Springe nei ynhâld

Noardwestlike Universiteit

Ut Wikipedy
Noardwestlike Universiteit
Northwestern University
Namme
Ofkoarting NU
Biedwurd "Quaecumque Sunt Vera"
   ("Al Wat Wier Is")
Lokaasje
Lân Feriene Steaten
steat Illinois
Plak Evanston (Illinois)
Oare bysûnderheden
Oprjochting 28 jannewaris 1851
Tal studinten 21.208 (2016)
Tal meiwurkers 3.401 (2014)
Kleuren pears en wyt
         
Netwurken AAU, BTAA, URA, NAICU,
COFHE, IAMSCU
Offisjele webside
northwestern.edu
Kaart
Noardwestlike Universiteit (Chicago)
Noardwestlike Universiteit
Lokaasje yn 'e stêdekloft fan Chicago.

De Noardwestlike Universiteit (Ingelsk: Northwestern University, of koartwei Northwestern) is in Amerikaanske bysûndere universiteit op fan oarsprong metodistysk-kristlike grûnslach, dy't yn 1851 oprjochte waard. De ynstelling is fêstige yn Evanston, yn 'e Amerikaanske steat Illinois, dat in foarstêd fan Chicago is. De Noardwestlike Universiteit hat lykwols ek kampussen yn Chicago sels en yn 'e Katareeske haadstêd Doha, mei lytsere fêstigings yn Miami, Washington, D.C. en San Francisco. De universiteit stiet bekend om syn opliedings yn sakemanagement, rjochten, medisinen, musikology, sjoernalistyk en technyk. Yn 2014 wurken der 3.401 perfesters, dosinten en oare stêfleden, en yn 2016 wiene der 21.208 studinten, wêrfan't 12.855 in postdoktorale stúdzje folgen.

De Noardwestlike Universiteit hat it Latynske biedwurd "Quaecumque Sunt Vera", dat safolle betsjut as "Al Wat Wier Is". It is in sitaat út it Brief oan de Filippiërs út it Nije Testamint fan 'e Bibel, dêr't de apostel Paulus (yn Filippiërs 4:8) seit: "By einsluten, bruorren: al wat wier is, al wat earber is, wat rjocht is, wat rein is, wat leaflik is, wat in goede klank hat, alles wat deugd hjit en lof fertsjinnet, jou dêr jim omtinken oan."

De Deering Bibleteek op 'e kampus yn Evanston.

Op 31 maaie 1850 kamen njoggen foaroansteande sakelju, metodistyske foaroanmannen en abbekaten út Chicago gear en besleaten om in universiteit op te rjochtsjen. De nije ynstelling wie bedoeld foar de ynwenners fan it diel fan 'e Feriene Steaten dat fan 1787 oant en mei 1803 bekend stien hie as it Noardwestlik Territoarium (Ohio, Indiana, Illinois, Michigan, Wisconsin en dielen fan Minnesota). Dêrfandinne dat de universiteit de namme 'Noardwestlike Universiteit' krige. Op 28 jannewaris 1851 skonk de Algemiene Assimblee fan Illinois in offisjeel goedkard hânfêst oan 'e universiteit, dy't dêrtroch dy dei as syn datum fan oprjochting beskôget. De njoggen stifters fan 'e Noardwestlike Universiteit wiene allegear metodisten, en trije fan harren wiene predikanten. Mar hoewol't se harren ynstelling loskes ferbûnen mei de Metodistysk-Episkopaalske Tsjerke, wiene se it der fan it begjin ôf oan oer iens dat op harren universiteit lju fan alle leauwensoertsjûgings talitten wurde moasten.

Ien fan 'e stifters, John Evans, nei wa't letter de stêd Evanston ferneamd wurde soe, kocht in stik lân ter grutte fan 153 ha oan 'e kust fan 'e Michiganmar fuort benoarden Chicago, en in oaren, Philo Judson, ûntwikkele plannen foar de stifting fan 'e stêd Evanston sels, dy't om 'e Noardwestlike Universiteit hinne groeie soe. It earste gebou, Old College, gie op 5 novimber 1855 iepen, en doe waarden ek de earste studinten talitten. Om jild byinoar te bringen foar de fierdere oanlis fan gebouwen, ferkocht de universiteit "ivige stúdzjebeurzen" foar $100 it stik, dy't de keaper en syn neiteam oant yn ivichheid it rjocht op fergees ûnderwiis oan 'e Noardwestlike Universiteit joech. Yn 1869 kaam in oar wichtich gebou ree, University Hall.

Yn 1873 gie it Evanston Kolleezje foar Dames (ECL) yn 'e Noardwestlike Universiteit op, en Frances Willard, dy't letter yn 'e Feriene Steaten lanlike bekendheid krige as in suffrazjette en as ien fan 'e oprjochtsters fan 'e Women's Christian Temperance Union (WCTU), in tige ynfloedrike feriening fan hielûnthâldende froulju, waard de earste dekaan foar froulju fan 'e Noardwestlike Universiteit. (De universiteit soe yn 1938 it Willard Residential College nei har ferneame.) De earste froulike studinten waarden yn 1869 ta de Noardwestlike Universiteit talitten en studearren yn 1874 ôf.

De Noardwestlike Universiteit brocht yn 1882 foar it earst in Amerikaansk fuotbalteam yn it fjild foar in kompetysje mei oare universiteiten, en waard letter in oprjochtsjend lid fan 'e Big Ten Conference. Tusken 1870 en 1890 foarme de universiteit bannen mei al besteane hegeskoallen yn Chicago op it mêd fan rjochten, medisinen en toskhielkunde; dy waarden meitiid yn 'e Noardwestlike Universiteit yntegrearre en besteane no noch yn 'e foarm fan ûnderskate fakulteiten binnen de universiteit. In foarbyld is de Pritzker Skoalle foar de Rjochten, dat de âldste rjochte-oplieding fan Chicago is.

University Hall, út 1869: it twadde gebou fan 'e universiteit dat ree kaam, en it âldste dat no noch stiet.

Yn 1892 waard pears de offisjele kleur fan 'e Noardwestlike Universiteit, dy't dêrmei swart en goud ferfong nei't in kommisje fan 'e universiteit fêststeld hie dat der fierstente folle oare hegeskoallen en universiteiten wiene dy't swart en goud as offisjele kleuren hiene. Tsjintwurdich is pears noch altyd de offisjele kleur fan 'e Noardwestlike Universiteit, mar ek wyt hat in beskate offisjele status, û.m. om't it as sadanich neamd wurdt yn ferskate universiteitsregels en teffens yn it âldste universiteitsliet, Alma Mater, út 1907 (mei de tekst: "Hail to purple, hail to white").

Yn 1917 waard de Noardwestlike Universiteit útnûge om lid te wurde fan 'e Feriening fan Amerikaanske Universiteiten (AAU). Yn 'e perioade dat Walter Dill Scott presidint fan 'e universiteit wie, fan 1920 oant 1939, waard úteinset mei de bou fan in yntegrearre njonkenkampus yn Chicago, dy't ûntwurpen waard troch James Gamble Rogers. Dêr waarden de beropsopliedings ûnderbrocht. Tagelyk waard de Kellogg Skoalle foar Management oprjochte, en waarden op 'e kampus fan 'e Noardwestlike Universiteit yn Evanston noch ferskate wichtige gebouwen set, lykas it Dyche Stadium (dat no Ryan Field hjit) en de Deering Bibleteek.

De nije Universiteitsbibleteek op 'e kampus yn Evanston, datearjend út 1970.

Nei de gouden tiid fan 'e 1920-er jierren waard de Noardwestlike Universiteit slim rekke troch de Grutte Depresje fan 'e 1930-er jierren. It jierliks ynkommen fan 'e ynstelling sakke mei 25% fan $4,8 miljoen yn 1930-1931 nei $3,6 miljoen yn 1933-1934. Dat kaam om't folle minder minsken it lesjild opbringe koene, sadat it tal studinten tebekrûn, wylst tagelyk ek de ynkomsten út ynvestearrings krompen en skinkings fan âld-studinten en filantropen mear as troch de helte giene. De universiteit reägearre troch alle wurknimmers 10% salaris ynleverje te litten, nimmen mear ekstra oan te nimmen, al it bouwurk stil te lizzen en te besunigjen op útjeften foar ûnderhâld, boeken en wittenskiplik ûndersyk. Trochdat Illinois yn deselde tiid regels opstelde foar de diplomearring fan ûnderwizers, koe de Noardwestlike Universiteit in nije oplieding op dat mêd begjinne, wat nije studinten en it breanedige jild binnenbrocht. Yn 1933 waard in útstel om 'e Noardwestlike Universiteit fúzjearje te litten mei de Universiteit fan Chicago yn omtinken nommen, mar ôfwiisd.

Krekt sa't dat mei oare Amerikaanske universiteiten it gefal wie, makke ek de Noardwestlike Universiteit grutte feroarings troch nei't de Twadde Wrâldoarloch útbrutsen wie en de Feriene Steaten dêr ein 1941 troch de Japanske oanfal op Pearl Harbor by belutsen rekken. It tal studinten kromp dramatysk yn om't withoefolle jongemannen by de striidkrêften tsjinnen, mar tagelyk waarden der koarte lesprogramma's opset mei in tige hege yntinsiteit dy't folge waarden troch mear as 50.000 man militêr personiel. Yn dy tiid wie Franklyn B. Snyder de presidint fan 'e universiteit, en dyselde hie ek it tafersjoch oer de sitewaasje nei de oarloch, doe't der in tafloed fan nije studinten kaam om't de soldaten, matroazen en mariniers allegear harren útstelde stúdzjes ynhelje woene. Dêrtroch koene sawol de haadfêstiging yn Evanston as de njonkenkampus yn Chicago sterk útwreide wurde.

It Ford Motor Company Engineering Design Center, út 2005, op 'e kampus yn Evanston.

Yn 1948 rjochte de foaroansteande antropolooch Melville J. Herskovits oan 'e Noardwestlike Universiteit de fakulteit foar Afrikaanske Stúdzjes op, it earste ynstitút fan syn soarte yn 'e hiele Feriene Steaten. Under it presidintskip fan J. Roscoe Miller (1949-1970) waard de kampus yn Evanston fierder útwreide doe't yn 'e 1960-er jierren 30 ha fan 'e Michiganmar ynpoldere waard (de saneamde Lakefill). Yn deselde tiid woeks de universiteit ek op organisatoarysk flak oan troch de oprjochting fan nije lesprogramma's en it oannimmen fan personiel dêrfoar, wylst de Anty-Fjetnamoarlochsbeweging foar polarisaasje soarge. Yn 1978 fûnen twa bomoanslaggen fan 'e Unabomber plak oan 'e Noardwestlike Universiteit. Underwilens kamen de universiteit en de stêd Evanston mei-inoar op spande foet te stean, û.m. troch de fersteuring fan 'e iepenbiere oarder troch studinten yn it ramt fan 'e anty-oarlochsprotesten, it skeel oer it al of net tastean fan 'e ferkeap fan alkohol deunby de kampus en it gebrûk troch de universiteit fan gemeentlike brânwacht- en ambulânsetsjinsten wylst de ynstelling troch syn hânfêst frijsteld is fan it beteljen fan gemeentlike belestings.

Hoewol't de oerheidsstipe oan universiteiten yn 'e 1970-er en 1980-er jierren ôfboud waard, wist presidint Arnold R. Weber yn dy perioade de finânsjes fan 'e Noardwestlike Universiteit te stabilisearjen, wat late ta in refitalisearring fan 'e beide kampussen. Yn 'e 1990-er en 2000-er jierren fûn der ûnder it presidintskip fan Henry S. Bienen in dúdlike taname plak fan sawol it oantal nije studinten as harren kwaliteit. Underwilens groeiden ek de fasiliteiten en stêf fan 'e Noardwestlike Universiteit mei. Yn 1999 ûntdieken studinten fan 'e fakulteit sjoernalistyk ynformaasje dy't finzene Anthony Porter frijpleite, twa dagen foar't er de deastraf krije soe. It Innocence Project fan 'e Noardwestlike Universiteit hat sûnt noch 10 oare lju frij krigen dy't ûnskuldich ta de deastraf feroardiele wiene. Yn 2008 iepene de universiteit in nije njonkenkampus yn Doha, de haadstêd fan Katar. Nei 2010 waarden in nij muzyksintrum en in nij gebou foar de sakeskoalle set, krekt as in sportkompleks fan $270 miljoen.

In loftfoto fan 'e Noardwestlike Universiteit yn Evanston, oan 'e kust fan 'e Michiganmar.

De haadfêstiging fan 'e Noardwestlike Universiteit stiet oan Sheridan Road yn Evanston (Illinois), in foarstêd fan Chicago dy't goed 19 km noardlik fan dy metropoal oan 'e kust fan 'e Michiganmar leit. De kampus yn Evanston beslacht in oerflak fan 97 ha, wêrfan't 30 ha opmakke wurdt troch de saneamde Lakefill, in gebiet dat yn 'e 1960-er jierren oan 'e igge fan 'e Michiganmar ynpoldere is. Yn Evanston binne de studinte-opliedings fêstige, lykas de musikologyfakulteit (Bienen Skoalle foar Muzyk), de sjoernalistykfakulteit (Medills Skoalle foar Sjoernalistyk), de technyske fakulteit (Robert R. McCormick Skoalle foar Technyk en Tapaste Wittenskip) en de Kellogg Skoalle foar Management, en fierders de Skoalle foar Postdoktorale Studinten. De kampus yn Evanston is mei it iepenbier ferfier út Chicago wei te berikken mei de saneamde Purple Line (dy't syn namme tanket oan 'e offisjele kleur fan 'e universiteit) fan 'e Chicago 'L', in soarte fan boppegrûnske metro.

Sheridan Road rint dwers troch de kampus hinne, sadat der twa dielkampussen ûntstien binne: de Noardkampus en de Súdkampus, dy't merkber ferskillende sfearen hawwe. Dat is it gefolch fan 'e dominânsje fan 'e eksakte wittenskippen en it sportprogramma op 'e Noardkampus, en fan 'e geastwittenskippen en de skiene keunsten op 'e Súdkampus. Op 'e Noardkampus binne it Noardwestlik Technologysk Ynstitút, it Dearborn Observatoarium, it Ford Motor Company Design Center, it Henry Crown Sportpaviljoen en it Norris Wettersportsintrum fêstige, en teffens de haadkertieren fan ferskate studinteferienings foar jonges (de saneamde fraternities, "bruorskippen"). Op 'e Súdkampus steane de Pick-Staiger Concert Hall, it Mary en Leigh Block Keunstmuseum en ferskate haadkertieren fan studinteferienings foar famkes (de saneamde sororities, "susterskippen").

It Montgomery Ward Memorial Building (1927), op 'e kampus fan 'e Noardwestlike Universiteit yn Chicago.

De njonkenkampus fan 'e Noardwestlike Universiteit yn Chicago leit yn 'e wyk Streeterville. Dêr binne de medyske fakulteit (Feinberg Skoalle foar Genêskunde) en it byhearrende akademysk sikehûs (Northwestern Memorial Hospital) fêstige, krekt as de rjochtefakulteit (Pritzker Skoalle foar de Rjochten), de parttime-opliedings yn sakemanagement en de Skoalle foar Beropsmjittige Stúdzjes, dy't kolleezjes yn it wykein fersoarget foar wurkjende folwoeksenen. Mei't de ûnderskate opliedings stikje by bytsje stifte waarden, wiene se oarspronklik ferspraat oer gebouwen yn 'e hiele binnenstêd fan Chicago. Yn 1920 waard lykwols foar $1,5 miljoen in stik grûn fan 3,44 ha oankocht op 'e hoeke fan Chicago Avenue en Lake Shore Drive. Dêr waard fan 1923 ôf in nije kampus boud nei in ûntwerp fan James Gamble Rogers. De kampus waard yn juny 1927 yn gebrûk nommen.

Yn 'e hjerst fan 2008 iepene de Noardwestlike Universiteit in satellytkampus yn Education City, yn 'e Katareeske haadstêd Doha, dêr't ek fiif oare Amerikaanske universiteiten in njonkenfêstiging hiene (de Carnegie Mellon Universiteit, de Cornell Universiteit, de Universiteit fan Georgetown, de Texas A&M Universiteit en de Firginiaanske Mienebêstuniversiteit). Fierders ûnderhâldt de Noardwestlike Universiteit ek stúdzjeprogramma's en fasiliteiten yn Miami, Washington, D.C. en, sûnt 2016, yn San Francisco.

Ryan Field, in stadion foar Amerikaansk fuotbal, mei 49.000 sitplakken op 'e kampus yn Evanston.

Fan 'e studinten oan 'e Noardwestlike Universiteit bestie yn 'e hjerst fan 2016 16,8% út bûtenlanners en 83,2% út Amerikanen. As men de bûtenlânske studinten fierders bûten beskôging lit en de Amerikaanske studinten as 100% nimt, dan wie de etnyske ferdieling fan 'e studinten oan 'e Noardwestlike Universiteit yn 2016 sa: 55,6% blanken, 16,2% Aziaten, 10,0% Latino's, 5,8% Afro-Amerikanen, 0,07% Yndianen, 0,07% Polyneezjers, Melaneezjers en Mikroneezjers, 3,8% fan mingd etnysk komôf en 8,5% ûnbekend.

De Noardwestlike Universiteit telt ûnder syn 225.000 âld-studinten 2 winners fan in Nobelpriis (ekonoom George J. Stigler en skriuwer Saul Bellow), 38 winners fan in Pulitzerpriis, 65 leden fan 'e Amerikaanske Akademy fan 'e Keunsten en Wittenskippen (AAAS) en 2 leden fan it Amerikaansk Heechgerjochtshôf (John Paul Stevens en Arthur Joseph Goldberg). Oare bekende âld-studinten binne: politisy George McGovern, Adlai Stevenson II en Rahm Emanuel, boargemaster fan Chicago Harold L. Washington, de Yndiaanske foaroanman Carlos Montezuma, presintator Jerry Springer, akteurs Ann-Margret, Warren Beatty, William Daniels, Zooey Deschanel, Marge Helgenberger, Charlton Heston, Robert Loggia, Shelley Long, Julia Louis-Dreyfus, Meghan Markle, Garry Marshall, Patricia Neal (ek bekend as de frou fan skriuwer Roald Dahl), Jerry Orbach, Jeri Ryan, David Schwimmer en Kimberly Williams-Paisley, sjoernalisten Alina Cho en Vinita Nair, skriuwer George R.R. Martin en rapper Pharrell Williams.


De kampus fan 'e Noardwestlike Universiteit yn Evanston.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, Sources en Further reading, op dizze side.