1916
jier
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Jierren: | 1911 | 1912 | 1913 | 1914 | 1915 | 1916 | 1917 | 1918 | 1919 | 1920 | 1921 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder |
1916 MCMXVI |
Ab urbe condita | 2669 |
Armeenske kalinder | 1365 ԹՎ ՌՅԿԵ |
Etiopyske kalinder | 1908 – 1909 |
Hebriuwske kalinder | 5676 – 5677 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 1971 – 1972 |
- Shaka Samvat | 1838 – 1839 |
- Kali Yuga | 5017 – 5018 |
Iraanske kalinder | 1294 – 1295 |
Islamityske kalinder | 1334 – 1334 |
Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 13 dgn. |
Sineeske kalinder | 4612 – 4613 壬卯 – 癸辰 |
Oergongskalinder foar 1916: | |
1916 is in skrikkeljier dat begjint mei in sneon. (Gregoriaanske kalinder foar 1916.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1910-er jierren.
Foarfallen
bewurkje seksje- 5 jannewaris - Eastenryksk-Hongaarske troepen dogge in ynfal yn it Keninkryk Montenegro.
- 9 jannewaris - Mei de evakuaasje fan 'e lêste Alliëarde troepen fan it Gallipoli-skiereilân wurdt de Gallipoli-kampanje nei acht en in heale moanne beëinige. De fjildtocht is útrûn op in fiasko en in pynlike nederlaach foar de Alliëarden, wylst it beskôge wurdt as de grutste Osmaanske oerwinning fan 'e oarloch.
- 11 jannewaris - Frânske troepen besette it Grykske eilân Korfû, dat nedich is as bestimming foar de evakuaasje fan 'e restanten fan 'e legers fan Servje en Montenegro út Albaanje wei.
- 14 jannewaris - Yn Nederlân brekt by de troch in swiere stoarm feroarsake Wettersneed fan 1916 de Suderseedyk by Marken troch, mei as gefolch dat it Wetterlân derûnder strûpt. Der falle 19 deaden, in grut part fan 'e feesteapel komt om en de materiële skea is ûnbidige grut. Dizze ramp jout de oanset foar de oanlis fan 'e Suderseewurken.
- 17 jannewaris - De rebellen fan 'e Meksikaanske foaroanman Pancho Villa sjitte 16 Amerikaanske lânmjitters dea.
- 22 jannewaris - De stêd Shkodër, yn noardlik Albaanje, wurdt beset troch Eastenryksk-Hongaarske troepen.
- 25 jannewaris - Montenegro kapitulearret foar de Eastenryksk-Hongaarske troepen dy't it lân binnenfallen binne.
- 18 febrewaris - Britske, Frânske, Súdafrikaanske en Belgyske troepen foltôgje de ferovering fan Dútsk-Kameroen.
- 21 febrewaris-18 desimber - Yn 'e slepende Slach by Verdun besykje Dútske troepen troch it Frânske ferset by de stêd Verdun te brekken. Dat mislearret en de rin fan 'e linys bliuwt fierhinne gelyk, hoewol't mear as 300.000 soldaten komme te sneuveljen.
- 3 maart - Britske, Belgyske, Súdafrikaanske en Portegeeske troepen falle Dútsk-East-Afrika binnen.
- 9 maart - Dútslân ferklearret de oarloch oan Portegal, nei't dat lân beslach lein hat op 71 Dútske en Eastenryksk-Hongaarske keapfardijskippen dy't nei it útbrekken fan 'e Earste Wrâldoarloch beskûl socht hawwe yn Portegeeske havens.
- 14 maart - As reäksje op 'e oanfal fan 'e Meksikaanske rebellelieder Pancho Villa op it grinsplak Columbus (Nij-Meksiko) begjint it Amerikaanske Leger in grutskalige militêre yntervinsje yn 'e Meksikaanske Boargeroarloch, dy't de Pancho Villa-ekspedysje neamd wurdt.
- 8 april - Yn Noarwegen wurdt it frouljuskiesrjocht ynfierd.
- 24-29 april - Yn Ierlân brekt de Peaske-opstân út tsjin 'e Britske oerhearsking. De rebûlje wurdt troch it Britske Leger yn bloed smoard. Fan 'e Ierske lieders wurde Patrick Pearse, James Connolly, Tom Clarke, Seán MacDermott, Joseph Plunkett, Éamonn Ceannt en Thomas MacDonagh troch de Britten eksekutearre. Inkeld Éamon de Valera en grevinne Constance Markievicz ûntkomme oan it fjoerpeloton, hy fanwegen syn Amerikaanske nasjonaliteit en sy fanwegen har sekse.
- 29 april - Ein fan it Belis fan Al-Kût: it Britske ekspedysjeleger yn Mesopotaamje, ûnder befel fan generaal Charles Townsend, jout him oer oan 'e Osmanen.
- 30 april - de simmertiid wurdt foar it earst ynfierd, yn Dútslân.
- 5 maaie - Amerikaanske troepen dogge in ynfal yn 'e Dominikaanske Republyk: begjin fan 'e Amerikaanske besetting fan 'e Dominikaanske Republyk (dy't oant 1924 duorje sil).
- 8 maaie - De earste Australyske en Nijseelânske troepen dy't oan it Westfront fjochtsje sille, lânje yn Frankryk.
- 22 maaie - Yn it Feriene Keninkryk wurdt de algemiene tsjinstplicht ynfierd.
- 31 maaie - Yn 'e Slach by Jutlân, op 'e Noardsee foar de Deenske kust, bringt de Dútske marine de Britten in gefoelige nederlaach ta, al feroaret dit neat oan 'e Britske hegemony op see.
- 6 juny - De Alliëarden stelle in blokkade fan Grikelân yn, om it regear fan dat lân te twingen syn pro-Dútske politike koerts te wizigjen.
- 10 juny - It Osmaanske garnizoen fan Mekka jout him oer oan 'e Arabyske opstannelingen fan Hûssein bin Ali, de grutsjaryf fan Mekka. Dyselde ropt de ûnôfhinklikheid út fan it Keninkryk fan de Hidjas, besteande út 'e Hidjas, in gebietsdiel fan it Osmaanske Ryk.
- 1-12 july - Yn 'e Amerikaanske steat Nij-Jersey fine in stikmannich oanfallen fan in haai plak, wêrby't 4 deaden en 1 ferwûne falle.
- 1 july-18 novimber - Yn 'e slepende Slach oan de Somme, de grutste fjildslach oan it Westfront fan 'e Earste Wrâldoarloch, besykje troepen út it Feriene Keninkryk, Austraalje, Bermuda, Britsk-Ynje, Kanada, Nijfûnlân, Nij-Seelân, Súd-Afrika, Súd-Rodeezje en Frankryk troch de Dútske linys te brekken. Dat mislearret en de slach einiget yn in bloedige ympasse dêr't mear as 1,1 miljoen soldaten by sneuvelje.
- 25 july - Oan it Kaukasusfront feroverje Russyske troepen de Osmaanske stêd Erzincan.
- 4 augustus - Under it Ferdrach fan Deensk-West-Ynje ferkeapet Denemark de Deenske Famme-eilannen foar $25 miljoen yn goud oan 'e Feriene Steaten. De eilannegroep wurdt dêrtroch omfoarme ta de Amerikaanske Famme-eilannen. Reden foar de oankeap fan it gebiet is de Amerikaanske soarch oer de fêstiging fan Dútske militêre bases op 'e eilannen nei in mooglike Dútske ynfal yn Denemark.
- 12 augustus - De Dútske rykskânselier Theobald von Bethmann-Hollweg en de Eastenryksk-Hongaarske kânselier Karl von Stürgkh presintearje harren plannen oangeande de takomst fan Poalen. Dat moat in (yn namme) ûnôfhinklik grutfoarstedom wurde.
- 17 augustus - Roemeenje slút yn it djipste geheim in militêr bûnsgenoatskip mei de Alliëarden.
- 27 augustus - Roemeenje ferklearret de oarloch oan Eastenryk-Hongarije. Roemeenske troepen dogge in ynfal fan Transsylvaanje, in ûnderdiel fan it Keninkryk Hongarije.
- 28 augustus - Dútslân ferklearret de oarloch oan Roemeenje.
- 28 augustus - Itaalje ferklearret de oarloch oan Dútslân.
- 1 septimber - Bulgarije ferklearret de oarloch oan Roemeenje.
- 2 septimber - De Dobroedsja, de Roemeenske kuststripe oan 'e Swarte See, wurdt beset troch Dútske, Bulgaarske en Osmaanske troepen.
- 12 septimber-11 desimber - Oan it Balkanfront besykje de Alliëarden mei it Monastiroffinsyf om Bulgarije ta oerjefte te twingen en tagelyk de druk op Roemeenje te ferlichtsjen. Beide doelen mislearje, hoewol't der al wat terreinwinst op 'e Bulgaren boekt wurdt oan it Masedoanyske Front.
- 14-19 septimber - Yn 'e bloedige Slach om Tabora nimme Belgyske troepen ûnder generaal Charles Tombeur Tabora, de haadstêd fan Dútsk-East-Afrika yn.
- 15 septimber - Oan it Westfront sette de Britten, ûnder de Slach oan de Somme, by Flers Courcelet foar it earst tanks yn as oarlochswapen.
- 17 septimber - Op it terrein fan 'e Amsterdamske Iisklub organisearret de sosjalistyske partij SDAP in massale demonstraasje foar algemien kiesrjocht, dêr't 40.000 minsken oan meidogge.
- 9 oktober - Op Kreta rjochtet de Grykske âld-premier Eleftherios Venizelos, dy't mei stilswijende stipe fan 'e Alliëarden iepentlik yn opstân kommen is tsjin 'e pro-Dútske Grykske kening Konstantyn I, in eigen tsjinregear op.
- 16 oktober - Yn Djedda, op it Arabysk Skiereilân, besiket de Britske ofsier T.E. Lawrence ('Lawrence of Arabia') prins Faisal, de soan fan Hûssein bin Ali, de grutsjaryf fan Mekka, dy't tsjin 'e Osmaanske oerhearsking yn opstân kommen is. Nei syn weromkear yn Egypte sil de rie fan Lawrence derfoar soargje dat it Britske oerbefel de Arabyske Opstân stypje sil.
- 19 oktober - Frankryk en it Feriene Keninkryk beslute om it Grykske tsjinregear fan Eleftherios Venizelos te erkennen as it iennichste legitime regear fan Grikelân.
- 21 oktober - By in oanslach yn Wenen wurdt de Eastenrykske kânselier Karl von Stürgkh fermoarde troch de sosjalistyske kranteman Friedrich Adler.
- 23 oktober - Dútske, Bulgaarske en Osmaanske troepen nimme de Roemeenske stêd Constanţa yn.
- 5 novimber - Keizer Willem II fan Dútslân en Frâns Joazef I fan Eastenryk-Hongarije proklamearje it (sabeare) ûnôfhinklike Keninkryk Poalen.
- 21 novimber - Yn 'e Eastenrykske haadstêd Wenen ferstjert yn 'e âlderdom fan 86 jier keizer Frâns Joazef I fan Eastenryk-Hongarije, nei't er 68 jier regearre hat. Hy wurdt opfolge troch syn omkesizzer Karel I.
- 26 novimber - It revolúsjonêre Grykske regear fan premier Eleftherios Venizelos ferklearret de oarloch oan Dútslân.
- 6 desimber - Fal fan Boekarest: Dútske troepen ûnder lieding fan generaal August von Mackensen nimme de Roemeenske haadstêd Boekarest yn.
- 23-27 desimber - Oan it Eastfront lijt it Roemeenske leger in nije nederlaach yn 'e Slach by Râmnicu Sărat. De Roemeenske ferdigening stoart dêrnei yn, sadat de Sintralen it hiele lân ûnder de foet rinne kinne.
- 29 desimber - Yn 'e Russyske haadstêd Petrograd wurdt de yn paleisfermiddens tige ynfloedrike, mar ek tige kontroversjele mystikus Grigorij Raspûtin fermoarde.
- sûnder datum - De Olympyske Spullen yn Berlyn wurde ôfsein fanwegen de oarloch.
Berne
bewurkje seksje- febrewaris
- 21 - Donald Guthrie, Ingelsk teolooch en publisist († 1992)
- maart
- april
- 1 - Pieter Scheen, Nederlânsk keunsthanneler en publisist († 2003)
- 1 - Max Nord, Nederlânsk dichter en sjoernalist († 2008)
- 5 - Gregory Peck, Amerikaansk akteur († 2003)
- 18 - Johannes Tilkema, Frysk politikus († 1992)
- maaie
- 16 - Johannes Allen, Deensk skriuwer († 1973)
- 21 - Tinus Osendarp, Nederlânsk atleet († 2002)
- 30 - Gilles Quispel, Nederlânsk teolooch († 2006)
- 31 - Bert Haanstra, Nederlânsk filmregisseur († 1997)
- juny
- 2 - Leo de Hartogh, Nederlânsk akteur († 2007)
- 7 - Ids de Beer, Frysk fersetsstrider († 1945)
- 7 - Pieter Tjeerdsma, Frysk boargemaster († 2010)
- july
- 1 - Olivia de Havilland, Britsk-Amerikaansk aktrise († 2020)
- 10 - Thijs Terpstra, Frysk ûndernimmer, útjouwer en politikus († 2006)
- augustus
- 11 - Ad Noyons, Nederlânsk akteur († 2000)
- 23 - Myra Ward, Nederlânsk aktrise († 1990)
- 24 - Reimer van Tuinen, Frysk skriuwer († 2006)
- septimber
- 4 - Feyo Schelto Sixma van Heemstra (Homme Eerntsma), Frysk skriuwer en keunsthistoarikus († 1994)
- 14 - Roald Dahl, Welsk skriuwer († 1990)
- oktober
- 26 - Ferry Huber, Nederlânsk politikus († 1994)
- 26 - François Mitterand, presidint fan Frankryk († 1996)
- 27 - Theo Griep, Sealterfrysk skriuwer († 2007)
- novimber
- 1 - Martinus Baaijens, Nederlânsk ûnderwiissaakkundige († 2006)
- 5 - Cornelius Pama, Súd-Afrikaansk heraldikus en genealooch († 1994)
- 24 - Watze Tjebbe Beetstra, Frysk apteker en skied- en nammekundige († 2007)
- desimber
- 6 - Hilda Neihardt, Amerikaansk abbekate en publisiste († 2004)
- 9 - Kirk Douglas, Amerikaansk akteur († 2020)
Ferstoarn
bewurkje seksje- 6 febrewaris - Rubén Darío, Nikaragûaansk dichter, skriuwer en sjoernalist (* 1867)
- 21 febrewaris - Wilco Rengers, Frysk jurist en politikus (* 1835)
- 11 maart - Johan Winkler, Frysk dokter, sjoernalist en taalkundige (* 1840)
- 17 maaie - Gat-yn-'e-Dei (Hole-in-the-Day), opperhaad fan 'e Odjibwe (* 1837)
- 7 april - Jan Bogtstra, Frysk ûndernimmer en politikus (* 1824)
- 21 novimber - keizer Frâns Joazef I fan Eastenryk (* 1830)
- 29 desimber - Grigori Raspûtin, Russysk mystikus (* 1869)
Jierren: | 1911 | 1912 | 1913 | 1914 | 1915 | 1916 | 1917 | 1918 | 1919 | 1920 | 1921 |
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|