërs, wylst jo learlingen hjir sitte te iten?

Ynhâld fan de likenis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jezus andert harren dat de feestgongers noch net fêstje, salang't de breugeman noch oanwêzich is. Net earder dan dat de breugeman weinommen wurdt, is it tiid om te fêstjen. Nimmen set in lape fan in nij stik klean op in âld stik klean, want it nije stik krimpt en skuort dan út. Likemin docht men nije wyn yn âlde sekken, want de âlde sekken skuorre en dan rint de nije wyn der út. Beide binne dan wei. Mar docht men nije wyn yn nije sekken dan bliuwe beide behâlden.

De likenis kin op ferskate wizen ynterpretearre wurde. In útlis is dat men jin net tefolle opslute moat yn datjinge wat wenst is en dat men iepen stean moat foar it nije. Ek kin it âlde stik klean en de âlde wynsek it âlde ferbûn, dat it tradisjonele joadendom, symbolisearje, en de nije lape en de nije wyn it nije ferbûn, it kristendom, symbolisearje.