Springe nei ynhâld

Paperback

Ut Wikipedy
Steapels paperbacks.

In paperback ("papierrêch", fan it Ingelske paper, "papier", en back, "rêch") is in boek dat ynbûn is mei lym (ynstee fan naaiwurk of nytsjes) en dat in papierrene kaft hat dy't maklik skansearre reitsje kin. De earste paperbacks ûntstiene likernôch healwei de njoggentjinde iuw, as goedkeape boekjes foar yn 'e bûse (dêrfandinne de Ingelsk oantsjutting pocket, dat "bûse" betsjut). It wiene oer it algemien pulpromantsjes dy't bedoeld wiene om 'e tiid te deadzjen as men mei it spoar ûnderweis wie. Pas yn 1935 begûn men alderhanne literatuer yn it paperback-format út te bringen. Dêrby naam de ferneamde Britske útjouwerij Penguin it foartou, al hie dy it idee oernommen fan it Dútske Albatross Bücher.

Hoewol't paperbacks folle minder duorsum binne as hardcovers, dy't in hurde kaft hawwe, binne se mar marginaal goedkeaper om te produsearjen. Yn 'e boekhannel kostet in hardcover lykwols as gau twa oant twa en in heal kear safolle as in paperback fan deselde titel. Der falt foar útjouwers dus folle mear te fertsjinjen oan in hardcover as oan in paperback.

Wêr't in útjouwer foar kiest, hinget yn 'e regel ôf fan 'e ferwachte ferkeapsifers. As ferwachte wurdt dat in boek in bestseller wurde sil, of alteast bêst ferkeapje sil, dan wurdt it ornaris útbrocht as in hardcover. In healjier oant in jier letter folget dan in twadde edysje yn 'e foarm in trade paperback, dy't itselde formaat as de hardcover hat, en noch in healjier letter in trêde edysje yn 'e foarm fan in mass market paperback, dy't folle lytser fan formaat is, mei tinner papier en in lytser lettertype. Ferwachtet men lykwols net dat in boek it bysûnder goed dwaan sil, dan wurdt it ornaris daliks al as in paperback útbrocht.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.