Springe nei ynhâld

Strjitte fan Mackinac

Ut Wikipedy
Strjitte fan Mackinac
geografy
type wetter wetteringte
lokaasje midden fan Noard-Amearika
lân Feriene Steaten
steat Michigan
koördinaten 45°48′50″N 84°45′00″W
ûnderdiel fan Michiganmar / Hueronmar
sifers
maks. lingte ±10 km
maks. breedte 8 km
djipste punt 37 m
kaart
Strjitte fan Mackinac (Michigan)
Strjitte fan Mackinac
Lokaasje yn Michigan.

De Strjitte fan Mackinac (Ingelsk: Straits of Mackinac; útspr.: [stɹe:ts əf 'mækɪnɔ:], likernôch: "streets uf mekkinnô") is in wetteringte yn 'e Amerikaanske steat Michigan. Dizze ingte ferbynt twa fan 'e Grutte Marren mei-inoar, te witten de Michiganmar yn it westen en súdwesten en de Hueronmar yn it easten.

De Strjitte fan Mackinac is op it smelste punt 8 km breed, likernôch 10 km lang en 37 m djip. Om't it dêrmei net beskôge wurde kin as in rivier, dy't de iene mar mei de oare ferbynt, foarmje Michiganmar en de Hueronmar hydrologysk sjoen eins ien grut wetterlichem, dat ek wol de Michigan-Hueronmar neamd wurdt, en dêr't de Strjitte fan Mackinac diel fan útmakket.

De Strjitte fan Mackinac skiedt Opper-Michigan (yn it noarden) fan Neder-Michigan (yn it suden). It is in wichtige skipfeartrûte, dy't û.m. de izerminen fan Minnesota mei de stielfabriken yn Indiana ferbynt. Om't de strjitte smel en ûndjip genôch is om ticht te friezen, wurde der by 't winter iisbrekkers fan 'e Amerikaanske Kustwacht ynset om 'e skipfeartrûte iepen te hâlden.

Utsjoch by de Mackinac Brêge lâns dwers oer de Strjitte fan Mackinac.

Yn 'e strjitte lizze ferskate eilantsjes, wêrûnder twa dy't bewenne binne: Mackinac en Bois Blanc, mei dêropta twa dy't ûnbewenne binne: Round Island en St. Helena. Mei in lingte fan 18 km is Bois Blanc fan dy fjouwer fierwei it grutst.

Yn 'e iere koloniale perioade spile de Strjitte fan Mackinac in wichtige rol yn 'e pelshannel yn Noard-Amearika. Oan 'e noardlike igge fan 'e strjitte bouden Frânske jezuïten yn 1671 in missypost foar de pleatslike Yndianen, dat etnyske Odjibwe en Ottawa wiene. Oan 'e súdkant lei it Frânske leger yn 1715 Fort Michilimackinac oan, wêrfan't tsjintwurdich in rekonstruëarre ferzje as museum tsjinstdocht. De eastlike ein fan 'e strjitte waard behearske troch Fort Mackinac, in Britske en letter Amerikaanske fêsting en hannelspost op it eilân Mackinac, dy't yn 1781 stifte waard.

Yn 'e njoggentjinde iuw reizgen de measte kolonisten nei it Amerikaanske Midwesten en de Grutte Flakten troch skip te gean oer de Grutte Marren fia de Strjitte fan Mackinac, oant der út it Easten wei in spoar oanlein waard nei Chicago en dêrwei fierder westoan. Foar't yn 1957 de Mackinac Brêge iepen gie, fûn alle ferkear tusken Opper- en Neder-Michigan plak mei fearboaten. Tsjintwurdich geane de iennichste fearboaten yn 'e strjitte nei de eilannen Mackinac (dêr't auto's net talitten wurde) en nei Bois Blanc (dêr't men gewoan de auto hinne meinimme kin).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.