Springe nei ynhâld

Poughkeepsie (New York)

Ut Wikipedy
Poughkeepsie
Lokaasje Poughkeepsie (read) yn Dutchess County (lofts); rjochts de lokaasje fan Dutchess County yn de Steat New York
Lokaasje Poughkeepsie (read) yn Dutchess County (lofts); rjochts de lokaasje fan Dutchess County yn de Steat New York
Bestjoer
Lân flagge fan de Feriene Steaten Feriene Steaten
steat New York
county Dutchess
Sifers
Ynwennertal 32.736 (2010)
Oerflak 14,81 km² (3,3 km² lân, de rest wetter)
Befolkingsticht. 2.461,4 / km² (2010)
Hichte 50 m
Oar
Stifting 1687 (1799 doarp, 1854 stêd)
Tiidsône UTC-5
Simmertiid UTC-4
Offisjele webside
cityofpoughkeepsie

Poughkeepsie, offisjeel de City of Poughkeepsie, is in stêd yn de Amearikaanske steat New York. De stêd is it bestjoerlik sintrum fan Dutchess County. De stêd Poughkeepsie moat net betize wurde mei de town (plattelânsgemeente) yn Dutchess County mei deselde namme. Poughkeepsie leit oan eastlike kant fan de Hudson healwei tusken New York City en Albany.

De namme stamt út de taal fan de Wappinger en betsjut safolle as "it mei reid dutsen ûnderkommen by it lytse wetter", dat ferwiisde nei in lytse boarne dy't yn de Hudson útkomt súdlik fan de hjoeddeiske binnenstêd fan it plak.

Poughkeepsie hie net te lijen fan de Amearikaanske Unôfhinklikheidskriich en soe fuort nei dy tiid New York's twadde haadstêd wurde.

Nei de oankeap fan it gebiet fan de yndianen setten Nederlanners harren yn de 17e iuw nei wenjen op it plak. It gyng de delsetting goed en yn 1720 waard der in herfoarme tsjerke boud.

Eartiids foarme de ferwurking fan walfisken in wichtige boarne fan ynkommen. Letter droegen de skipfeart, papiermûnen en bierbrouwerijen by oan de ekonomy fan de stêd. Hjoeddedei is IBM in grutte wurkjouwer.

Om't it plak net fier fan New York City leit en de omjouwing fan Poughkeepsie in oantreklik lânskip biedt, lieten rike famyljes lykas de Astors en de Vanderbilts dêr harren bûtenferbliuwen bouwe.

De grutte brêgen Mid-Hudson Bridge en de Walkway over the Hudson (in eardere spoarbrêge) behearskje it stedsbyld.

Lju út Poughkeepsie

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Berne yn Poughkeepsie

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stoarn yn Poughkeepsie

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Poughkeepsie fan Wikimedia Commons.