Südwestpfalz
Landkreis Südwestpfalz | |
---|---|
flagge | wapen |
polityk | |
soarte gebiet | Lânkring |
lân | Dútslân |
bûnslân | Rynlân-Palts |
haadplak | Pirmasens (bestjoerlik sintrum) |
grutste plak | Rodalben |
tal gemeenten | 99 |
kenteken | PS, ZW |
Kreisschlüssel | 07 3 40 |
sifers | |
ynwennertal | 94.912 (2020) |
oerflak | 953,65 km² |
befolkingstichtens | 100 / km² |
oar | |
stifting | 1818 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
koördinaten | 49°13′ N 7°40′ E |
webside | lksuedwestpfalz.de |
De lânkring Südwestpfalz is in distrikt yn it suden fan it Dútske bûnslân Rynlân-Palts. De kringfrije stêd Pirmasens is it bestjoerlik sintrum, dy't hielendal troch de lânkring omfieme wurdt, mar sels gjin ûnderdiel is fan de lânkring. De gemeente mei de measte ynwenners is de stêd Rodalben. De lânkring Südwestpfalz grinzget sawol oan it Saarlân as oan Frankryk.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De lânkring Südwestpfalz is wat lânskip oanbelanget yn twaën te ferdielen. Yn it easten lizze de heuvels fan it Pfälzerwald. Op de sânstiennen rotsen waakse dêr ôfwikseljende wâlden, trochsnien troch deltes mei ferskillende rivierkes. Toerisme is fral oanwêzich yn it Dahner Felsenland, dêr't frijsteande rotsen fan sânstien it lânskip siere. It westen fan de lânkring makket diel út fan de Westricher Heechflakte, en hat fral in iepen, agrarysk lânskip. Hielendal yn it súdwesten fan de lânkring leit Hornbach, dêr't it eardere benediktynske kleaster yn de midsiuwen in wichtich kultuer- en ûntjouwingssintrum fan it Hillige Roomske Ryk wie.
De lânkring grinzget mei de klok mei fan it súdwesten ôf oan Saarpfalz-Kreis (yn it Saarlân), de kringfrije stêdt Zweibrücken en de lânkringen Kaiserslautern en Bad Dürkheim, oan in eksklave fan de kringfrije stêd Landau in der Pfalz en oan de lânkring Südliche Weinstraße (allegear yn Rynlân-Palts). Yn it suden grinzget de lânkring oan Frankryk.
Stêden en gemeenten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ferbânsgemeenten | ||
---|---|---|
|
|
|
1 sit fan de ferbânsgemeente; 2 stêd |
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Lânkring Südwestpfalz fan Wikimedia Commons. |
Rynlân-Palts | ||
---|---|---|
Regierungsbezirke | ||
Landkreise Ahrweiler - Altenkirchen - Alzey-Worms - Bad Dürkheim - Bad Kreuznach - Bernkastel-Wittlich - Birkenfeld - Cochem-Zell - Donnersbergkreis - Eifelkreis Bitburg-Prüm - Germersheim - Kaiserslautern - Kusel - Mainz-Bingen - Mayen-Koblenz - Neuwied - Rhein-Hunsrück-Kreis - Rhein-Lahn-Kreis - Rhein-Pfalz-Kreis - Südliche Weinstraße - Südwestpfalz - Trier-Saarburg - Vulkaneifel - Westerwaldkreis | ||
Kreisfreie Städte Frankenthal - Kaiserslautern - Koblenz - Landau - Ludwigshafen - Mainz - Neustadt (Weinstraße) - Pirmasens - Spiers - Trier - Worms - Zweibrücken | ||
· · |