Sanahin
Sanahin Սանահին | ||
Bestjoer | ||
Lân | Armeenje | |
provinsje | Lori | |
Sifers | ||
Hichte | 1.016 m | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC+4 | |
Koördinaten | 41°5'N 44°39'E | |
Kaart | ||
Sanahin (Armeensk: Սանահին) is in stedsdiel fan 'e Armeenske stêd Alaverdi yn 'e provinsje Lori. Earder wie it in apart doarp. It plak is bekend fanwegen it Sanahin-kleaster dat yn 'e 10e iuw stifte waard en mei it Haghpat-kleaster op 'e wrâlderfgoedlist fan UNESCO stiet.
Ferneamde ynwenners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sanahin wie it berteplak fan de bruorren Anastas en Artjom Mikojan. Artjom wie in ferneamde fleantúchûntwerper en mei-oprjochter fan it Mikojan-Goerevitsj (MiG) ûntwerpburo tegearre mei Michael Goerevitsj. Anastas wie in Sovjetsteatsman en lang sittend lid fan it Politburo, bekend om syn rol yn de Sovjet itensyndustry, de-stalinisaasje en ynternasjonale diplomasy, benammen by de Kubaanske Raketkrisis. [1] Njonken it Sanahin-kleaster, gean in soad besikers ek nei it Bruorren Mikojan Museum, dat yn it wurk holden wurdt troch famyljeleden fan de famylje Mikojan.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sanahin fan Wikimedia Commons. |