Saul Bellow
Saul Bellow (Lachine, 10 juny 1915 - Brooklyn, Massachusetts, 5 april 2005) wie in joadsk-Amerikaansk skriuwer. Syn boeken beskriuwe en ûndersykje de isolaasje en spirituele dissosjaasje fan syn haadpersoanen.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy waard berne yn Lachine, in foarstêd fan Montreal in Kanada, út Russyske âlden. Hy waard grutbrocht yn Chicago en studearre sosjology en antropology. Nei it ôfstudearjen die er ûndersyk oan de universiteit fan Wisconsin en yn de Twadde Wrâldkriich tsjinne er by de keapfardij. Dêrnei hat er sels ek lesjûn oan de universiteiten fan ûnder oaren Minnesota, Princeton, Boston en Chicago.
Bellows earste boek, Dangling Man, waard 1944 útjûn en in tal súksesfolle fiksje- en nonfiksjewurken soenen rillegau folgje. Oft it no om romantyske, finânsjele as oare swierrichheden giet, de gaos dy't in typysk haadpersoan trochmakket laat sûnder mis ta yngeande eksistinsjele fragen, mar ek ta hilaryske en koartswillige sitewaasjes. Bellow referearret yn syn boeken oan de grutte filosofen en tinkers, mar de lêsberens hat der net ûnder te lijen. In goed foarbyld dêrfan is Mr. Sammler’s Planet.
Bellow hat de Nobelpriis foar de Literatuer wûn yn 1976 foar Humboldt's Gift. Yn 1988 ûntfong er de heechste Amerikaanske keunstûnderskieding, de National Medal of Arts.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boeken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Dangling Man (1944)
- The Victim (1947)
- The Adventures of Augie March (1953)
- Seize the Day (1956)
- Henderson the Rain King (1959)
- Herzog (1964)
- Mr. Sammler's Planet (1970)
- Humboldt's Gift (1975)
- The Dean's December (1982)
- To Jerusalem and Back (1976)
- More Die of Heartbreak (1987)
- A Theft (1989)
- The Bellarosa Connection (1989)
- Ravelstein (2000)
Essays
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- It All Adds Up
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Kanadeesk romanskriuwer
- Amerikaansk romanskriuwer
- Kanadeesk koarte-ferhaleskriuwer
- Amerikaansk koarte-ferhaleskriuwer
- Winner fan de Pulitzerpriis foar Fiksje
- Winner fan de Nobelpriis foar de Literatuer
- Ingelsktalich Kebekaansk persoan
- Kanadeesk persoan fan Joadsk komôf
- Kanadeesk persoan fan Russysk-Joadsk komôf
- Amerikaansk persoan fan Kanadeesk komôf
- Amerikaansk persoan fan Joadsk komôf
- Amerikaansk persoan fan Kanadeesk-Joadsk komôf
- Amerikaansk persoan fan Russysk-Joadsk komôf
- Persoan berne yn 1915
- Persoan stoarn yn 2005