Rebecca Romijn
Rebecca Romijn | ||
akteur | ||
Rebecca Romijn yn 2019. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Rebecca Alie Romijn | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 6 novimber 1972 | |
berteplak | Berkeley (Kalifornje) | |
etnisiteit | Nederlânsk Ingelsk | |
jierren aktyf | 1991 – 2001 & 2012 (model) 1997 – no (aktrise) | |
prizen | Saturn Award 2000 | |
offisjele webside | ||
Rebecca Romijn op Twitter |
Rebecca Romijn (folút: Rebecca Alie Romijn; Berkeley (Kalifornje), 6 novimber 1972) is in Amerikaansk model en aktrise dy't fierhinne fan etnysk Nederlânsk komôf is. Se is it bekendst wurden as mannekên foar it linzjerymerk Victoria's Secret, as glamourmodel foar it tydskrift Sports Illustrated en as aktrise yn 'e rol fan Mystique yn 'e X-Men-superheldefilms. Fierders wie Romijn û.m. te sjen yn tillefyzjesearjes as Ugly Betty, King & Maxwell en The Librarians. Under har houlik mei akteur John Stamos stie hja bekend as Rebecca Romijn-Stamos.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Romijn waard yn 1972 berne yn Berkeley, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Har heit, Jaap Romijn, is in meubelmakker dy't oarspronklik út it Nederlânske Barneveld komt. Har mem, Elizabeth Kuizenga, is in Amerikaansk dosinte Ingelsk as twadde taal en skriuwster fan skoalboeken, dy't fan mingd Nederlânsk en Ingelsk komôf is. Romijn har âlden kamen mei inoar yn 'e kunde doe't har mem as studinte meidie oan in útwikselingsprogramma, en in jier yn Nederlân trochbrocht. Romijn har pake oan memmekant is Henry Bernard Kuizenga, in presbyteriaansk predikant en heechlearaar teology. Romijn sels is twatalich grutbrocht en sprekt floeiend Nederlânsk.[1]
Yn fraachpetearen hat Romijn oanjûn dat se as bern tige ûnwis fan harsels wie, en op 'e middelbere skoalle oant kop en earen behelle wie yn 'e toanielklub, mei as gefolch dat se beslist net by de 'populêre' learlingen hearde. Boppedat makke se yn dy tiid in groeispurt troch dy't har skolioaze (in ferkromming fan 'e rêchbonke) besoarge, sadat se allegeduerigen pine hie. Neffens in protte boarnen stie Romijn fanwegen har lingte (1.80 m) op skoalle bekend as de 'Fleurige Blonde Reus' (Jolly Blonde Giant), mar se hat opbychte dat se dat ferhaal by wize fan grap sels yn omrin brocht hat. Doe't se yn 1990 en 1991 muzyk studearre oan 'e Universiteit fan Kalifornje, Santa Cruz, krige se in bybaantsje as mannekên, dat útgroeide ta in karriêre. Fan gefolgen briek se úteinlik har stúdzje ôf, wêrnei't se goed twa jier yn Parys wenne.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Romijn sette yn 1991 útein mei har karriêre as model. As mannekên liet se klean en linzjery sjen fan Anna Molinari, Giorgio Armani en Victoria's Secret, yn moadeshows dêr't ek ferneamde modellen as Claudia Schiffer, Kate Moss, Naomi Campbell en Cindy Crawford yn meirûnen. Teffens wurke Romijn mei oan reklamekampanjes fan û.o. Victoria's Secret, bebe en Miller Lite-bier. Fierders posearre se ferskate kearen as bikinymodel foar de jierlikse baaikleanedysje fan it ferneamde Amerikaanske sporttydskrift Sports Illustrated. Romijn stie jierrenlang boppe-yn 'e listen fan meast seksy froulju fan 'e wrâld, bgl. fan 2000 oant 2005 yn dy fan FHM, en fan 2003 oant 2007 yn dy fan Maxim. Fan 1998 oant 2000 presintearre se it tillefyzjeprogramma House of Style.
Yn 2000 hie Romijn har earste grutte rol as aktrise as Mystique yn 'e superheldefilm X-Men. Hja kearde yn 2003 en 2006 yn dyselde rol werom yn 'e ferfolgen X2: X-Men United en X-Men: The Last Stand. Yn 'e fjirde X-Men-film, X-Men: First Class (2011), hie se net mear as in cameoroltsje. As Mystique bestie har kostúm út blauwe make-up dy't op har fierders neakene lichem plamuerd waard, mei op strategyske plakken wat stikken útris. Foar har rol yn 'e earste X-Men-film wûn Romijn in Saturn Award yn 'e kategory bêste froulike byrol. Yn 2002 hie se har earste haadrol yn 'e film Femme Fatale, fan regisseur Brian De Palma. Oare films dêr't se yn meispile, wiene Rollerball (2002), The Punisher (2004), Godsend (2004), The Alibi (2006), The Con Artist (2010), Larry Gaye: Renegade Male Flight Attendant (2015) en Endangered Species (2021).
Har earste tillefyzjerol hie Romijn yn 1997, yn in ôflevering fan 'e komeedzjesearje Friends. Yn 1999 en 2000 hie se in weromkearende rol yn acht ôfleverings fan 'e komeedzjesearje Just Shoot Me!, en yn 2006 fertolke se de titelrol yn 'e trettjin ôfleverings fan 'e rige Pepper Dennis. Fan 2006 oant 2008 spile Romijn it personaazje fan 'e transseksuele Alexis Meade yn 'e soapsearje Ugly Betty. Foar dy rol waard se mei de rest fan 'e cast nominearre foar in Screen Actors Guild Award. Neitiid spile se fan 2009 oant 2010 de rol fan Roxanne Torcoletti yn 'e rige Eastwick, yn 2011 en 2012 spile se Jessie Nichols yn 'e satiryske plysjesearje NTSF:SD:SUV::, en yn 2013 wie se de tsjinspylster fan John Tenney yn 'e detektivesearje King & Maxwell, wêryn't se Michelle Maxwell spile, in earder lid fan 'e Secret Service dy't no as privee-detektive wurket.
Yn 2014 en 2015 spile Romijn de rol fan Eva Baird yn 'e rige The Librarians. Dêrfoar waard se twaris nominearre foar de Saturn Award foar bêste aktrise. Se wie fan 2014 oant 2016 ek presintatrise fan it realitytillefyzjeprogramma Skin Wars. Fan 2018 ôf wie Romijn as stimaktrise belutsen by it DC Animated Movie Universe. Yn dy filmsearje liende se har stim oan Lois Lane, de faam fan Superman. Yn 2019 hie Romijn in weromkearende rol yn trije ôfleverings fan 'e science fiction-tillefyzjesearje Star Trek: Discovery, wêryn't se 'Number One' spile, de earste ofsier fan it romteskip de USS Enterprise. Deselde rol fertolke se yn twa ôfleverings fan 'e rige koarte tillefyzjespecials Star Trek: Short Treks. Romijn kriget yn 'e mande mei Anson Mount en Ethan Peck ien fan 'e haadrollen yn 'e nije Star Trek-searje Star Trek: Strange New Worlds, in spin-offsearje fan Star Trek: Discovery. De opnamen foar it earste seizoen fûnen plak fan febrewaris oant july 2021.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Romijn troude op 19 septimber 1998 mei de Amerikaanske akteur John Stamos. Under dat houlik brûkte se de namme Rebecca Romijn-Stamos, sawol privee as profesjoneel. Yn april 2004 kundigen sy en har man oan dat se útinoar giene, en op 1 maart 2005 waard de skieding útsprutsen, wêrnei't Romijn har famkesnamme wer oannaam.
Nei oanlieding fan har rol yn 'e film Femme Fatale waard Romijn yn april 2002 troch it tydskrift Elle frege oft hja troch dy rol ek nije ideeën oer har eigen seksualiteit krigen hie. Har antwurd wie: "Witst, doe't ik in jier as tweintich wie, frege ik my ôf oft ik ek belangstelling foar froulju hie, dat doe haw ik, no ja... myn húswurk dien. En it die bliken dat ik behoarlik heteroseksueel bin."
Op 19 septimber 2005 makke Romijn har ferloving mei akteur Jerry O'Connell bekend. Hja trouden op 14 july 2007 op harren ranch yn Súdlik Kalifornje. Op 28 desimber 2008 krigen Romijn en O'Connell de twillingdochters Dolly Rebecca Rose en Charlie Tamara Tulip. Dolly waard ferneamd nei countrysjongster Dolly Parton, en Charlie nei O'Connell syn broer.
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Filmografy as aktrise | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
tillefyzje | |||
1997 | Friends | Cheryl | ôfl. The One with the Dirty Girl |
1999 | Hefner: Unauthorized | Kimberly Hefner | tillefyzjefilm |
1999–2000 | Just Shoot Me! | Adrienne Barker | 8 ôfl. |
2000 | Jack & Jill | Paris Everett | ôfl. Starstruck |
2002 | MADtv | n.f.t. | presintatrise; ôfl. #7.14 |
2006 | Pepper Dennis | Pepper Dennis | haadrol; ek ko-produsinte |
2007 | Drawn Together | Charlotte | ôfl. Charlotte's Web of Lies |
2007 | Carpoolers | Joannifer | ôfl. A Divorce to Remember |
2007–2008 | Ugly Betty | Alexis Mead | haadrol |
2009 | Project Runway | n.f.t. | gastsjuerylid; ôfl. We Expect Fashion |
2009–2010 | Eastwick | Roxie Torcoletti | haadrol |
2011 | Chuck | Robin Cunnings | ôfl. Chuck Versus the Curse |
2011 | The Cleveland Show | omropper / ôfstudearde | as stimaktrise; ôfl. Back to Cool |
2011 | Possessing Piper Rose | Joanna Maxwell | tillefyzjefilm |
2011 | Special Agent Oso | Miss Garcia | as stimaktrise; ôfl. Lost and Get Found/A View to the Truth |
2011–2012 | NTSF:SD:SUV:: | Jessie Nichols | haadrol seizoen 1 en 2 |
2013 | Burning Love | Katie | 2 ôfl. |
2013 | King & Maxwell | Michelle Maxwell | haadrol |
2014 | The Pro | Margot | tillefyzjefilm |
2014–2016 | Skin Wars | n.f.t. | presintatrise en sjuerylid |
2014–2018 | The Librarians | Eve Baird | haadrol |
2015 | Adventure Time | de keizerinne | as stimaktrise; 2 ôfl. |
2015 | Key & Peele | seerôverkaptein | ôfl. Y'all Ready for This? |
2015 | RuPaul's Drag Race | n.f.t. | gastsjuerylid; ôfl. Hello, Kitty Girls! |
2016 | Gay for Play Game Show Starring RuPaul | n.f.t. | tillefyzjekwis; ôfl. Featuring Rebecca Romijn |
2017 | Love Locks | Lindsey Wilson | tillefyzjefilm |
2018 | Carter | Cassidy Lenox | ôfl. The Ring |
2019 | Star Trek: Discovery | Number One | 3 ôfl. |
2019 | Star Trek: Short Treks | Number One | 2 ôfl. |
2020 | Curb Your Enthusiasm | Penelope | ôfl. The Surprise Party |
2022–202? | Star Trek: Strange New Worlds | Number One | haadrol |
films | |||
1998 | Dirty Work | dame mei burd | |
1999 | Austin Powers: The Spy Who Shagged Me | harsels | |
2000 | X-Men | Mystique / Raven Darkhölme | |
2002 | Femme Fatale | Laure Ash / Lily Watts | |
2002 | Rollerball | Aurora | |
2002 | Run Ronnie Run | harsels | |
2002 | Simone | Faith | net fermelden op 'e ôftiteling |
2003 | X2 | Mystique / Raven Darkhölme | ek bekend as X2: X-Men United |
2004 | Godsend | Jessie Duncan | |
2004 | The Punisher | Joan | |
2006 | The Alibi | Lola | ek bekend as Lies and Alibis |
2006 | Man About Town | Nina Giamoro | |
2006 | X-Men: The Last Stand | Mystique / Raven Darkhölme | |
2008 | Lake City | Jennifer | |
2010 | The Con Artist | Belinda | |
2011 | X-Men: First Class | Mystique / Raven Darkhölme | cameo; net fermelden op 'e ôftiteling |
2012 | Good Deeds | Heidi | |
2012 | The Producers | Ulla | |
2014 | Phantom Halo | frou Rose | |
2015 | Larry Gaye: Renegade Male Flight Attendant | Sally | |
2018 | The Death of Superman | Lois Lane | as stimaktrise |
2018 | The Swinging Lanterns Stories | Malia | |
2019 | Batman: Hush | Lois Lane | as stimaktrise |
2019 | Reign of the Supermen | Lois Lane | as stimaktrise |
2019 | Satanic Panic | Danica Ross | |
2020 | Justice League Dark: Apokolips War | Lois Lane | as stimaktrise |
2021 | Endangered Species | Lauren Halsey |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Rebecca Romijn op Twitter
- (in) Folsleine filmografy fan Rebecca Romijn yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
- Amerikaansk model
- Amerikaansk telefyzje-akteur
- Amerikaansk filmakteur
- Amerikaansk stimakteur
- Amerikaansk telefyzjepresintator
- Amerikaansk telefyzjeprodusint
- Dielnimmer oan in Amerikaansk realitytelefyzjeprogramma
- Amerikaansk persoan fan Nederlânsk komôf
- Amerikaansk persoan fan Ingelsk komôf
- Persoan berne yn 1972