Springe nei ynhâld

Wytsturtsniehin

Ut Wikipedy
wytsturtsniehin

simmerkleed

winterkleed
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift hineftigen (Galliformes)
famylje fazanteftigen (Phasianidae)
skaai sniehinnen (Lagopus)
soarte
Lagopus leucura
Richardson, 1831
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De wytsturtsniehin (wittenskiplike namme: Lagopus leucura; foarh. Lagopus leucurus) is in fûgel út it skift fan 'e hineftigen (Galliformes), de famylje fan 'e fazanteftigen (Phasianidae), de tûke fan 'e rûchpoathinnen (Tetraonini) en it skaai fan 'e sniehinnen (Lagopus). It is in stânfûgel yn syn hiele ferspriedingsgebiet, dat benammen it suden fan 'e Amerikaanske steat Alaska en de Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia en omkriten beslacht. De wytsturtsniehin is de lytste fan 'e trije sniehinnesoarten. Krekt as de oare beide soarten hat ek de wytsturtsniehin by 't winter in wite skutkleur. De IUCN klassifisearret dizze fûgel as net bedrige.

De wytsturtsniehin waard yn 1831 foar it earst beskreaun troch de Amerikaanske natoerûndersiker John Richardson. Dyselde joech it bist de soartspesifike wittenskiplike namme leucurus, dat in gearstalling is fan 'e Grykske wurden leuko ("wyt") en oura ("sturt").

In wytsturtsniehin.

Yn 't earstoan wie de wytsturtsniehin yn it skaai fan 'e auerhinnen (Tetrao) pleatst, mar doe't de sniehinnen letter harren eigen skaai krigen, waard dizze soarte Lagopus leucurus neamd. Dat kaam troch it misferstân dat de lêste beide letters fan Lagopus in manlike útgong foarmje. Yn it Latyn hie dat ek perfoarst sa west, mar Lagopus is Aldgryksk en betsjut "hazzepoat", ferwizend nei de befearre poaten fan 'e sniehinnen. It lêste diel is sadwaande in latinisearring fan it Grykske πους, pous, dat "poat" betsjut. Dat is in froulik wurd, en it eigenskipswurd dat derop folget, moat dêrom ek froulik wêze, dus waard de namme lang om let feroare yn Lagopus leucura.

Undersyk nei it mitogondriaal DNA fan 'e wytsturtsniehin en syn neiste sibben hat útwiisd dat de wytsturtsniehin yn it skaai fan 'e sniehinnen korrekt pleatst is en dat it de sustersoarte is fan 'e Alpensniehin (Lagopus muta). De relaasje fan dy beide soarten mei it trêde lid fan it skaai, de moerassniehin (Lagopus lagopus) is minder nau, mei't dêr wat mear genetyske ferwidering mei bestiet.

It ferspriedingsgebiet fan 'e wytsturtsniehin beslacht yn Alaska de regio Súdlik Sintraal-Alaska, it Kenaiskiereilân ynbegrepen, mar útsein de omkriten fan 'e Cook Inlet. Teffens komt er foar yn 'e regio Súdeast-Alaska. Yn Kanada libbet de wytsturtsniehin yn 'e hiele provinsje Britsk-Kolumbia, útsein de Keninginne Sjarlotte-eilannen, mar ynklusyf Vancouvereilân. Ek libbet dizze fûgel yn 'e oanbuorjende dielen fan súdwestlik en westlik Alberta, it súdwesten fan 'e Noardwestlike Territoaria en it súdwesten en easten fan 'e Yukon.

Yn 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten is de fersprieding fragmintearre. Der binne twa útrinners dy't mei it gruttere areaal yn Britsk-Kolumbia ferbûn binne: ien yn 'e Cascades fan 'e steat Washington en oarenien yn 'e noardlike Rocky Mountains fan Montana. Fierders binne der isolearre populaasjes yn 'e Rocky Mountains fan súdwestlik Montana, sintraal Idaho, noardwestlik Wyoming, sintraal en súdwestlik Colorado en noardeastlik Nij-Meksiko.

In wytsturtsniehin.

Wytsturthinnen binne troch de minske yntrodusearre op ferskate plakken yn 'e legere 48 steaten. Sa waarden se yn 1967 en 1968 loslitten yn it Wallowaberchtme fan Oregon. Hoewol't dêr yn 'e simmer fan 1969 noch inkelen fan 'e fûgels waarnommen waarden, wie dy yntroduksje om 'e nocht. Yn 'e 1970-er jierren waarden der ek, en mei mear súkses, wytsturtsniehinnen útset yn 'e Sierra Nevada, op 'e grins fan Kalifornje en Nevada, en yn it Uintaberchtme fan Utah. It tinken mank biologen wie dat de wytsturtsniehin fan oarsprong ek yn 'e Sierra Nevada foarkommen hie, mar dat er der yn it iere Pleistoseen útstoarn wie omreden fan klimatologyske feroarings dêr't er him net gau genôch oan oanpasse koe.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wytsturtsniehin hat trochinoar in kop-sturtlingte fan 30–31 sm mei in gewicht fan 330–480 g. Dêrmei is it net allinnich it lytste lid fan it skaai fan 'e sniehinnen (Lagopus), mar ek fan 'e tûke fan 'e rûchpoathinnen (Tetraonini). De wytsturtsniehin is in gnobsk boude fûgel mei rûne wjukeinen, in fjouwerkantige sturt, in lytse swarte snaffel en koarte poaten dy't oant en mei de teannen (mar net op 'e soallen) befearre binne.

It fearrekleed hat by 't simmer op kop, hals, nekke, rêch en boarst in spikkelbûnte grizich brune kleur en is op 'e bealch, poaten, wjukken en sturt wyt. Tsjin 'e hjerst hat it in mear readbrune kleur krigen, dêr't wite fearren al trochhinne begjinne te groeien. It ferfearjen giet by de wytsturtsniehin tige stadich, en pas tsjin it begjin fan 'e winter hat de fûgel in folslein wyt kleed krigen. By 't maityd ferfearret de wytsturtsniehin fannijs om syn simmerkleuren werom te krijen. Beide geslachten hâlde it hiele jier rûn wite wjukken en in wite sturt.

In wytsturthin yn 'e Rocky Mountains fan Alberta.

Yn syn op fine wize griis streke simmerkleed is de wytsturtsniehin maklik te ûnderskieden fan 'e brunere moerassniehin (Lagopus lagopus) en Alpensniehin (Lagopus muta). Hoannen ûnderskiede har by de wytsturtsniehin inkeld fan 'e hinnen troch de healrûne kammen dy't har as in soarte fan wynbrauwen boppe de eagen groeie, en dy't yn 'e peartiid in fel reade kleur oannimme.

De wytsturtsniehin is in berchbewenjende fûgelsoarte, dy't it hiele jier rûn deunby of boppe de beamgrins bliuwt. Hy libbet op iepen grûn en mijt bosken. Ta de biotopen dêr't dit bist foarkomt, hearre mei rotsblokken besiedde berchskeanten, púnskeanten, sniefjilden en strewelleguod dat boppe de beamgrins in sieltôgjend bestean liedt.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wytsturtsniehin fljocht gâns mear as boskbewenjende rûchpoathinnen, mar likegoed jout er de foarkar oan rinnen en draven boppe fleanen. Dêr hat er it frij ek ta, want trochdat er sa heech yn 'e bergen libbet, hat er frijwol gjin natuerlike fijannen dy't op 'e grûn libje. Wol moat er goed oppasse foar de keningsearn (Aquila chrysaetos) en sporadysk foar oare grutte rôffûgels. Wytsturtsniehinnen hâlde har ornaris hielendal stil, mar soms meitsje se súntsjes toetsjende en klokjende lûden.

Wytsturtsniehoannen binne yn 'e regel monogaam en bliuwe ien briedseizoen by harren hin. Om hinnen oan te lûken, stappe de hoannen by de balts pronksk om en sette se in waaiersturt op. Nei de pearing leit de hin in ienfâldich nêst oan yn in ûndjip dobke op 'e grûn yn in gebiet dat sniefrij is, wylst de de hoanne as skyldwacht fungearret. De hurde rotsgrûn wurdt fersêfte mei in tin bêd fan gers en wat fearren. Oan ien kant jout it nêst ornaris tagong ta in flugge ûntsnappingsrûte.

In wytsturtsniehin yn 'e snie.

As it nêst klear is, leit de hin 2–8 aaien, dy't it meastepart fan 'e briedtiid in effen bêzje-eftige kleur behâlde, mar brune plakken ûntjouwe as se hast útkomme sille. It brieden wurdt troch de hin dien en duorret likernôch 23 dagen. De hoanne bliuwt sa lang yn 'e neite fan it nêst omhingjen, mar jout him ôf as de aaien útkommen binne. De piken binne nêstflechters, dy't 6–12 oeren nei't se út it aai kommen binne, it nêst al ferlitte. Yn 't earstoan binne se oerdutsen mei dûns, mar mei 7–10 dagen krije se in echt fearrekleed.

De piken frette earst in skoft ynsekten. Nei't har spiisfertarringsstelsel better ûntwikkele is, geane se oer op it freten fan blommen en blêden. De hin nimt har jongen mei oer foerazjearpaden dêr't in protte proteïnerike planten groeie dy't fan krúsjaal belang binne foar de fierdere ûntjouwing fan 'e piken. De jongen wurde troch de hin aktyf nei sokke planten ta roppen, wat suggerearret dat jonge wytsturtsniehinnen net of minder goed sûnder it tafersjoch fan 'e mem kinne. De jonge fûgels bliuwe de rest fan 'e simmer en de hjerst by de hin. Tsjin it begjin fan 'e winter binne se folwoeksen en geane se har eigen wegen.

Folwoeksen wytsturtsniehinnen binne herbivoare fûgels, dy't in ferskaat oan krûden frette, lykas by 't maityd de stikstofrike blêden fan 'e sniebûterblom (Ranunculus nivalis) en simmerdeis de blommen fan it sulverkrûd (Dryas octopetala) en fan spoarblommen (Cerastium), en ek wylgekatsjes. Hjerstmis en by 't winter besteane wytsturtsniehinnen op in dieet fan sieden, twigen, de nullen fan dinnebeammen en de knoppen fan wylgen en elzen. It winterfretten hat in folle heger selluloazegehalte as it simmerdieet, mar baktearjes yn syn yngewant helpe de wytsturtsniehin om it allegearre doch te fertarren.

De wytsturtsniehin hat ek simmerdeis in skutkleur.

De wytsturtsniehin hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje ridlik stabyl liket te wêzen. Guon dielpopulaasjes fertoane lykwols in wat delgeande trend, dy't foar biologen reden is om goed troch it gat te gnuven.

Der binne 5 (stân fan saken yn 2021) erkende ûndersoarten fan 'e wytsturtsniehin (Lagopus leucura):

  • gewoane wytsturtsniehin (L. l. leucura)
  • heechlânwytsturtsniehin (L. l. altipetens)
  • Mount Rainier-wytsturtsniehin (L. l. rainierensis)
  • rotswytsturtsniehin (L. l. saxatilis)
  • skiereilânwytsturtsniehin (L. l. peninsularis)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.