Springe nei ynhâld

Papoea Nij-Guineä

Ut Wikipedy
De ferzje fan 8 okt 2011 om 00.43 troch Xqbot (oerlis | bydragen) (r2.7.2) (Bot - derby: ie:Papua Nov-Guinéa)
Independent State of
Papua New Guinea
Flagge fan Papoea Nij-Guineä Wapen fan Papoea Nij-Guineä
Flagge Wapen
Lokaasje fan Papoea Nij-Guineä
Offisjele taal Ingelsk, Hiry Motu, Tok Pisin
Haadstêd Port Moresby
Steatsfoarm Parlemintêre monargy
Ynwenners (2009) 6.057.263
Munt kina (PGK)
Tiidsône UTC +10
Nasjonale feestdei 16 septimber
Lânkoade PNG
Ynternet .pg
Tillefoan 675

Papoea(-)Nij-Guinea is in lân yn Oseaanje dat it eastlike part fan it eilân Nij-Guinea beslaat. De haadstêd is Port Moresby.

Geografy

Lizzing

It lân wurdt begrinzge troch:

Lânskip

Mount Tavurvur op Papoea-Nij-Guinea.

Papoea-Nij-Guinea is foar it grutste part bercheftich, en bedekt mei reinwâld. Allinnich by de kust lâns lizze inkele lytse flakten. It lân leit oan in tektoanyske breukline, ierdskoddings en tsûnamy's komme dan ek frekwint foar.

It grutste part fan it lân bestiet út it eastlike diel fan Nij-Guinea, dêr't ek de haadstêd Port-Moresby op leit, de Bismarck-arsjipel en alderlei eilângroepen yn Melaneezje.

Ek al leit Papoea Nij-Guinea tichteby de evener, der lizze wol berchpiken dêr't geregeldwei snie falt. De heechste berch is Mount Wilhelm op 4.509 meter hichte. It lân wurdt trochsnien troch de rivier de Sepik.

Skiednis

It eilân Nij-Guinea wurdt al mear as 40.000 jier bewenne. Yn de 16e ieu waard it troch Portegeeske seelju ûntdekt en troch de Nederlanners waard it westlike part fan it eilân in Nederlânske koloanje makke. It easten fan it eilân, it tsjintwurdige Papoea Nij-Guinea soe pas op de ein fan de 19e ieu besit wurde fan Dútslân en it Feriene Keninkryk. Begjin 20e ieu waard it hiele eastlike diel Australysk. Yn 1975 waard it selsstannich as Papoea Nij-Guinea.

Demografy

Befolking

Neffens de folkstelling fan 2009 hie Papoea Nij Guinea 6.057.263 ynwenners. It alfabetiseringspersintaazje is 64,6% en de libbensferwachting leit op 64,56 jier.

Etnyske kloften en talen

De befolking bestiet foar it meastepart út Papoeas en Melaneezjers. De wichtige talen dy't sprutsen wurde, binne it Hiry Motu, Tok Pisin en it Ingelsk.

Religy

In man fan de Huly-stam (Tary Heechlannen)

Yn Papoea Nij-Guinea jildt frijheid fan leauwen. Yn 2000 wie 96% fan de befolking kristlik, in protte kristenen hawwe dit leauwen fermong mei âldere tradysjonele eleminten. De katolike tsjerke is de grutste kloft (27% fan de befolking), de Luteranen omfiemje 19,5%, de "United Church" 11,5%, 10% is adventist, 8,6% heart by de pinkstergemeente, 5,2% ta de evangelyske alliânsje, 3,2% is anglikaans , 2% baptist en 8,9% heart by in oare protestantske groepearring.

De grutste net-kristlike godstsjinst is it Bahay (3,3%). Fierders binne oer it lân noch ferspraat foarkommende tradysjonele godstsjinsten, meastentiids Natoerreligys, dy't ûnder oare oan foarâlden ferearjen dogge.