What Women Want (film út 2000)
What Women Want | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Nancy Meyers | |
produsint | Susan Cartsonis Bruce Davey Gina Matthews Nancy Meyers Matt Williams | |
senario | Josh Goldsmith Cathy Yuspa Diane Drake | |
kamerarezjy | Dean Cundey | |
muzyk | Alan Silvestri | |
filmstudio | Paramount Pictures Icon Productions Wind Dancer Films | |
distribúsje | Paramount Pictures (Fer. Steaten) Icon Productions (ynternasjonaal) | |
spilers | ||
haadrollen | Mel Gibson Helen Hunt | |
byrollen | Marisa Tomei Alan Alda Ashley Johnson Mark Feuerstein Lauren Holly | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 15 desimber 2000 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | romantyske komeedzje | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 127 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $70 miljoen | |
opbringst | $374,1 miljoen |
What Women Want is in Amerikaanske romantyske komeedzje mei fantasy-eleminten út 2000 ûnder rezjy fan Nancy Meyers. De haadrollen waarden spile troch Mel Gibson en Helen Hunt. De titel betsjut "Wat Froulju Wolle". It ferhaal giet oer in macho reklameman dy't ynienen frouljusprodukten sjen moat te ferkeapjen. Dat is neat foar him. Mar troch in bizar ûngemak, wêrby't er himsels heal elektrokutearret, kriget er it fermogen om 'e gedachten fan froulju te hearren. Dêr wurdt er wol eefkes kjel fan, mar dan begjint er syn nije talint te brûken om der sels better fan te wurden. What Women Want krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes, mar wie yn 'e bioskopen in grut kommersjeel súkses. In omkearde remake mei as titel What Men Want en Taraji P. Henson yn 'e haadrol, kaam út yn 2019.
Plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nick Marshall is in macho keardel dy't yn Chicago in liedingjaande funksje by it reklameburo Sloane Curtis hat. Neffens syn eks-frou Gigi, dy't him oan har freondinnen útleit, is er in seksist mei twa talinten: it ferkeapjen fan produkten oan manlju en it ferlieden fan froulju. Sy wyt syn ûnoanpaste persoanlikheid oan syn mem, dy't in allinnichsteande showgirl yn Las Vegas wie. Hja naam him altyd mei nei har wurk, en Nick groeide sadwaande op yn 'e klaaikeamers tusken de healneaken en folslein neaken dûnseressen. Gigi har houlik mei Nick is fanwegen Nick syn ûntrou en ûnfolwoeksenens al rillegau op in skieding útrûn. Mei de opfieding fan syn no fyftjinjierrige dochter Alex hat er him eins nea bemuoid. Gigi hat har leske goed leard, dat no't se wertrouwe sil, docht se dat mei de betroubere Ted.
By Sloane Curtis sil in nije kreätyf direkteur oansteld wurde. Nick giet derfan út dat hy dat wurdt, om't hy fan alle gadingmakkers al it langste by it reklameburo wurket en in goede steat fan tsjinst hat. Mar hy wurdt foarbyparte. Syn baas, Dan Wanamaker, fertelt him dat Sloane Curtis him mear rjochtsje moat op reklame foar dingen foar froulju en minder op reklame foar manljusprodukten. Nick is de bêste yn syn fak as it giet om it ferkeapjen fan spul oan manlju, mar wat froulju wolle, dêr hat er gjin brea fan hân. Sadwaande hat Wanamaker ien fan bûten ynhierd om 'e nije kreätyf direkteur te wurden, te witten: Darcy Maguire, in frou dy't by konkurrint B.B.D. & O. sjen litten hat dat se oare froulju begrypt. Dat komt foar Nick wol as in hiel ferfelende ferrassing, temear om't er tenei ûnder Darcy wurket. Underwilens komt Nick syn dochter Alex by him te útfanhûzjen salang't har mem en har nije styfheit Ted op houliksreis binne. Nick besiket himsels wat ûnwennich yn 'e funksje fan heit yn te passen, mar Alex lit dúdlik blike dat se dêr gjin priis op stelt en dat se harsels wol rêde kin.
Op har earste dei as kreätyf direktrise dielt Darcy oan 'e reklamemakkers by Sloane Curtis doazen mei in stikmannich frouljusprodukten út. Dy moatte se by wize fan 'húswurk' mei nei hûs nimme om 'e oare deis op 'e lapen te kommen mei ideeën foar in reklamekampanje foar ien of mear fan 'e produkten. Yn 'e doaze blike dingen te sitten lykas lippestift, neillak, in panty, ûnthierringswaaks en baaikralen. Nick giet nei hûs, dêr't er him dy jûns bedrinkt. Yn beskonken steat beslút er de produkten út te testen. Wannear't Alex en har achttjinjierrige frijer Cameron deryn komme, treffe se him mei readlakte neilen yn in panty oan. Alex is freeslik yn ferlegenheid brocht, mar Nick sit mear yn oer it feit dat sy en Cameron trije jier skele. Hy hat sels ek achttjin jier west en kin him noch klear foar de geast helje wêr't it mei jonges fan dy leeftyd om draait. Nei't Cameron opsokkeballe is en Alex har lulk yn har keamer opsletten hat, kriget Nick in ûngemak wêrby't er mei in blazende föhn yn 'e hân útglidet oer in stikmannich oer de flier griemde baaikralen, sadat er yn it bad falt en himsels heal elektrokutearret. Hy kneppelet bewusteleas del.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
De oare moarns komt Nick wer by besleur as syn húshâldster Stella him fynt. Dyselde is frijwat iepenhertich, om net te sizzen brutaal, mar Nick giet derfan út dat se har dei net hat. Pas as er de seksueel yntimidearjende mienings oer himsels heart dy't Flo, de mânske swarte froulike portier fan syn appartemintekompleks, oer him fentilearret sûnder har lippen te bewegen, begjint Nick foar it ferstân te krijen dat er froulju tinken hearre kin. In kuiertocht nei syn wurk befêstiget dy ûnwierskynlike mooglikheid. Hy is raar gesteld, fral as er foar it earst foar it ferstân kriget dat syn froulike kollega's him in aaklike kwal fine. Yn 't earstoan docht er fan alles om wer fan syn nije fermogen ôf te kommen. Hy giet sels mei de föhn yn 'e útstutsen hân by swierwaar op syn balkon stean, yn 'e hope dat alles wer werom by it âlde komme sil as er rekke wurdt troch de wjerljocht. Lang om let giet er, ta wanhoop dreaun, oan by dokter Perkins, de froulike psychiater by wa't er tsien jier earder mei Gigi yn (mislearre) houliksterapy west hat. Nei't er har derfan oertsjûge hat dat er yndie wit wat se tinkt, fiteret sy him oan om syn nije fermogen as in seine te sjen en der safolle mooglik gebrûk fan te meitsjen.
Dat Nick, dy't noch altyd fynt dat de baan fan kreätyf direkteur rjochtens sines is, begjint Darcy telepatysk ôf te harkjen en har ideeën foar syn eigen trochgean te litten. Yn in petear mei Wanamaker seit er bygelyks hieltyd wat Darcy fan in reklamekampanje tinkt foar't sy it sels sizze kin. Wannear't sy har eltse kear by Nick oanslút, begjint Wanamaker him ôf te freegjen oft er net misse set dien hat troch har oan te nimmen, mei't se fan syn eachpunt út neat bydraacht. Om witte te kinnen wat se tinkt, moat Nick lykwols in protte tiid mei Darcy trochbringe, en stadichoan begjint er foar har te fallen.
Nick brûkt syn nije fermogen ek om nei jierren fan ferwaarleazging syn relaasje mei Alex nij libben yn te blazen. Oars as Darcy ken syn dochter him lykwols, en sit se fol wantrouwen oer Nick syn oprjochtens. Wannear't er Darcy fertelt dat Alex mei koarten nei it lêstejiers dûnsfeest fan har skoalle sil, leit sy him út dat it dêrby foar famkes yn it foarste plak draait om 'e jurk dy't se drage. Sadwaande nimt Nick Alex mei om in jurk foar har te keapjen, en dêrtroch begjint se foar it earst wat te ûntteien. Under it oerenlange jurkepassen wurdt Nick lykwols út 'e tinzen fan syn dochter gewaar dat se fan doel is om 'e nacht fan it lêstejiers dûnsfeest te brûken om har ûntfamje te litten troch Cameron. Dat liket him wol nei fleanen, mar hy beseft dat in frontale oanpak har wer tsjin him yn it harnas jeie sil. Dat hy besiket har op omsichtige wize goerie te jaan en oan it ferstân te peuterjen dat Cameron net fan har hâldt, sa't sy mient, mar dat it him inkeld om seks te dwaan is. Syn advizen wurde lykwols troch Alex net wurdearre.
Op syn wurk wurdt de nije, gefoeligere Nick populêr by it froulike personiel. Hy jout goerie oer hoe't se mei manlju omgean moatte, makket grappen ta skea fan manlju (wylst er earder inkeld grappen ta skea fan froulju fertelde) en fernuveret him oer de suïsidale gedachten fan 'e deprimearre administratyf meiwurkster Erin. Dêrnjonken rekket Nick almar mear yn 'e ban fan Darcy. As sportskuonprodusint Nike omsjocht nei in reklameburo foar in nije reklamekampanje, tinget Sloane Curtis dêrfoar mei. Nick stelt Darcy har idee foar de kampanje, mar fielt him dêr al rillegau skuldich oer, fral as hy en Darcy yn in romantyske relaasje behelle reitsje. Dat Darcy der mar wat by sit wylst Nick de wichtige nije klant binnenhellet, is foar Wanamaker reden om Darcy te ûntslaan. As er dat heart, bychtet Nick op dat al syn ideeën fan Darcy stellen wiene. Hy praat op Wanamaker yn oant dy taseit dat er syn beslút weromdraaie sil.
Dyselde deis ferskynt Erin net op har wurk en lit se neat fan har hearre. Bang dat se lang om let de hân oan harsels slein hat, hastiget Nick him by rein en swierwaar nei har appartemint ta. Underweis slacht de wjerljocht yn in heechspanningskeabel yn, krekt op it stuit dat Nick der ûnder troch rint. As er by Erin arrivearret, blykt se har ôfskiedsbrief al skreaun te hawwen, dat hy is krekt op 'e tiid. Hoewol't er merkt dat er har gedachten no net mear hearre kin, oertsjûget Nick har derfan dat se wol deeglik mist wurde soe as se stoar. Hy ûnthjit har boppedat in promoasje ta reklamemakster, in funksje dêr't er har mear as in jier lyn foar ôfwiisd hie sûnder sels mar mei har te praten. Erin akseptearret syn oanbod.
Nei't er by har weigiet, kriget Nick in tillefoantsje fan Gigi, dy't him fertelt dat se opskille is troch in oerstjoere Alex, mar dat de ferbining ferbrutsen rekke foar't se fertelle koe wat deroan wie. Beseffend dat fan 'e jûn de jûn fan it lêstejiers dûnsfeest is, hastiget Nick him nei de skoalle fan syn dochter ta, dêr't er Alex gûlend op it húske oantreft. Se fertelt dat Cameron har dumpt hat fuort nei't se oan him opbychte hie dat se noch net ree is foar seks. Nick treastget har, oertsjûget har derfan dat der wat mis is mei Cameron en net mei har, en nimt har mei nei hûs, dêr't er har op bêd bringt. Neitiid docht er it him einlings en te'n lêsten oan tiid om nei Darcy ta. Hy fertelt har dat er har fan it begjin ôf oan sabotearre hat en dat al 'syn' ideeën fan har stellen wiene. Ek seit er dat er mei Wanamaker praat hat en dat se har baan werom hat. Dêrop seit se dat hy dan ûntslein is. Hy akseptearret dat en sil him ôfjaan, mar dan ropt se him werom, ferjout him en tutet him.
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Nick Marshall | Mel Gibson |
Darcy Maguire | Helen Hunt |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Lola, de kofjeferkeapster | Marisa Tomei |
Dan Wanamaker, Nick syn baas | Alan Alda |
Alex Marshall, Nick syn dochter | Ashley Johnson |
Morgan Farwell, Nick syn kollega en freon | Mark Feuerstein |
Gigi, Nick syn eks-frou | Lauren Holly |
Erin, de suïsidale administratyf meiwurkster | Judy Greer |
Annie, Nick syn sekretaresse | Sarah Paulson |
Cameron, Alex har folle âldere frijer | Eric Balfour |
dokter J.M. Perkins, Nick syn psychiater | Bette Midler |
Stella, de húshâldster fan Nick | Diana-Maria Riva |
Dina, in kollega fan Nick | Lisa Edelstein |
Flo, de portier fan Nick syn appartemintekompleks | Lorette Devine |
Eve, Nick syn assistinte | Delta Burke |
Margo, Nick syn oare assistinte | Valerie Perrine |
Sue Cranston, in kollega fan Nick | Ana Gasteyer |
Jess, de sekretaresse fan Dan Wanamaker | Angela Oh |
de jonge Nick Marshall | Logan Lerman |
Ted, Gigi har brêgeman | Robert Briscoe Evans |
in freondinne fan Alex | Alex McKenna |
Produksje en distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]What Women Want waard regissearre troch Nancy Meyers, dy't earder de remake fan The Parent Trap (1998) makke hie. Hja wurke nei in senario fan Josh Goldsmith, Cathy Yuspa en Diane Drake. As produsinten wiene Meyers sels, Susan Cartsonis, Bruce Davey, Gina Matthews en Matt Williams by it projekt belutsen foar de filmstudio's Paramount Pictures, Icon Productions en Wind Dancer Films. Foar de film wie in budget beskikber fan $70 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Dean Cundey, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Alan Silvestri. De opnamen foar de measte bûtendoarsênes fûnen plak op lokaasje yn Chicago, wylst de binnendoarsênes filme waarden yn 'e studio yn Los Angeles.
Distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De distribúsje fan What Women Want waard yn 'e Feriene Steaten fersoarge troch Paramount Pictures en om utens troch Icon Productions. De film gie op 15 desimber 2000 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre.
Untfangst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 'e filmkritisy krige What Women Want mingde resinsjes. Sa joech Kimberley Jones de film yn The Austin Chronicle in lauwe ûntfangst. Hja priizge haadrolspiler Mel Gibson, mar kwalifisearre de plot, en fral de ein fan 'e film, as in "ferfeelsume, langtrieddige moraliteit". Yn 'e Chicago Sun-Times wie Roger Ebert positiver, hoewol't ek hy tajaan moast dat de film syn minne kanten hie. Hy skreau: "[De film] springt fan 'e iene goede sêne nei de oare oer de gatten hinne dy't foarme wurde troch de saaie sênes dêrtuskenyn." Hy konkludearre dat What Women Want "net saai" wie en "faak hiel grappich". Dêr wie Stephanie Zacharek fan 'e webside Salon.com it net mei iens. Sy skreau: "Hoewol't What Women Want him op froulju rjochtet, docht de film neat oars as froulju út 'e hichte wei behannelje."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat What Women Want in midsmjittich goedkarringspersintaazje fan 54%, basearre op 122 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Hoewol't Gibson syn bêst docht yn syn rol, is [de film] in frijwat formulemjittige, wollige komeedzjeromânse, dy't net te'n folste profitearret fan syn útgongspunt." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet What Women Want in goedkarringspersintaazje fan 47%, basearre op 33 resinsjes.
Resultaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Opbringst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]What Women Want brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $182,8 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $191,3 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $374,1 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $70 miljoen betsjut dat in winst fan $304,1 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Yn 'e Amerikaanske bioskopen ûnderfûn What Women Want benammen konkurrinsje fan 'e krystfilm How the Grinch Stole Christmas en de dramafilm Cast Away, dêr't Helen Hunt ek syn spile.
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mel Gibson waard foar syn rol yn What Women Want yn 2001 by de Golden Globes nominearre foar de priis yn 'e kategory bêste akteur yn in filmmusical of komeedzjefilm. Marisa Tomei (Lola) krige foar har rol yn 'e film in nominaasje foar de Satellite Award foar bêste byrol fan in aktrise, wylst Ashley Johnson (Alex) nominearre waard foar in Young Artist Award. De film sels waard by de Saturn Awards nominearre foar de priis foar bêste fantasyfilm. Komponist Alan Silverstri wûn foar de filmmuzyk by What Women Want in ASCAP Award.
Remakes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In Yndiaaske, Maratysktalige remake fan What Women Want kaam yn 2004 út ûnder de titel Aga Bai Arrecha! In Sineeske remake, dy't bekendstiet ûnder syn ynternasjonale titel What Women Want, waard yn 2011 útbrocht. Yn 2019 kaam in Amerikaanske film út dy't min ofte mear in remake fan What Women Want is, mar dan mei in frou yn 'e haadrol (spile troch Taraji P. Henson), dy't de gedachten fan manlju hearre kin. De film hiet dan ek What Men Want.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
- Amerikaanske romantyske komeedzje
- Amerikaanske fantasyfilm
- Romantyske fantasyfilm
- Fantasykomeedzjefilm
- Ingelsktalige film
- Film fan Icon Productions
- Film fan Paramount Pictures
- Film fan Nancy Meyers
- Film út 2000
- Film oer froulju
- Film oer feminisme
- Film oer telepaty
- Film oer de reklamebrâns
- Film oer heiten en dochters
- Film oer in skoalfeest