Wetterrôt
wetterrôt | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Arvicola amphibius | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De wetterrôt of wrotrôt (wittenskiplike namme: Arvicola amphibius, foarhinne Arvicola terrestris), is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), de ûnderfamylje fan 'e wrotmûzen (Arvicolinae) en it skaai fan 'e wetterrotten (Arvicola), dy't libbet yn hast hiel Jeropa en grutte dielen fan Aazje. Ek yn Fryslân komt er rûnom foar. Hy wurdt ek wol de noardlike wetterrôt of Jeropeeske wetterrôt (of noardlike wrotrôt of Jeropeeske wrotrôt) neamd om him te ûnderskieden fan nau besibbe soarten. Hoewol't er in "rôt" hjit te wêzen, is de likenis tusken de wetterrôt en echte rotten mar út 'en rûchte. Wetterrotten hawwe in bredere kop, in rûnere snút, in tsjûkere pels, folle lytsere earen en behierre poaten, earen en sturt, wylst dy by echte rotten keal of sa goed as keal binne.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Algemien foarkommen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wetterrôt is lânseigen yn hiel East- en Midden-Jeropa, de Benelúks, eastlik Frankryk, Grut-Brittanje en de Lears fan Itaalje. Hy ûntbrekt yn Jeropa allinnich yn it uterste noarden fan Ruslân, Finlân en Skandinaavje, súdwestlik Noarwegen, de Skotske Heechlannen, op 'e Hebriden, yn hiel Ierlân, westlik Frankryk, op it Ibearysk Skiereilân, op 'e Mediterraanske eilannen en yn kontinintaal Grikelân (útsein it uterste noarden). Bûten Jeropa komt er foar yn it grutste (sintrale en noardeastlike) part fan Lyts-Aazje, de Kaukasus (Armeenje, Georgje, Azerbeidzjan), noardwestlik Iraan, westlik en sintraal Sibearje (mei in útrinner suver oan 'e kust fan 'e See fan Ochotsk ta), noardlik Kazachstan en lytse dielen fan noardwestlik Sina en noardlik Mongoalje.
Foarkommen yn Nederlân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Nederlân komt de wetterrôt oeral frij algemien foar, al lykje der minder waarnimmings dien te wurden yn Twinte, op 'e Feluwe, yn sintraal Noard-Brabân, op 'e Peel en yn Midden-Limburch. Folslein ûntbrekke docht er lykwols allinnich mar op 'e Waadeilannen.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wetterrôt hat trochinoar in kop-romplingte fan 13-20 sm, mei in sturtlingte fan 9-13½ sm en in gewicht fan 100-210 g, mei útsjitters nei hast 300 g. Nei de muskusrôt is de wetterrôt de grutste wrotmûzesoarte fan Nederlân. Eksimplaren fan 'e Britske Eilannen binne yn 'e regel grutter as dy fan it Jeropeeske fêstelân. De mantsjes binne ornaris ek justjes grutter as de wyfkes, mar in soad skeelt it net. Wetterrotten hawwe in tige tichte pels dy't rûch is en glânzget, en yn kleur fariëarje kin fan bêzje oant suver swart, al is er meast readbrunich. Beide geslachten hawwe op 'e fangen lytse keale plakjes dêr't de rookklieren sitte. De bealchkant skaait ljochter út as de rêchside. De sturt, dy't oer de folle lingte begroeid is mei koart, ticht hier, is frij lang foar in wrotmûs, ntl. 55-70% fan 'e kop-romplingte. De eagen en earen binne lyts en kypje mar kwealk út 'e pels wei.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wetterrotten libje oan 'e wetterkant fan beken, rivieren, sleatten, fearten, kanalen en yn mindere mjitte fan puollen en marren, benammen as it dêr rûch begroeid is. De wetterdjipte moat teminsten 20 sm wêze, en de hichte fan 'e wâlen maksimaal 1 m. Sterk wikseljende wetterstannen hâlde se net fan. Nettsjinsteande har namme komme wetterrotten lykwols ek op drûch lân foar, yn ikkers, wyngerds en oar kultuerlân, al bejouwe se har yn 'e regel net grutte einen fan wetter ôf. Yn 'e Alpen komt de wetterrôt foar oant op 2.400 m hichte.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wetterrotten binne fral deis, mar ek wol nachts yn 't spier, mei tuskenskoften fan 3-4 oeren en aktiviteitspiken yn 'e skimerperioaden. Sa't men ferwachtsje meie soe, binne wetterrotten goede swimmers en dûkers. Se peddelje mei de poaten, wêrby't it lichem foar mear as de helte boppe it wetter útstekt (folle mear as by swimmende brune rotten). Swimmend kinne wetterrotten in faasje fan 50 sm/sek. helje, wylst se likernôch 90 tellen efterinoar ûnder wetter bliuwe kinne (en yn dy tiid 7 m swimme kinne). Frette dogge wetterrotten op in protsje sittend, wêrby't se har foer yn 'e foarpoaten beethâlde en nochal wat fergrieme.
It territoarium hat by wetterrotten in langrutsen foarm, mei't it almeast de igge fan in wetterstream folget. Wetterrotten grave betûft en fluch, dêrby sawol gebrûk meitsjend fan 'e foarpoaten as fan har útsteande kjiftosken. Yn wâlen dolle se gongestelsels dy't wol 15 m lang en oant 1 m djip wêze kinne. Se meitsje har nêsten almeast ûndergrûnsk, mar soms ek wol op driuwtillen (driuwende wetterplanten of in fan 'e oere losrekke gersseadde). De wichtichste rôfdieren dêr't de wetterrôt foar oppasse moat, binne de murd, harmeling, Jeropeeske nerts, Amerikaanske nerts, otter, das, foks, hûskat, ferskate soarten ûlen, en sels de ielreager en de snoek. Yn it wyld wurde wetterrotten oer it generaal mar in moanne as 5, mei in maksimum fan 2 jier, wylst se yn finzenskip 3½ jier wurde kinne.
De peartiid begjint by de wetterrôt yn maart/april en duorret oant septimber/oktober. De territoaria fan drachtige wyfkes kinne inoar by hege populaasjetichtheden oerlaapje, wylst de territoaria fan 'e mantsjes dat just inkeld dogge by lege populaasjetichtheden. De mantsjes pearje mei mear as ien wyfke, mar de wyfkes mar mei ien mantsje. De draachtiid duorret likernôch 3 wiken, wêrnei't 2-7 (yn útsûnderlike gefallen oant 11) jongen te wrâld komme. Ornaris smyt in wetterrottewyfke 3 nêsten jiers. De jongen ferlitte nei fjirtjin dagen it nêst en binne nei 2 moanne geslachtsryp. Jonge wyfkes tsjogge soms fuort, mar fêstigje har ek wol yn in diel fan it territoarium fan 'e mem; jonge mantsjes doarmje altiten fuort. Opmerklik is dat mantsjes har dêrby oer it algemien oer lân bewege, wylst wyfkes gebrûk meitsje fan wetterwegen.
Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wetterrôt libbet fierhinne fan plantaardich guod dat er oan 'e wetterkant fynt, lykas reid, gers en sigge, en fierders de stâlen fan hynsteblommen en oare krûden. Dêrnjonken meitsje se soms twigen, fruchten, knoppen en woartels lytsman. Komselden wike se fan har normaal fegetaryske dieet ôf troch fisken, ies, ynsekten, kikkerts, slakken en fûgelaaien te fretten. Sa seagen ûndersikers yn it Súdingelske greefskip Wiltshire hoe't wetterrotten kikkerts fongen, de poaten ("kikkertbillen") opfrieten en de rest lizze lieten. Men spekulearret deroer dat sok hâlden en dragen mei in aaiwyttekoart te krijen hat.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wetterrôt hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn it grutste part fan syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt. Yn beskate dielen fan dat ferspriedingsgebiet, is it mei de soarte lykwols yn it neigean rekke troch in kombinaasje fan ûngaadlike lânboumetoaden en wetterhúshâldingstechniken, en de yntroduksje fan eksoaten as de Amerikaanske nerts (Neovison vison), dy't de wetterrôt ferkringe. Sa wiene der yn Grut-Brittanje yn 2004 noch mar 220.000 wetterrotten oer (fan 'e hast 8 miljoen fan foàr 1960). Dêrfandinne dat de wetterrôt sûnt 2008 yn it Feriene Keninkryk de status fan in beskerme bistesoarte krigen hat. Tsjin 2014 wiene der oanwizings dat de populaasje stadichoan wer wat begûn oan te winnen.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Side oer de wetterrôt op it webstee fan 'e Zoogdiervereniging, mei in link (Voorkomen in Nederland) nei de side fan 'e Nationale Databank Flora en Fauna, dêr't waarnimmings fan 'e wetterrôt yn Nederlân op in kaartsje werjûn binne
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
- Sûchdieresoarte
- Wetterrôt
- Lânseigen fauna yn Abgaazje
- Lânseigen fauna yn Albaanje
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Bosnje
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Denemark
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Estlân
- Lânseigen fauna yn Fatikaanstêd
- Lânseigen fauna yn Finlân
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Fryslân
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Ingelân
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kosovo
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Letlân
- Lânseigen fauna yn Lychtenstein
- Lânseigen fauna yn Litouwen
- Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân)
- Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen fauna yn Moldaavje
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Noarwegen
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn San Marino
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Skotlân
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje
- Lânseigen fauna yn Sweden
- Lânseigen fauna yn Switserlân
- Lânseigen fauna yn Tsjechje
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn Wales
- Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân