Springe nei ynhâld

Ferdrach fan Versailles

Ut Wikipedy
De ferzje fan 17 apr 2019 om 14.02 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (kt)

It Ferdrach fan Versailles wie it wichtichste fan de fredesferdragen dy't laten ta de ein fan de Earste Wrâldkriich. Mei it ferdrach waard it steat fan kriich tusken Dútslân en de alliearden formeel opheft. It waard ûndertekene yn Versailles op 28 juny 1919. De oare Sintrale Steaten dy't tidens de Earste Wrâldkriich oan Dútske kant stienen – Eastenryk, Bulgarije, Hongarije en Turkije – tekenen allegear in eigen ferdrach.

Fan alle bepalingen yn it ferdrach wie fierwei de wichstichste en meast kontroversjele dat Dútslân de ferantwurdlikens akseptearje moast foar alle feroarsake ferliezen en skea oan kant fan de alliearden tidens de kriich. Dizze bepaling, Artikel 231, waard letter ek wol de 'kriichsskuldklausule' neamd.