27 augustus
datum
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder | ||||||||
20 | 21 | 22 | 23 | 24 | 25 | 26 | 27 augustus | 28 | 29 | 30 | 31 | 1 | 2 | 3 |
<< | Augustus | >> | ||||
mo | ti | wo | to | fr | so | si |
1 | 2 | 3 | 4 | |||
5 | 6 | 7 | 8 | 9 | 10 | 11 |
12 | 13 | 14 | 15 | 16 | 17 | 18 |
19 | 20 | 21 | 22 | 23 | 24 | 25 |
26 | 27 | 28 | 29 | 30 | 31 | |
2024 |
27 augustus is de 239e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder (yn in skrikkeljier de 240e). Der folgje noch 126 dagen oan 'e ein fan it jier ta.
Foarfallen
bewurkje seksje- 479 f.Kr. - Yn 'e Slach by Mycale bringe de Ateners, Spartanen en oare Griken it Perzyske Ryk in ferpletterjende nederlaach ta.
- 1585 - Nei in moannenlang duorjende belegering jout Antwerpen him yn it ramt fan 'e Tachtichjierrige Oarloch oer oan Aleksander Farnese, hartoch fan Parma, de Spaanske lânfâd fan 'e Nederlannen. dyselde forsearret hjirmei in definitive skieding tusken de Noardlike Nederlannen en Súdlike Nederlannen. Nei de fal fan 'e stêd nimme 60.000 fan 'e 100.000 Antwerpsters de wyk nei it noarden.
- 1799 - Under de Twadde Koälysjeoarloch besykje de Britten en de Russen om in leger oan lân te setten yn Noard-Hollân. It plan is om it steedhâlderlik gesach en de âlde Republyk werom te bringen. De lâning mislearret lykwols, al hat Schoorl slim ûnder de striid te lijen.
- 1883 - By de útbarsting fan 'e fulkaan de Krakatau, yn East-Ynje, ûntstiet in tsûnamy wêrby't mear as 36.000 minsken it libben litte.
- 1896 - De Sansibaroarloch tusken it Sultanaat Sânsibar en it Feriene Keninkryk duorret fan 9.02-9.40 oere moarns, en is mei in doer fan 38 minuten de koartste dokumintearre oarloch út 'e skiednis fan 'e wrâld.
- 1991 - Moldaavje ropt de ûnôfhinklikheid út en makket him los fan 'e Sovjet-Uny.
Berne
bewurkje seksje- 1471 - Joaris mei it Burd, hartoch fan Saksen en potestaat fan Fryslân († 1539)
- 1690 - Johan Vegelin fan Claerbergen, Frysk politikus, kartograaf en grytman († 1773)
- 1860 - Carl Anton Larsen, Noarsk walfiskfarder en poalûndersiker († 1924)
- 1877 - Charles Rolls, auto- en loftfeartpionier († 1910)
- 1890 - Man Ray, Amerikaansk keunstner († 1976).
- 1908 - Lyndon B. Johnson, presidint fan 'e Feriene Steaten († 1973)
- 1910 - Mem Teresa, Albaneesk non, hillige en Nobelpriiswinneresse († 1997)
- 1918 - Jelle Zijlstra, premier fan Nederlân († 2001)
- 1920 - Noor van de Wetering, Frysk politika († 2010)
- 1922 - Roelof Kruisinga, Nederlânsk politikus († 2012)
- 1929 - Ira Levin, Amerikaansk skriuwer († 2007)
- 1944 - Jan Bols, Nederlânsk hurdrider
- 1953 - Berend Hoekstra, Nederlânsk politikus
- 1968 - Taylor Wane, Ingelsk pornoaktrise
- 1968 - Lilli Xene, Amerikaansk pornoaktrise
- 1970 - Jake Steed, Amerikaansk pornoakteur
- 1971 - Kyung Lah, Súdkoreaansk-Amerikaansk ferslachjouster en presintatrise
- 1984 - Amanda Fuller, Amerikaansk aktrise
- 1986 - Sarah Chronis, Nederlânsk aktrise
- 1990 - Tori Bowie, Amerikaansk atlete († 2023)
- 1991 - Katya Sambuca, Russysk stripper en neakenmodel
Ferstoarn
bewurkje seksje- 1576 - Loadewyk fan Boisot, Flaamsk ealman en wettergeus (* ±1530)
- 1635 - Lope de Vega, Spaansk dichter en toanielskriuwer (* 1562)
- 1828 - Eise Eisinga, Frysk astronoom (* 1744)
- 1956 - Roelof Hommema, Frysk roeier (* 1904)
- 1965 - Le Corbusier (Charles-Édouard Jeanneret-Gris), Switsersk arsjitekt (* 1887)
- 1975 - keizer Haile Selassie fan Etioopje (* 1892)
- 1990 - Stevie Ray Vaughan, Amerikaansk muzikant en sjonger (* 1954)
- 2006 - Jon Dough, Amerikaansk pornoakteur (* 1962)
- 2010 - Anton Geesink, Nederlânsk judoka en sportbestjoerder (* 1934)
20 | 21 | 22 | 23 | 24 | 25 | 26 | 27 augustus | 28 | 29 | 30 | 31 | 1 | 2 | 3 | ||
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|