Springe nei ynhâld

Wout Weghorst

Ut Wikipedy
Wout Weghorst
Wout Weghorst (2016)
Wout Weghorst (2016)
persoanlike bysûnderheden
namme Wout Weghorst
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 7 augustus 1992
berteplak Borne
klupskiednis
spilet by flagge fan Dútslân TSG Hoffenheim
rêchnûmer 10
posysje Spits
jeugdteams
-2008
-2011
2011-2012
RKSV NEO
DETO
Willem II
profesjonele feriening(s)
seizoen               klup                              wedstr.(goals)
2012-2014
2014-2016
2016-2018
2018-2022
2022
2022-2023
2023
2023-
flagge fan Nederlân FC Emmen
flagge fan Nederlân Heracles Almelo
flagge fan Nederlân AZ
flagge fan Dútslân VfL Wolfsburg
Flagge fan Ingelân, yn Grut-Brittanje Burnley
flagge fan Turkije Beşiktaş
Flagge fan Ingelân, yn Grut-Brittanje Manchester United
flagge fan Dútslân TSG Hoffenheim
62(20)
68(22)
64(35)
118(59)
20(2)
16(8)
17(0)
28(7)
nasjonaal team
2014
2018-
Nederlân -21
Nederlân
1(1)
38(12)

Wout Weghorst (Borne, 7 augustus 1992) is in Nederlânske fuotballer dy 't trochstrings as spits spilet. Sûnt augustus 2023 komt Weghorst op hierbasis út foar TSG Hoffenheim. Weghorst debutearre yn 2018 yn it Nederlânsk fuotbalalvetal.

Ynterlânkarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nederlân Under 21

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Weghorst waard op 3 oktober 2014 selektearre foar Nederlân Under 21 (Jong Oranje), syn earste seleksje foar in fertsjintwurdigjend nasjonaal alvetal.

Nederlânsk alvetal

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Weghorst debutearre op 23 maart 2018 yn it Nederlânsk alvetal, yn ien mei 0–1 ferlearen oefenynterlân thús tsjin Ingelân. Hy kaam nei 88 minuten yn it fjild as ferfanger foar Stefan de Vrij. Hy gie yn de seleksje konkurrearje mei Luuk de Jong om de rol fan pinch-hitter.

EK 2020

Dêrnei waard Weghorst twa jier lang net selektearre foar it Nederlânsk alvetal. Nei in poerbêst seizoen by syn klup VfL Wolfsburg waard hy troch bûnscoach Frank de Boer opnaam yn de foar- en definitive seleksje fan it EK 2020, dat fanwege de coronapandemy in jier letter plakfûn. Op 6 juny 2021 makke hy yn de oanrin nei it EK syn earste doelpunt foar it Nederlânsk alvetal yn de freonskiplike wedstriid tsjin Georgje. Op it EK krige hy yn de earste twa groepswedstriden in basisplak. By de earste fan dizze twa wedstriden, tsjin Oekraïne, wist Weghorst te skoaren. By de tredde groepswedstriid en wedstriid yn de achtste finale krige net Weghorst, mar Donyell Malen de foarkar foar in basisplak.

WK 2022

Op 11 novimber 2022 waard bekend dat Weghorst ta de spilers hearde dy 't troch bûnscoach Louis van Gaal oproppen waarden om diel te nimmen oan it WK 2022 yn Katar. By de twadde groepswedstriid tsjin Ekwador mocht er ynfalle en syn WK-debút meitsje. Yn de kwartfinale tsjin Argentynje waard Weghorst by in 0–2 efterstân nei 78 minuten yn it fjild brocht as ûnderdiel fan it saneamde 'Plan B'. Hy skoarde earst mei de holle út in foarset fan Steven Berghuis en dêrnei djip yn blessueretiid mei de foet út in ynstudearre frije traap. Hjirtroch wist Nederlân op it lêste momint in ferlinging út it fjoer te slepen, hokker úteinlik útdraaide op strafskoppen. Nederlân waard yn de wedstriid útskeakele. Weghorst skoarde yn dizze rige as fjirde nimmer oan Nederlânske kant syn strafskop.

EK 2024

Op sneon 18 novimber pleatste Wout Weghorst har mei it Nederlânsk alvetal foar it EK 2024 dat hâlden wurdt yn Dútslân. Yn dizze kwalifikaasjerige skoarde hy trije kear.

Weghorst kaam yn it fjild foar Memphis Depay yn de groepswedstriid tsjin Poalen. Hy wist yn de 83e minút te skoaren. Dit wie gelyk it winnende doelpunt. It waard 2-1.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: