1650
Appearance
Iuwen: | 12e | 13e | 14e | 15e | 16e | 17e iuw | 18e | 19e | 20e | 21e | 22e |
Jierren: | 1645 | 1646 | 1647 | 1648 | 1649 | 1650 | 1651 | 1652 | 1653 | 1654 | 1655 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder |
1650 MDCL |
Ab urbe condita | 2403 |
Armeenske kalinder | 1099 ԹՎ ՌՂԹ |
Etiopyske kalinder | 1642 – 1643 |
Hebriuwske kalinder | 5410 – 5411 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 1705 – 1706 |
- Shaka Samvat | 1572 – 1573 |
- Kali Yuga | 4751 – 4752 |
Iraanske kalinder | 1028 – 1029 |
Islamityske kalinder | 1060 – 1060 |
Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 10 dgn. |
Sineeske kalinder | 4346 – 4347 丙丑 – 丁寅 |
1650 is in gewoan jier dat begjint mei in sneon. (Gregoriaanske kalinder foar 1650.)
Foarfallen
- maaie - De Steaten fan Hollân beslute mei 11 tsjin 8 stimmen ta ôftanking fan troepen, wat tige tsjin it sin is fan steedhâlder Willem II fan Oranje-Nassau. De Steaten-Generaal neame de resolúsje fan Hollân yllegaal, en dêrtroch ûntstiet yn 'e Republyk fan de Feriene Nederlannen in politike krisis. De Steaten-Generaal fine definsje in taak fan de Uny, en net fan de ôfsûnderlike gewesten.
- 30 juny - Steedhâlder Willem II fan Oranje-Nassau docht in steatsgreep. Leden fan de Steaten fan Hollân wurde arrestearre; ûnder harren is ek Jacob de Witt.
- 3 augustus - In oanfal mei Steatske troepen ûnder lieding fan 'e Fryske steedhâlder Willem Freark fan Nassau-Dietz op Amsterdam mislearret.
- 17-22 augustus - De finzen nommen Hollânske reginten wurde ien foar ien wer frijlitten.
- 6 novimber - Steedhâlder Willem II fan Oranje-Nassau beswykt oan 'e pokken. Grinslân en Drinte beslute hjirnei en beneam Willem Freark fan Nassau-Dietz ek ta harren steedhâlder. Syn krewearjen om ek troch oare gewesten oannomd te wurden as regint rinne lykwols op neat út. Allinnich yn Oerisel wurdt hy foar twatrêde fan it gewest as sadanich erkend. Dêrmei begjint foar de rest fan 'e Republyk it Earste Steedhâlderleaze Tiidrek.
- 14 novimber - Marije Henriëtte Stuart, de widdo fan steedhâlder Willem II fan Oranje-Nassau kriget in soan, de lettere kening-steedhouder Willem III fan Oranje-Nassau.
- sûnder datum - Begjin fan de bloei fan Hylpen.
- sûnder datum - Oanlis fan de Prinsetún yn de stêd Ljouwert.
- sûnder datum - Bou fan de Waach yn Warkum.
- sûnder datum - Yn 'e Linde by Noardwâlde wurdt in fallaat of slûs oanlein.
- sûnder datum - Blaise Pascal bestudearret de hydrodynamika en draacht by ta de ûntwikkeling fan de differintsjaalrekkening.
Berne
- 14 novimber - Willem III fan Oranje-Nassau, kening fan Ingelân, Skotlân en Ierlân, steedhâlder fan Hollân, Seelân, Utert, Gelderlân, Oerisel, Grinslân en Drinte († 1702)
- 28 novimber - Jan Palfijn, Flaamsk gynekolooch († 1730)
Ferstoarn
- 11 febrewaris - René Descartes, Frânsk wiskundige en filosoof (* 1596)
- 6 novimber - Willem II fan Oranje-Nassau, steedhâlder fan Hollân, Seelân, Utert, Gelderlân, Oerisel, Grinslân en Drinte (* 1626)
Jierren: | 1645 | 1646 | 1647 | 1648 | 1649 | 1650 | 1651 | 1652 | 1653 | 1654 | 1655 |
Iuwen: | 12e | 13e | 14e | 15e | 16e | 17e iuw | 18e | 19e | 20e | 21e | 22e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|