Rjochters
Rjochters | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | שופטים ("Šofṭim") | |
auteur | anonimus | |
taal | Hebriuwsk | |
foarm | non-fiksje, proaza | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 7e – 6e iuw f.Kr. | |
bondel | Bibel | |
rige | ||
rige | Alde Testamint | |
● foarich diel | Jozua | |
● folgjend diel | Ruth | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Rjochters | |
publikaasje | 1943, Haarlim | |
útjouwer | Nederlands Bijbelgenootschap | |
oersetter | G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma |
Rjochters, yn it oarspronklike Hebriuwsk: שופטים, Šofṭim (mooglik better bekend ûnder de Nederlânske namme Richteren), is it sânde boek yn sawol de joadske as de kristlike Bibel. Yn 'e joadske Tenach falt it ûnder de Neḇi'im Rišonim (de "Eardere Profeten"); yn it Alde Testamint fan 'e kristlike Bibel falt it ûnder de Skiednis. Rjochters beskriuwt de skiednis fan it iere Israel, doe't dat bestjoerd waard troch de saneamde rjochters. De wearde dy't it boek al of net yn histoarysk opsjoch hat, is noch altiten in striidpunt ûnder bibelwittenskippers, mei't Rjochters fan folle letter datearret as de foarfallen dy't deryn beskreaun steane. It wie lykwols ek net bedoeld as in sekuere skiedsskriuwing, mar as in teologysk traktaat dat oantsjutte moast dat de lieders fan 'e Israeliten op harren trou oan it ferbûn mei God ôfrekkene waarden (krekt as Jozua, 1 en 2 Samuël en 1 en 2 Keningen). De earste folsleine Fryske oersetting fan Rjochters stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1943 útkaam.
Oarsprong
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de tradysje dy't begûn is mei de gearstallers fan 'e Babyloanyske Talmoed (3de-5de iuw f.Kr.) soe Rjochters yn 'e tiid fan 'e deryn beskreaune rjochters optekene wêze, mar dat idee waard yn 'e bibelwittenskip al ier fansiden reage. Men is fan tinken dat it boek eins yn in iere ferzje gearstald is ûnder it regear fan 'e Judeeske kening Josjía, om 625 f.Kr. hinne, en pas nei de ein fan 'e Babyloanyske Ballingskip (538 f.Kr.) syn definitive foarm krigen hat.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Rjochters wurdt de skiednis fan it iere Israel beskreaun, fan 'e ferovering fan it lân troch de Israeliten ôf oan 'e ynstelling fan it keningskip ta. Yn dy snuorje (±1380-±1050 f.Kr.) waard Israel bestjoerd troch in hiele rige godlik ynspirearre rjochters. De ferhalen folgje in fêst stramyn: de Israeliten binne ûntrou oan God en de wetten en foarskriften dy't God harren steld hat, en fan gefolgen wurde se oerlevere yn 'e hannen fan harren fijannen; dêrop krije se berou en smeekje se God om genede, en dan stjoert God harren in foarfjochter (of "rjochter") dy't harren befrijt út 'e macht fan 'e fijân. Dêrop libje se wer yn frijheid en woltier, mar al rillegau ferfalle se wer ta ûntrou en begjint de hiele rûngong wer op 'e nij.
Der wurde yn it boek tolve rjochters neamd: seis "grutte rjochters" en seis "mindere rjochters". Guon bibelwittenskippers hawwe út 'e beskriuwings ôflaat dat de mindere rjochters eigentlike rjochtsprekkers wiene, wylst de grutte rjochters inkeld militêre lieders wiene, dy't har net mei rjochtspraak bemuoiden. De iennichste kears dat fernijd wurdt fan in grutte rjochter dy't rjochtsprekt, giet dat oer Deboara (4:4), dy't dochs al in útsûndering is om't hja de iennichste froulike rjochter is. Men tinkt trouwens dat it gjin tafal is dat it tal fan 'e rjochters gelyk is oan it tal fan 'e stammen fan Israel.
- mindere rjochters
● Sjamgar (Rjo. 3:31)
● Tola (Rjo. 10:1-2)
● Jaïr (Rjo. 10:3-5)
● Ibsan (Rjo. 12:8-10)
● Elon (Rjo. 12:11-12)
● Abdon (Rjo. 12:13-15)
- grutte rjochters
● Otniël (Rjo. 3:7-11), dy't Kûsjan-Risjataïm, de kening fan Aram ferslacht en dêrmei 40 jier frede bringt
● Ehûd (Rjo. 3:12-30), dy't Israel befrijt út 'e macht fan kening Eglon fan Moäb, de Moäbiten ta in fazalfolk fan 'e Israeliten makket en dêrmei 80 jier frede bringt
● Deboara de profetesse (Rjo. 4 en 5), dy't mei har legeroanfierder Barak de Kanaänityske kening Jabin fan Chasor en dy syn legeroanfierder Sisera ferslacht en dêrmei 40 jier frede bringt
● Gideön (Rjo. 6-8), dy't de Midjaniten, de Amalekiten en de "stammen út it easten" (Arabieren?) ferslacht en dêrmei 40 jier frede bringt
● Jefta (Rjo. 11:1-12:7), dy't de Ammoniten ferslacht en dêrmei 6 jier frede bringt
● Simson (Rjo. 13-16), dy't û.m. tûzen Filistinen deaslacht mei de kaakbonke fan in ezel. Letter wurdt er kriichsfinzen makke trochdat de Filistinen syn minneresse Delila twinge him te ferrieden, mar sels nei't se him de eagen útstutsen hawwe, wit er by wat hjoed de dei in selsmoardoanslach neamd wurde soe noch withoefolle fan 'e fijân te deadzjen
In wat frjemde ein yn 't byt is Abimêlek (Rjo. 9). Dat wie gjin rjochter, mar in tiran dy't himsels ta kening makke en syn eigen folk ûnderdrukte oant er by in opstân deadien waard troch in frou dy't him fan in stedsmuorre ôf in mûnestien op 'e plasse smiet. Fierdersoan is der dan noch in út twa dielen besteande epilooch mei ferhalen dêr't gjin rjochter oan te pas komt. Yn it ferhaal dat ornaris bekendstiet as Dan en de Godsbylden fan Micha (Rjo. 17 en 18) wurdt ferteld hoe't de stamme fan Dan syn grûngebiet yn it uterste noarden fan it lân Kanaän ferovere. It ferhaal Gibeä en de Levityske Byfrou ferhellet oer in oarloch tusken de stamme fan Benjamin en de oare Israeliten. Nettsjinsteande de pleatsing oan 'e ein fan it boek Rjochters kin út 'e kontekst fan dizze beide ferhalen opmakke wurde dat se eins frij ier yn it tiidrek fan 'e rjochters thúshearre.
Fryske oersetting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1919 joech dû. Geart Aeilco Wumkes yn syn Ut 'e Heilige Dobbe, û.m. in oersettingsfragmint fan eigen hân fan Rjochters 5:24-31 út. De earste folsleine útjefte fan Rjochters stie yn it Alde Testamint fan Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dêr't dy yn 1943 de earste Fryske bibeloersetting mei foltôgen. Om't sawol teologen as taalkundigen beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan 1966 ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn 1978 útkaam as de Nije Fryske Bibeloersetting (mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel). Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan 1995. De oersetting fan Rjochters waard dêrby dien troch dû. F.D. Dijkstra, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch sawol Ulbe van Houten as Jacobus W. Zantema.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side. |