Reichswehr
De Reichswehr (Frysk: Ryksferdigening) wie fan 1921 oant 1935, yn de tiid fan de Weimarrepublyk en it earste jier fan Nazy-Dútslân, de offisjele namme fan it Dútske leger. Dêrnei is de Reichswehr opgongen yn de nije Wehrmacht.
Oprjochting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doe't de Earste Wrâldkriich yn 1918 ôfrûn wie, gongen de measte Dútske militêren allinnich of yn lytse ploechjes wer nei hûs. De measten sletten harren oan by frijwillige ienheden dy't belutsen wienen by de Novimberrevolúsje en grinskonflikten tusken 1918 en 1923.
De Reichswehr wie troch it Ferdrach fan Versailles fan 1919 beheind ta in grûnleger fan 100.000 man en in marine fan 15.000 man. Swiere wapens, pânsere auto's, ûnderseeboaten, slachskippen en fleantugen mocht hja net ha. De Militêre Ynteralliearde Kontrôlekommisje seach der oant 1927 op ta dat dizze beheinings net skeind waarden.
De nije Weimarrepublyk moast fansels wol in leger ha, dat op 6 maart 1919 waard de Vorläufige Reichswehr (foarriedige ryksferdigening) oprjochte, besteand út de Vorläufige Reichsheer (grûnleger) en de Vorläufige Reichsmarine (marine). De Vorläufige Reichswehr bestie út 43 brigades.
Op 30 septimber 1919 waard it leger reorganisearre en krige it de namme Übergangsheer (oergongsleger). Om't der no ynstee fan 43 brigades noch mar 20 wienen, bleaunen der sa'n 400.000 striidkrêften oer. Yn maaie 1920 waard dit tal fierder werombrocht ta 200.000, en op 1 oktober 1920 waarden de brigades ferfongen troch rezjiminten, wêrtroch't it totaal op 100.000 kaam. Dêrmei waard foldien oan de bepalings fan it Ferdrach fan Versailles. Op 1 jannewaris 1921 waard de Reichswehr offisjeel oprjochte.