Syagrius
Syagrius (430 – 486 of 487) wie de lêste Romeinske hearsker oer (in part fan) Galje.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Syagrius folge yn 464 Paulus op as hearsker en urf dêrmei it ryk dat stifte wie troch syn heit Aegidius, en dat út Soissons wei in grut part fan noardlik Galje behearske. Hy stie bekend as de rex romanorum ('kening fan 'e Romeinen'), wat oanjout dat hy nettsjinsteande syn Gallo-Romeinske eftergrûn in wichtige posysje hie lykweardich oan Odoaker en de Fisigoatyske, Boergondyske en Frankyske keningen. Lykas foarhinne by de Romeinen bestie syn leger foar in grut part ut Frankyske hierlingen.
Yn 486 foelen de Frankyske keningen Klovis en Ragnagar it ryk fan Syagrius yn. By Soissons kaam it ta in fjildslach, dy't troch Syagrius ferlern waard. Hy flechte nei de Fisigoatiske kening Alarik II. Mar dy stjoerde him boeid wêrom nei Klovis, dy't Syagrius deameitsje liet.
Dêrmei kaam - tsien jier letter nei it tebeksetten fan de lêste Romeinske keizer fan it westen - in ein oan it Romeinske gesach yn wat letter Frankryk neamd wurde soe en begûn in lange perioade wêryn Germaanske keningen oer Gallo-Romeinske ûnderdanen hearskje soene.
Boarne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Justine Davis Randers-Pehrson - Barbarians and Romans
- Edward James - De Franken